Jeropeeske Ekonomyske en Monetêre Uny
De Jeropeeske Ekonomyske en Monetêre Uny (EMU) is in monetêre uny fan de groep lannen fan de Jeropeeske Uny dy’t de euro as wettich betelmiddel hawwe.
De ekonomyske uny komt ta útdrukking troch de oanwêzichheid fan in mienskiplike merke tusken de lidsteaten fan de Jeropeeske Uny (de earste EU-pylder). De monetêre uny kaam ta stân by it Ferdrach fan Maastricht fan 1992. Mei dit ferdrach waard besletten ta de ynfiering fan in mienskiplike munt. Letter waard besletten dat dy munt de euro hjitte moast.
Alle lannen fan de Jeropeeske Uny, útsein Denemark en it Feriene Keninkryk, hawwe tasein om by de EMU te komme. Op it stuit hawwe sechtsjin lidsteaten dit dien. Net alle lannen fan de EU dogge mei oan de EMU, dêrom hawwe net alle lannen yn de Jeropeeske Uny de euro ynfierd.
Stappen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn juny 1988 befêstige de Jeropeeske Rie de doelstelling foar it meitsje fan de Ekonomyske en Monetêre Uny. Der waard in stappeplan makke om it ynfiere fan de EMU mooglik te meitsje. Der waard besletten dat de EMU yn trije stappen ynfierd wurde moast.
1e stap fan de EMU
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 1e stap waard makke fan 1 july 1990 oant 31 desimber 1994. It bestie út it frije ferkear fan kapitaal tusken de lidsteaten. In ferheging fan de middelen foar it weinimme fan ûngelikens tusken de Jeropeeske regio’s. En ekonomyske konverginsje. Ek waard der soarge foar fierdere gearwurking tusken de ferskate nasjonale sintrale banken.
2e stap fan de EMU
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 2e stap begûn op 1 jannewaris 1994 en duorre oant 31 desimber 1998. Yn dizze stap binne in tal wichtige stappen makke. Sa waard it Jeropeesk Monetêr Ynstitút yn Frankfurt am Main stifte en waard de namme fan de munt (euro) bekend. Yn 1997 waard it Stabiliteit en Groei Ferdrach sletten, wêryn ûnder oare foarskriften stiene om nasjonale begruttingstekoarten yn de hân te hâlden. Op 1 juny 1998 waard de Jeropeeske Sintrale Bank stifte.
3e stap fan de EMU
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 3e stap begûn op 1 jannewaris 1999 en duorret no noch hieltyd troch. De tredde stap bestiet út it ynfieren fan de euro. De earste alve lannen begûnen dêrmei op 1 jannewaris 1999. De Jeropeeske Sintrale Bank naam doe it plak yn fan it Jeropeesk Monetêr Ynstitút. De Sintrale Bank waard ferantwurdlik foar it monetêre belied yn it gebiet.
Sûnt 1 jannewaris 1999 wienen de ferskate munten fan de EMU-lannen útdrukkings fan de euro. De perioade hjirfoar waard de rekkenienheid ecu brûkt. It wienen gjin selsstannige munten mear. Op de falutamerken waard allinnich noch hannele yn euro’s en dus net mear mei de nasjonale muntienheden. Eins betellen de minsken tusken 1 jannewaris 1999 en 1 jannewaris 2002 al mei euro’s, omdat de wikselkoers fan de munten doe al keppele wie oan de euro. Ien euro wie 2,20371 Nederlânske gûne wurdich.
Sûnt 1 jannewaris 2002 is begûn mei it ferfange fan de nasjonale munten en bankbiljetten foar de munten en bankbiljetten fan de EMU.
Foar de tredde stap moat elts lân fan de Jeropeeske Uny oan fiif konverginsjekriteariums foldwaan. De fiif punten binne priisstabiliteit, rinte, begruttingstekoarten, oerheidsskuld en wikselkoersstabiliteit.
Dielnimmende lannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it stuit binne der 19 lannen dy’t mei dogge mei de EMU. Op 1 jannewaris 1999 is de EMU ynfierd mei de ynfiering fan de euro yn alve lannen: Belgje, Dútslân, Eastenryk, Finlân, Frankryk, Ierlân, Itaalje, Lúksemboarch, Nederlân, Portegal en Spanje.
Letter binne dêr noch oare lannen by kaam:
- 1 jannewaris 2001: Grikelân
- 1 jannewaris 2007: Sloveenje
- 1 jannewaris 2008: Syprus en Malta
- 1 jannewaris 2009: Slowakije
- 1 jannewaris 2011: Estlân
- 1 jannewaris 2014: Letlân
- 1 jannewaris 2015: Litouwen
Jeropeeske Sintrale Bank
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Jeropeeske Sintrale Bank.
Der is foar de EMU in Jeropeeske Sintrale Bank yn Frankfurt am Main. Presidint fan de bank wie fan maaie 1998 oant novimber 2003 de Nederlanner, fan Frysk komôf, Wim Duisenberg. Fisepresidint wie Christian Noyer. Yn novimber 2003 waard Jean-Claude Trichet de nije presidint fan de Jeropeeske Sintrale Bank. Op 14 april 2002 waard de presidint de Grykske sintrale bank, Lucas Papademos, keazen as nije fisepresidint fan de bank. Papademos hat oankundige yn te stopjen mei syn wurk foar de Jeropeeske Sintrale Bank, de Dútser Michael Guntermann sil him opfolgje.