Skiedam: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Wikix (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5: Rigel 5:
lokaasje = LocatieSchiedam |
lokaasje = LocatieSchiedam |
provinsje = [[Súd-Hollân]] |
provinsje = [[Súd-Hollân]] |
boargemaster = [[Wilma Verver-Aartsen]] |
boargemaster = [[Joan Leemhuis-Stout]] |
haadplak = Skiedam |
haadplak = Skiedam |
oerflak = 19,89 |
oerflak = 19,89 |

De ferzje fan 27 aug 2011 om 10.52

Gemeente Skiedam
Flagge fan de gemeente Skiedam        Wapen fan de gemeente Skiedam
(Flagge fan Skiedam) (Wapen fan Skiedam)
Lokaasje fan de gemeente Skiedam
Provinsje Súd-Hollân
Boargemaster Joan Leemhuis-Stout
Haadplak Skiedam
Oerflak
- wetter
19,89 km²
-  1,79 km²
Ynwenners 75.385
Ferkearsieren A20
Netnûmer 010
Postkoades 3100 - 3125
Offisjeel webstee www.schiedam.nl

Skiedam, Nederlânsk: Schiedam, is in stêd en in gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân.

De gemeente leit ynklamme tusken Rotterdam en Flaardingen. It leit oan de Skiedamske Skie en de Nije Maas. Op 31 maaie 2009 wennen der 75.385 minsken yn de gemeente. De stêd is benammen ferneamd om syn jenever, de histoaryske binnenstêd mei de grêften. Ek steane yn Skiedam de heechste wynmûnen fan de wrâld.

Skiednis

Skiedam ûntstie lykas Rotterdam oan de mûning fan in rivier, de Skie. Om 1250 hinne waard de Skie ôfdamd om de polders foar it seewetter te beskermjen. Om de daam hinne ûntstienen hannelsaktiviteiten omdat it guod dat oanfierd waard mei skippen oerladen wurde moast. In lytse doarpke ûntstie sa om de daam hinne.

Yn 1275 krige Skiedam stêdsrjochten fan Aleida van Avesnes, de sus fan Willem II fan Hollân.

Yn 2009 waard de yntocht fan Sinteklaas yn Skiedam hâlden.

Populaasje

Populaasje ûntwukkeling fan Skiedam sûnt 1983[1]:

Wykyndieling

Alde kaart fan Skiedam.

Skiedam bestiet út alve ferskate wenwyken:

  • Bijdoarp
  • 's-Gravelân
  • Grienoard
  • Kethel
  • Nij-Mathenesse
  • Nijlân
  • Skiedam-East
  • Skiedam-West
  • Skiedam-Súd
  • Spalân
  • Wâldhoek

Ek binne der noch twa buorskippen:

  • Tsjerkebuert
  • Wynas

It besjen wurdich

It eardere stêdshûs fan Skiedam.

Museums

  • It Steedlik Museum Skiedam
  • It Jenevermuseum.
  • Museummûne De Nije Palmbeam
  • Nasjonale Koöperaasje Musem Skiedam

Monuminten

  • Eardere stedshûs
  • Grutte of Sint Janstsjerke
  • Seis stellingmûnes
  • De ruïne fan Hús te Riviere
  • Sint Liduina Basilyk
  • De grachten fan Skiedam
  • De eardere Babbersmûne
  • Nôtbeurs
  • Haventsjerke
  • Histoaryske stêdsgesicht

Berne yn Skiedam

Inkele fan de mûnes fan Skiedam, De Frijheid en dêr efter De Noard.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tal ynwenners, wenningen en de trochstringse wenningbesetting, 1983 t/m 200, Gemeente Skiedam