Skelta

Ut Wikipedy

Skelta, (hy dy't skuld hat, d.w.s.: ferplichting ûnthjit) wie oant nei 1200 in amtner fan de greve, de foarrinder fan de grytman. It kin as in synonym fan frana beskôge wurde.

De skelta wie - mear neigeraden de greve seldsumer ferskynt - yn de âlde dielen (lân neamd, letter splitst yn gritenijen) de sintrale figuer. Hy liedt de rjochtsittings, foardert straf en eksekutearret it fûnnis. Hy moat wach west hawwe op militêr en wettersteatsmêd en ek de ôfwêzige greve ferfongen hawwe. As it greeflik gesach yn de 12e iuw minder wurdt en ferdwynt, wurde de dielen opsplitst. Grytmannen trede op (de earste yn 1242) en de skelta ferdwynt. De Fryske jongesnamme Skelte soe in oantinken wêze oan syn bestean.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: