Freeska Landriucht: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Freeska Landriucht.jpg|thumb|Earste side fan it Freeska Landriucht]]
[[Ofbyld:Freeska Landriucht.jpg|thumb|Earste side fan it Freeska Landriucht]]
It '''Freeska Landriucht''' of de '''Alde Druk''' is it earste boek dat yn 'e [[Frysk]]e taal (it [[Aldfrysk]]) ferskynd is. Nei alle gedachten is it printe yn in fraterhûs te [[Berltsum]] om [[1480]] hinne. Der binne njoggen eksimplaren bewarre bleaun fan dit boek. [[Tresoar]] hat der in oantal fan yn syn besit. It '''Freeska Landriucht''' is in samling rjochtsteksten.

Sjoch ek J. Post: In Friese inkunabel uit Keulen

Yn 1994 wie der in filologenkongres yn ljouwert. De spesjalisten yn dy dagen hawwe yn har tarissing de oorkondeboeken net neisjoen. Der is nammentlik in skriuwen van Johan Rengers ten Post (!) der't er oan in fryske lândei freget oft se harren âlde Fryske rjuchten ôfskriuwe wolle en opstjûre nei Godscalc Donia yn Keulen. De Grinzers, seit Ten Post, wolle dy oanbiede oan de gesanten fan de Keizer, omdat de Grinzers bij har âlde rjuchten bliuwe wolle. En, ferfolget de skriuwer, it soe goed wêze as jimme tagelyk mei jim rjuchten kamen, om't jim' safolle âldere stikken hawwe as de stêd Grins.

Blykber sa sein en der gehoar oan joun en opstjûrd nei Godscalc (Godskalk)

Ús man yn Keulen hat earst in lading stikken ûntfongen, en doet de gesanten it ôfwitte lieten, hat er it printsje litten.(de reden meie wij nei gisse.) Doe't it stikhinne klear wie, kam der noch in neigesetsje: Sadwaende sit der in heal side wyt tusken de teksten. Dat wyt wie yn dy dagen gjin wenst. Myn konklúzje is, dat it in "ramshackle" printwurk is, mei rigelbreuken, op in brike pers, by tiden min yn-inkte is en nei falt te tinken, bij nacht makke. Sjoch fierder it boekje hjir boppen.

<br />

== Ynhâld ==
== Ynhâld ==

De ferzje fan 2 mrt 2020 om 09.08

Earste side fan it Freeska Landriucht

It Freeska Landriucht of de Alde Druk is it earste boek dat yn 'e Fryske taal (it Aldfrysk) ferskynd is. Nei alle gedachten is it printe yn in fraterhûs te Berltsum om 1480 hinne. Der binne njoggen eksimplaren bewarre bleaun fan dit boek. Tresoar hat der in oantal fan yn syn besit. It Freeska Landriucht is in samling rjochtsteksten.

Sjoch ek J. Post: In Friese inkunabel uit Keulen

Yn 1994 wie der in filologenkongres yn ljouwert. De spesjalisten yn dy dagen hawwe yn har tarissing de oorkondeboeken net neisjoen. Der is nammentlik in skriuwen van Johan Rengers ten Post (!) der't er oan in fryske lândei freget oft se harren âlde Fryske rjuchten ôfskriuwe wolle en opstjûre nei Godscalc Donia yn Keulen. De Grinzers, seit Ten Post, wolle dy oanbiede oan de gesanten fan de Keizer, omdat de Grinzers bij har âlde rjuchten bliuwe wolle. En, ferfolget de skriuwer, it soe goed wêze as jimme tagelyk mei jim rjuchten kamen, om't jim' safolle âldere stikken hawwe as de stêd Grins.

Blykber sa sein en der gehoar oan joun en opstjûrd nei Godscalc (Godskalk)

Ús man yn Keulen hat earst in lading stikken ûntfongen, en doet de gesanten it ôfwitte lieten, hat er it printsje litten.(de reden meie wij nei gisse.) Doe't it stikhinne klear wie, kam der noch in neigesetsje: Sadwaende sit der in heal side wyt tusken de teksten. Dat wyt wie yn dy dagen gjin wenst. Myn konklúzje is, dat it in "ramshackle" printwurk is, mei rigelbreuken, op in brike pers, by tiden min yn-inkte is en nei falt te tinken, bij nacht makke. Sjoch fierder it boekje hjir boppen.

Ynhâld

Ynhâldsopjefte mei in koarte taljochting. Aldfryske wurden binne skean skreaun:

  1. Prolooch: ynlieding op de ynhâldsopjefte (f 0.1r)
  2. Register: ynhâldsopjefte. N.B.: it fel dêr't de teksten 1. en 2. op stean is mar yn seis fan de njoggen eksimplaren oerlevere (f 0.1v - f 0.2v).
  3. Wat is rjocht?: kategismus oer de fraach wat rjocht no eins is (f 1r - f 6r).
  4. Alde Skeltariucht: rjochtsboek mei Aldwestfryske rjochtsbepalings dy 't de taken fan de skelta (Nederlânsk: 'schout') regelje (f 6r - f 22r).
  5. Sêge fan Karel en Redbad: ferhaal oer hoe't Karel de Grutte de Fryske Kening Redbad ferslacht en hoe't de Friezen fan in Jezusfiguer it rjocht krigen (f 22r - f 23r).
  6. Magnuskeuren: sân foarrjochten dy't Magnus fan Karel de Grutte krige doe't er mei de Friezen Rome befrijde (f 23r - f 25r).
  7. Santjin Kêsten: pan-Fryske rjochtstekst (f 25r - f 31 r).
  8. Prolooch Kêsten en Lânrjochten (f 31r - f 31v).
  9. Fjouwerentweintich Lânrjochten: pan-Fryske rjochtstekst (f 31v - f 40r).
  10. Acht doemen: acht bepalings oangeande fâdij, minderjierrigens, pacht en erfrjocht (f 40v - f 42v).
  11. Seis wenden: gefallen wêryn't net mei in eed frijsward wurde koe (f 42v - f 43r).
  12. Syndrjocht: algemien Aldwestfrysk geastlik rjocht, op guon plakken besibbe oan it Alde Skeltariucht (f 43v - f 47r; cf. f 47r - f 51v).
  13. Jongere Skeltariucht (f 52r - f 61r).
  14. Willekeuren fan de Fiif Dielen: boetebepalings foar de Fiif Dielen fan Westergoa: Barradiel, Frjentsjerteradiel, Hinnaarderadiel, Baarderadiel, Menameradiel (f 61r - f 63v).
  15. Bireknada Bota: Aldwestfryske boetebepalings (f 63v - f 71v).
  16. Ferhanneling oer muntwearden (f 71v - 72v)
  17. Rudolfsboek: rjochtsboek, net-terjochte taskreaun oan keizer Rudolf (fan Swaben?) (f 73r - f 83r).
  18. Merkrjocht: regeling oangeande de kompetinsje fan merkrjochters (f 83v - f 84v).
  19. Swarte swengen: opsomming fan tige slimme fergripen (f 84v - f 85r).
  20. Skaakraaf: opsomming fan soarten berôvings mei de straffen dy't derby hearre (f 85r - f 86r).
  21. Willekeuren fan de Opstalbeam: bepalings foar de yn 1323 fannijs inisjearre Opstalsbeamgearkomste dy't yn prinsipe (mar yn de praktyk net) foar hiel Fryslân gou. It giet hjir om in gearkomste dy't hâlden waard op de tiisdei nei Pinkster by de beam op de 'opstal', in mienskiplike weidgrûn, nei alle gedachten súdwestlik fan Aurich (f 86r - f 87v).
  22. Traktaat fan de sân seelannen: opsomming fan de sân Fryske seelannen (f 87v - f 88r).

De hjirfoer steande ynhâld is dy sa as er yn de "Âlde druk" sels stiet. dy't it lêzen hat, dy sjocht dat de rige der justjes even oars útsjocht. Nei de foarrede en it register folgje der: 1. Rjocht yn it algemien.

1a. De tsien geboadens.

2. Lânrjocht It skoutenfoarstel ( hat nea wet west en foar it earst sprake fan yn 1358)

3. Karel en Radbo.

4. Magnus keuren.

5. De 17 keuren.

6. Foarrede Lânrjochten.

7. De acht domen.

8. De 6 (8) wenden. (yn register, is fansels ek elkenien ûntkaam)

9. De zeendrjochten. Algemien

10. De zeendrjochten. Spesjael

11. De wize fan procedearjen

12. De wilkerren fan de fiif delen.

13. De omrekkene boetes. (!)

14. De soenjilden.

15. Rudolfsboek

16. Merke-rjucht.

17. Upstalles boom

18. De sawn sélannen.

Keppeling om utens