Euro: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 40: Rigel 40:


== Munten ==
== Munten ==
De munt wurd opdield yn 100 sinten per Euro (oanjûn mei in ‘c’). Der binne munten fan 1, 2, 5, 10, 20 en 50 sint. De munten fan de 1 en de 2 sint binne yn in protte lannen al net mear yn omrin. De bankbiljetten bestean út die fan 5, 10, 20, 50, 100, 200 en 500 euro. Alle munten ha in Jeropeeske side wêr in ôfbyld fan Jeropa op stiet. Op de oare side stiet in ôfbyld dy’t per lân ferskillet. freeman loves russell
De munt wurd opdield yn 100 sinten per Euro (oanjûn mei in ‘c’). Der binne munten fan 1, 2, 5, 10, 20 en 50 sint. De munten fan de 1 en de 2 sint binne yn in protte lannen al net mear yn omrin. De bankbiljetten bestean út die fan 5, 10, 20, 50, 100, 200 en 500 euro. Alle munten ha in Jeropeeske side wêr in ôfbyld fan Jeropa op stiet. Op de oare side stiet in ôfbyld dy’t per lân ferskillet.


== Euroteken ==
== Euroteken ==

De ferzje fan 22 feb 2008 om 14.23

Munten en bankbiljetten fan de Eurosône.

De Euro is de muntienheid fan de lannen fan de Jeropeeske Ekonomyske en Monetêre Uny (EMU), ek wol de Eurosône neamd. Nei de Amerikaanske Dollar is de Euro de belangrykste munt fan de wrâld. De munt bestiet al sûnt 1999 as bankjild; op 1 jannewaris 2002 is it as echt betelmiddel yn omrin kaam. De offisjele koade fan de muntienheid is EUR.

Dielnimmers

De Eurosône sûnt 1 jannewaris 2007

De Euro is in wettich betelmiddel yn 13 fan de 25 lannen fan de Jeropeeske Uny. Dizze lannen binne:

Boppedat binne der ek noch seis lannen en gebieten dy’t net by de Jeropeeske Uny hearre, mar wol de Euro as betelmiddel ha. Dit binne:

Fjirder binne der noch fiif oare lannen, en twa monetêre gebieten dy’t harren munt oan de Euro keppele ha.

Yn de takomst sille der noch mear lannen lid wurde fan de EMU:

Sweden hat him der by ferdrach ta ferplichte de Euro ek yn te fieren, mar sûnt in folksstimming op 14 septimber 2003 de ynfiering op dat stuit ôfwiisd hat, is it lân der net mear aktyf mei dwaande.

De Euro is ek de Munt fan de oerseeske gebieten fan Frankryk, Portegal en Spanje. Om't de munten fan de oerseeske parten fan it Keninkryk fan de Nederlannen keppele wienen oan de Dollar wurdt de Euro dêr oant no ta net brûkt.

Munten

De munt wurd opdield yn 100 sinten per Euro (oanjûn mei in ‘c’). Der binne munten fan 1, 2, 5, 10, 20 en 50 sint. De munten fan de 1 en de 2 sint binne yn in protte lannen al net mear yn omrin. De bankbiljetten bestean út die fan 5, 10, 20, 50, 100, 200 en 500 euro. Alle munten ha in Jeropeeske side wêr in ôfbyld fan Jeropa op stiet. Op de oare side stiet in ôfbyld dy’t per lân ferskillet.

Euroteken

It Euroteken

It Euroteken bestiet út de Grykske letter ‘epsilon’ en is in ferwizing nei de letter ‘E’ dy’t yn in protte talen de earste letter fan Jeropa foarmet. De twa linen moatte de fêstheid fan de munt symbolisearje.

Wikselkoersen

Koers € 1 Muntienheid   Koers € 1 Muntienheid
13,7603 Eastenrykske schilling (ATS) 1936,27 Italiaanske lire (ITL)
40,3399 Belgyske frank (BEF) 40,3399 Luxemburgske frank (LUF)
1,95583 Dútske mark (DEM) 2,20371 Nederlânske gûne (NLG)
166,386 Spaanske peseta (ESP) 200,482 Portegese escudo (PTE)
5,94573 Finske markka (FIM) 340,750 Grykske drachme (GRD)
6,55957 Frânske frank (FRF) 239,640 Sloveenske Tolar (SIT)
0,787564 Ierske pûn (IEP)

Sjoch ek

Keppeling om utens

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Category:Euro