Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
→‎Wikiwurdboek: nije seksje
Rigel 615: Rigel 615:
== Wikiwurdboek ==
== Wikiwurdboek ==


Goeie lju, ik haw in freachke. Binne der hjor noch aktive meidoggers dy't ek beheardersstatus op it Fryske Wikiwurdboek hawwe? Sa ja, soenen dy dan ris omsjen kinne nei de siden [[:wikt:angelje]] en [[:wikt:ferearlje]]? Dy binne in dei of wat lyn oanmakke as Ingelsktalige yngongen en moatte dus wiske wurde, of oerset. It earste kin ik net (gjin behearder) en it twadde doar ik net (Frysk te min).<br />
Goeie lju, ik haw in freachke. Binne der hjor noch aktive meidoggers dy't ek beheardersstatus op it Fryske Wikiwurdboek hawwe? Sa ja, soenen dy dan ris omsjen kinne nei de siden [[:wikt:angelje]] en [[:wikt:ferearle]]? Dy binne in dei of wat lyn oanmakke as Ingelsktalige yngongen en moatte dus wiske wurde, of oerset. It earste kin ik net (gjin behearder) en it twadde doar ik net (Frysk te min).<br />
Fierders soe ik it projekt graach wat aktiver sjen, mar dat komt wol wêr as immen it ôm tiid hat. [[Meidogger:Steinbach|Steinbach]] ([[Meidogger oerlis:Steinbach|oerlis]]) 8 mrt 2021, 20.57 (CET)
Fierders soe ik it projekt graach wat aktiver sjen, mar dat komt wol wêr as immen it ôm tiid hat. [[Meidogger:Steinbach|Steinbach]] ([[Meidogger oerlis:Steinbach|oerlis]]) 8 mrt 2021, 20.57 (CET)

De ferzje fan 8 mrt 2021 om 21.57


Oerlisside
Dizze side is bedoeld foar oerlis, fragen en opmerkings oer it Wikipedy-projekt. Wy hawwe ek in gasteboek foar ús gasten en in kommentaarside foar algemiene fragen oer de Wikipedy.

De Mienskipside is der foar meidoggers, en minsken dy't dat wurde wolle.
Wolkom yn de kroech fan de Fryske Wikipedia
Hjir kin men mei elkoar prate oer alles oangeande de Wikipedia, mar ek gewoan babbelje oer oare dingen. Foar ferhite diskusjes kin men it bêste in privee-oerlis sykje fia IRC, privee-email of messengerservices.

Betink foaral rêstich te bliuwen wannear't it der hyt oan ta giet en kom persoanlike oanfallen te foaren; besjoch ek de Wikiketteside. As jo yn in ferhyt debat binne mei ien en jo komme der net út, nim dan kontakt op mei in pear neutrale Wikipedianen om te middeljen.

Welcome, willkommen, bienvenue, etc.
This is the dicussion page (tavern or village pump to some) of the Frisian Wikipedia. Feel free to ask any questions you would like to ask. Please do not use bad language here, if you are in a heated debate with someone please go to IRC, use private mail, or resort to chat.
De Fryske Wikipedy hat op it stuit
53.522 siden 1.151.087 bewurkings 49.359 registrearre brûkers 85 warbere meidoggers 8 behearders


Op syk nei Fryske wurden

Wat sisto yn it Frysk foar 'workshop' (wurkkolleezje/stúdzjedei) en 'seminar'? Ik hie al wol sjoen dat in seminarie / seminarium (NL) in seminaarje / seminarium is, en op in universiteit in seminary, mar 'seminar' bin ik noch net tsjinkommen. Ek foar 'workshop' hie ik noch gjin Frysk wurd fûn. Servien (oerlis) 3 des 2019, 21.50 (CET)[beäntwurdzje]

Soksoarte nije lienwurden út it Ingelsk litte we ek yn it Frysk (krekt as yn it Nederlânsk) gewoan yn it Ingelsk stean. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 des 2019, 21.58 (CET)[beäntwurdzje]

Doarpstabellen en kaartsjes

Goeiejûn, Ik bin in skoft net echt aktief west en woe eins wol wer wat oppakke. Ik fyn it altiten wol moai at siden oer lyksoartige ûnderwerpen wat deselde opmaak hawwe en deselde ynformaasje hawwe. Ik haw eartiids foar de plakken yn Fryslân de Ynfoboks Plak makke dy't noch wol op in protte plakken brûkt wurdt(sjoch Dolsterhuzen). Letter hat Swarte Kees de Doarpstabel makke, ik tink om plak te hawwen foar flaggen/wapens (sjoch Ie). Dêrby is doe wol ynformaasje fan in hiel soart plakken ferlern gean, lykas de eardere gritenijen en stimhawwende pleatsen... Dêr hie ik doedetiid wol aardich wurk fan hawn om dat bymekoar te sykjen.

In oare saak is de kaartjes fan de measte plakken yn Fryslân wêr't ik kaartjes fan makke haw mei de lokaasje fan de himrik fan de doarpen yn de gemeente (sjoch de eardere foarbylden fan de berjochten). Dizze kaartsjes binne net mear echt by de tiid omdat ik tink 75% fan de plakken no yn in gruttere gemeente leit. Fierder seach ik dat hjirboppe ynformaasje stiet oer Mapframe dat in ynteraktive keppeling mei OSM makket. Wy kinne no kaartsjes yntegrearre dy't keppele binne oan objekten yn OSM bygelyks in doarpsgrins (sjoch de test op myn meidogger side Mitselwier).

Nei oanleiding fan dit alles woe ik eins:

  • Ynformaasje yn Doarpstabel en Plak byinoar foegje sa dat dit wer kompleet is. En at der gjin ynformaasje is dit automatysk oerslaan.
  • Yn plak fan dy kaartsjes dy't ik 12 jier ferlyn makke haw no dit ynteraktieve kaartsje mei de grins fan it desbetreffende doarp derynsette.

Ik moat noch wol even útsykje hoe at dit krekt moat en dêrom even hjir dit berjocht. At der guon binne mei beswieren as goeie ideeën lit it dan even witte, dan kin ik dêr rekken mei hâlde.

En eltsenien alfêst in noflik 2020. Theun (oerlis) 31 des 2019, 19.17 (CET)[beäntwurdzje]

@Theun: Fannijs wolkom. Ik winskje jo ek lok en seine yn 2020. Drewes (oerlis) 31 des 2019, 19.39 (CET)[beäntwurdzje]
@Theun: En fan my ek folle lok en seine, Theun. Ynhâldlik haw ik neat op jo plannen tsjin, krektoarsom, ik tink dat it goed is dat der wer ris ien nei de gegevens oer de doarpen sjocht. Mar ik haw wol in pear op- en oanmerkings. Ik haw sels in pear jier lyn de side fan Wommels en Dronryp hielendal op 'e nij skreaun en doe haw ik dêr in oare ynfoboks yn set om't ik net mei de besteanden út 'e fuotten koe.
  • Yn it foarste plak fyn ik it estetysk oansjen fan dy beide ynfoboksen dy't jo hjirboppe neame, net sa moai. As jo der dochs mei oan 'e gong geane, soene jo dan ek in ynfoboks meitsje kinne dy't der wat mear útsjocht as Berjocht:Universele ynfoboks stêd?, mar dan mei romte foar doarpsflaggen en -wapens, fansels.
  • Fierders binne der mei jo Ynfoboks Plak beskate problemen dy't ik graach oplost hawwe wolle soe as jo hjir dochs wurk fan meitsje.
  • As jo bgl. op 'e side fan Bakhuzen sjogge, kinne jo sjen dat Ynfoboks Plak dêr boppe-oan de rinnende tekst in oerstallige wytregel ynbringt. Ik haw alris besocht om dêrfan ôf te kommen, mar ik kin it euvel net fine.
  • Ek kinne jo by Bakhuzen sjen dat net ynfolde lemma's yn 'e ynfoboks dochs sichtber binne: efter "Huzen" stiet dan "{{{huzen}}}". Dat soe ik ek graach oars hawwe wolle.
  • Fierders is der yn dy ynfoboks gjin romte om it lân of de provinsje oan te jaan. Ik fyn dat wy der as ensyklopedy fan útgean moatte dat de lêzer 0,0 foarkennis hat, en dat wy him dus noch fertelle moatte dat Bakhuzen yn Nederlân en yn Fryslân leit.
  • Ek soe ik graach lemma's as "hichte", "oerflak" en "befolkingstichtens" der yn hawwe wolle. Dy gegevens sille by de measte Fryske plakken wol net bekend wêze, mar ik fyn dat we se yn elts gefal yn 'e ynfoboks kwytkinne moatte as se beskikber wêze soene.
  • Wat dy ynteraktive kaartsjes oangiet, dat is wol moai om 'e grinzen fan 'e himrik sjen te litten, mar it seit eins neat oer de geografyske posysje fan it plak yn Fryslân. No wit ik tafallich wêr't Mitselwier ûngefear leit, mar bgl. Nijewier, dat ik dêr oan 'e sydkant op itselde kaartsje lizzen sjoch, hie ik gjin idee fan hân wêr't ik dat sykje moast.
(Trouwens, en ik nim oan dat jo dit witte, mar foar it gefal dàt: de ynformaasje dy't jo sizze dat ferlern gien is, dy kin fansels noch altyd weromfûn wurde ûnder it tabblêd "Skiednis sjen litte". Dus dat hoege jo yn elts gefal net op 'e nij út te sykjen.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 jan 2020, 22.17 (CET)[beäntwurdzje]
  • oansjen sa as de ynfoboks stêd. Sil ik as basis brûke
  • lân, provinsje sil ik ek derbysette.
  • ekstra lemma's sil ik tafoegje. En derfoar soargje dat at dy gegevens net beskikber binne dat it dan fuortlitten wurdt.
  • ynteraktieve kaartsjes. Ik nim oan dat jo sjoen hawwe dast it kaartsje oanklikke kinst en dan in grutter kaart krijst wêrop je yn- en útzoome kinne. Om oersjoch te krijen haw ik yn it foarbyld twa nivo's útzoomt. Miskien is dat better?
Ik sil fêst begjinne mei in foarstel Theun (oerlis) 2 jan 2020, 20.45 (CET)[beäntwurdzje]
@Theun: Dat sjocht der al hartstikkene moai út, Theun. En nee, dat fan dy ynteraktive kaartsjes hie ik net sjoen, omkoal dat ik bin. Ik leau wol dat it better is om wat mear oersjoch te hawwen, ja. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jan 2020, 20.47 (CET)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk:Ik haw it kaartsje no yn de Ynfoboks sitten. Wie noch in hiel útgesyk en haw ek leart dat der no ek Modules binne. Ik sil in oare kear wol even fierder mei de details. Hy jout no wol automatysk it gebied (at dat yn as OSM gebiet on it wikidata-item keppele is) en ek de lokaasje fan it sintrum (as de koordinaten oen it wikidata-item keppele is).
Dit selde soene we fansels ek oan de ynfoboks stêd as ynfoboks gebou ek tafoegje kinne. Mar goed sil earst dit fierder ôfmeitsje. Theun (oerlis) 5 jan 2020, 17.29 (CET)[beäntwurdzje]
@Theun: Knap dien. Jo witte hjir mear fan as ik, safolle is dúdlik. As ik myn miening sizze mei (sûnder altefolle te seuren), fyn ik dat it wapen no wol hiel oerhearskjend is. Ik wit net wat jo fine, mar ik soe de hichte fan it wapen leaver gelyk lûke mei de hichte fan 'e flagge, as dat mooglik is. Dan soe it wapen lytser wurde en minder oerhearskjend. En estetysk soe ik it ek moaier fine as it kaartsje fan flagge en wapen skieden waard troch in blau balkje. As we dêr as titel "Lokaasje" op sette, tsjinnet it ek noch in praktysk doel. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 jan 2020, 22.09 (CET)[beäntwurdzje]

Wiki Loves Folklore

Hello Folks,

Wiki Loves Love is back again in 2020 iteration as Wiki Loves Folklore from 1 February, 2020 - 29 February, 2020. Join us to celebrate the local cultural heritage of your region with the theme of folklore in the international photography contest at Wikimedia Commons. Images, videos and audios representing different forms of folk cultures and new forms of heritage that haven’t otherwise been documented so far are welcome submissions in Wiki Loves Folklore. Learn more about the contest at Meta-Wiki and Commons.

Kind regards,
Wiki Loves Folklore International Team
— Tulsi Bhagat (contribs | talk)
sent using MediaWiki message delivery (oerlis) 18 jan 2020, 07.14 (CET)
[beäntwurdzje]

Movement Learning and Leadership Development Project

Hello

The Wikimedia Foundation’s Community Development team is seeking to learn more about the way volunteers learn and develop into the many different roles that exist in the movement. Our goal is to build a movement informed framework that provides shared clarity and outlines accessible pathways on how to grow and develop skills within the movement. To this end, we are looking to speak with you, our community to learn about your journey as a Wikimedia volunteer. Whether you joined yesterday or have been here from the very start, we want to hear about the many ways volunteers join and contribute to our movement.

To learn more about the project, please visit the Meta page. If you are interested in participating in the project, please complete this simple Google form. Although we may not be able to speak to everyone who expresses interest, we encourage you to complete this short form if you are interested in participating!

-- LMiranda (WMF) (talk) 22 jan 2020, 20.01 (CET)[beäntwurdzje]

My tinkt dat we hjir allegearre yn 'e pet lutsen wurde, sjoch bygelyks op m:Talk:Movement Learning and Leadership Development Project. Datselde jildt wat my oanbelanget oars ek foar it plan dat no besprutsen wurdt op m:Requests for comment/Should the Foundation call itself Wikipedia. Wutsje 7 feb 2020, 18.33 (CET)[beäntwurdzje]

Oantal meidoggers

Wol ris aardich om te besjen: dizze side. Wutsje 7 feb 2020, 18.33 (CET)[beäntwurdzje]

Additional interface for edit conflicts on talk pages

Sorry, for writing this text in English. If you could help to translate it, it would be appreciated.

You might know the new interface for edit conflicts (currently a beta feature). Now, Wikimedia Germany is designing an additional interface to solve edit conflicts on talk pages. This interface is shown to you when you write on a discussion page and another person writes a discussion post in the same line and saves it before you do. With this additional editing conflict interface you can adjust the order of the comments and edit your comment. We are inviting everyone to have a look at the planned feature. Let us know what you think on our central feedback page! -- For the Technical Wishes Team: Max Klemm (WMDE) 26 feb 2020, 15.14 (CET)[beäntwurdzje]

Editing news 2020 #1 – Discussion tools

8 apr 2020, 21.24 (CEST)

-uële

Ik sjoch dat op fy:wiki aardich faak de útgong -uële brûkt wurdt (kepp). Klopt dat wol? It FHW brûkt -uele en Dijkstra (1996) skriuwt oer de ë: De kombinaasje ue, dy't yn twa wurdlidden ferdield wurde kin, komt hast net foar. As er foarkomt, dan wurdt der gjin dielteken brûkt: yndividuen. Haw ik in staveringsherfoarming mist? Wutsje 19 mai 2020, 20.39 (CEST)[beäntwurdzje]

@Wutsje: Goeie. Jo hawwe neat mist, uele moat it wêze. Drewes (oerlis) 20 mai 2020, 12.09 (CEST)[beäntwurdzje]
Dan sil ik hjir ynkoarten mar ris oer gear. Wutsje 29 mai 2020, 19.54 (CEST)[beäntwurdzje]
@Wutsje: Ik hie hjir eefkes wat earder reägearje moatten, mar dit is by my lâns gien. No ja, noch gjin man oerboard. Mar ik bin it hjir net alhiel mei iens. Oars as by 'ae', 'ye' en 'uu' dy't yn it Frysk nea as ien klank foarkomme en dus net as 'aë', 'yë' en 'uü' skreaun wurde moatte, komt 'ue' wol as twalûd foar. Jo helje hjirboppe "Dijkstra (1996)" oan; ik nim oan dat jo dêrmei it boekje Stavering fan 'e Afûk bedoele. Ik lês dêr op side 45: "It dielteken (trema) wurdt allinne brûkt, wannear't sûnder dat dielteken útspraakbetizing te ferwachtsjen is en om oan te jaan, dat de twa opienfolgjende lûden, dy't tegearre ek in lang lûd of in twalûd foarmje kinne, net ta itselde wurdlid hearre. [...] Wannear't by frjemde wurden gjin útspraakbetizing te ferwachtsjen is, wurdt it dielteken meast weilitten: reaksje (of: reäksje); realisme (of: reälisme); alinea (of: alineä); kreatyf (of: kreätyf). It dielteken mei net weilitten wurde by: beämte (= amtner), ferlykje: beamte (= beammeguod). It is dêrom oan te rieden om yn gefal fan twivel altyd wol it dielteken te brûken. Dêrmei hoedzje jo josels foar misferstannen en útspraakflaters." Dus koartsein, better dermei ferlegen as derom ferlegen. It liket my dan ek dat de skriuwwize "yndividuën" wat foar hat boppe "yndividuen", en dat "yndividuën" yn elts gefal net fout is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 mai 2020, 23.56 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik lês sokke boarnen altyd mei in taalkundige fariant fan lex specialis derogat legi generali yn 'e holle. Dijkstra set yn paragraaf 9 de algemiene regels oer it dielteken útein en jout dan yn 9.1 o/m 9.2.4 spesjale regels foar (kombinaasjes mei) de ë, wêrûnder dus wat oanbelanget de regel dy't ik hjirboppe neamde, mei as foarbyld no krekt yndividuen. Ik kin my hast net yntinke dat by wurden as rituele of seksuele twifel oer de útspraak mooglik is (lyk sa't dat yn it Hollânsk ek net sa is).
Uteinlik is de fraach fansels: folgje we de boarnen? It foarbyld fan de "vice-presidint" liet al wol sjen, dat soks net altyd wiis is. Ik bin benijd hoe't oaren der oer tinke. Wutsje 30 mai 2020, 01.07 (CEST)[beäntwurdzje]
Tsja, Wutsje, in hiel soad, sanet de measte, fan 'e "uële"-s en "uën"-s yn 'e Wikipedy binne fan myn hân. Ik hie my Dijkstra syn útspraak goed ynprinte dat je yn gefal fan twifel altyd wol in dielteken brûke moatte. Ik bin no wend om dy foarmen te skriuwen. As jo dêrfan by guon of alle it dielteken fuorthelje, sil ik dêr net fuort lulk om wurde of sa, mar ik wit net oft ik wol ree bin om op te hâlden sokke wurden op dy wize te staverjen. "Uële" staverje as "uele" kin ik my noch wol yn fine; ik kin gjin wurden mei it twalûd 'ue' betinke dy't dêr op rime. By "yndividuën" is it oars, want je hawwe ek wurden as "fluen" en "fluensk", dêr't de letterkombinaasje 'uen' as twalûd foarkomt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 mai 2020, 23.13 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik doch fansels neat wêr't net eltsenien it oer iens is. Sjoch fierder de folgjende seksje. Wutsje 31 mai 2020, 01.30 (CEST)[beäntwurdzje]

-aë- en -yë-

Sjoch hjir en hjir. Itselde ferhaal as hjirboppe. Dijkstra (1996) skriuwt: "De ë kin foarkomme yn 'e lûdkombinaasjes: , en ." De kombinaasjes , en foar't safier dy "yn twa wurdlidden ferdield wurde kin[ne]" en net yn eigennammen brûkt wurde binne dus mis. Drewes, Ieneach fan 'e Esk: iens? Wutsje 29 mai 2020, 19.54 (CEST)[beäntwurdzje]

@Wutsje: 'Aë' en 'yë' moatte 'ae' en 'ye' wurde, dat bin ik mei jo iens. Dy beide letterkombinaasjes komme yn it Frysk net foar as twalûd, dus kin der gjin ûnwissichheid oer útspraak ûntstean. Itselde jildt foar 'uü', yn bgl. "fakuüm" (moat "fakuum" wêze), want ek de letterkombinaasje 'uu' komt net as ien klank yn it Frysk foar. Wat 'uë' oanbelanget leit it neffens my oars, mar dat sil ik by de diskusje hjirboppe opskriuwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 mai 2020, 23.43 (CEST)[beäntwurdzje]
As it om it lân giet moat it dus ek Israel weẑe yn stee fan Israël, skriuwt Dijkstra letterlik yn 9.2.3. Dat wurdt noch in moai putsje. Wutsje 30 mai 2020, 01.07 (CEST)[beäntwurdzje]
Achte meidoggers. Wat 'fakuüm' oanbelanget, sjoch Taalweb. Drewes (oerlis) 30 mai 2020, 17.18 (CEST)[beäntwurdzje]
It wurdt der sa net ienfâldiger op: Dijkstra jout yn 9.5.2 no krekt fakuum en perpetuum mobile. "It Nederlânsk staveret de lange ú as uu, it Frysk staveret de lange ú altyd as ú. De stavering uu komt as lang ienlûd yn it Frysk net foar". Hoe dan ek, my giet it hjir no efkes om -aë- en -yë-. Wutsje 30 mai 2020, 17.54 (CEST)[beäntwurdzje]

Yndie, it liket wol in gekkehûs. Oer it lêste: sjoch Ieneach syn kommentaar. Drewes (oerlis) 30 mai 2020, 18.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Oer 'aë' en 'yë' binne we it allegear iens, wol 'k leauwe. Wat we mei 'uü' oan moatte, wit ik no net mear. Ik fyn dat de Fryske Akademy der sa mar in nuver potsje fan makket. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 mai 2020, 23.15 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja, ik bin sa súntsjesoan wol nijsgjirrich nei wat dy staveringslju by de Akademy no eins de hiele dei dogge. Dit liket nei fleanen, it is hast noch minder as de Taalunie yn it Hollânsk. Ik haw gjin muoite mei it idee fan in foarkarstavering, mar dy moat dan wol konsistint wêze, oars kinne jin yn feite like goed kieze foar de Reade bwarre-stavering. As ik yn Ljouwert wenne, fytste ik der ris hinne. Wutsje 31 mai 2020, 01.30 (CEST)[beäntwurdzje]

Urgent Help

Please help us translate the text (in bold) to your language Join WPWP Campaign to improve Wikipedia articles with photos and win a prize. Thanks for your help. T Cells (oerlis) 7 jun 2020, 20.27 (CEST)[beäntwurdzje]

Ien stêd, twa steden?

Sa is it my net leard, it docht my Hollânsk oan. Neffens it FW, it FHW, de Foarkarswurdlist en de Staveringshifker is it meartal stêden (fgl. steden). Drewes, Ieneach fan 'e Esk en oare ynteressearden: wat tinke jimme? Wutsje 9 jun 2020, 04.16 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik tocht dat it sels stedden wie, dat yn it meartal lange lûden ferkoarte waarden. Wêr ha jo dat steden lêsd? Steinbach (oerlis) 9 jun 2020, 09.39 (CEST)[beäntwurdzje]
Oké, stedden is dus gjin wurd. Mar ik tink dat wy dochs by steden wol fan in flater útgean kinne. Wat my oanbelanget kin men dat rêstich weihelje at men dat hjir earne fynt. Steinbach (oerlis) 9 jun 2020, 09.43 (CEST)[beäntwurdzje]
Dúdlik: stêden. Drewes (oerlis) 9 jun 2020, 10.07 (CEST)[beäntwurdzje]
Amen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 jun 2020, 20.04 (CEST)[beäntwurdzje]

Editing news 2020 #2

17 jun 2020, 22.33 (CEST)

Community open letter on renaming

Foar wa't it ynteressearet: ek al spilet de no al moannen duorjende diskusje oer de Rebranding Strategy har fier fan ús wei ôf, dy sil ek foar dizze wikipedy gefolgen hawwe. Wêr't it op dit stuit oer giet, is al net iens mear yn it foarste plak dat plan, mar de wize wêrop't de WMF it der oer de rêgen fan alle mienskippen hinne troch rame wol. Dêrom wol ik jimme efkes wize op it bestean fan dizze iepen brief oan de Wikimedia Foundation. Wutsje 28 jun 2020, 23.16 (CEST)[beäntwurdzje]

@Wutsje: Tankjewol dat jo ús hjir op wize, want dit wie hielendal by my lâns gien. Nei't ik in oere fergriemd haw mei my yn dit spul te ferdjipjen, begryp ik earlik sein noch altyd net wêr't sa'n omneaming goed foar is. Dit is wat je krije, bin ik bang, as in projekt lykas Wikimedia slûpenderwiis oernommen wurdt troch lju dy't nocht hawwe oan burokrasy. Soene jo, Wutsje, ris yn it koart útlizze kinne hokfoar gefolgen sa'n rebranding neffens jo foar de Fryske Wikipedy hawwe sil? Want dat is my noch net dúdlik. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 jun 2020, 00.39 (CEST)[beäntwurdzje]
It is gjin koart ferhaal wurden, mar ik sil besykje út te lizzen wat hjir neffens my yn de kearn fan 'e saak spilet: spul oer de fraach yn hoefier de ôfsûnderlike WMF-projekten autonoom binne c.q. wêze meie.
Alle WMF-projekten kinne yn essinsje allinnich bestean by de graasje fan twa dingen: de tiid dy't troch al dy frijwilligers fergees yn de ynhâld derfan stutsen wurdt, en it jild dat nedich is om de domeinnammen, de servers en de ynternetferbiningen yn 'e loft te hâlden. De WMF waard yn 2003 oprjochte en ferantwurdlik makke foar dy technyske saken en foaral foar it ynheljen fan donateursjild. Har rol wie stypjend bedoeld. Yn 2007, doe't ik mei in meidoggersnamme mei dizze noch altyd boeiende leafhawwerij oan 'e gong gie, wie de WMF noch mar in lytse klup: der waarden noch gjin 10 fte oan minsken foar harren wurk betelle, de rest wie frijwilliger (kepp). Dat is al oars wurden: yn 2018 wurken der by de WMF al mear as 300 minsken (kepp) en hjoed-de-dei sels mear as 350 (kepp, arg).
Wat it jild dat yn de WMF omgiet oanbelanget: der binne sifers oer de fiskale jierren 2004 o/m 2018 (kepp). Dêryn fine jin bygelyks, dat yn 2007 oan salaries and wages $415.006 útjûn waard (20% fan $2.077.840, de útjeften fan dat jier) en yn 2018 $38.597.407 (leafst 47,4% fan $81.442.265). Mar: de útjeften foar internet hosting giene yn deselde perioade fan $389.417 (18,7%) nei $2,342,130 (noch mar 2,9%). Ek al omdat de WMF-projekten yn dy tiid folle grutter wurden binne (2007, 2018, sjoch foar inkeld wikipedyen ek hjir), fernuveret it dan net dat Wikipedia by riten troch de poatsjes sakket (fb, fb) of in hege replag hat (fb; de replication lag seit wat oer de faasje wêrmei't wizigingen yn de databases ferwurke wurde: wat flugger, wat better; is de replag heech, dan moatte jin bgl. langer wachtsje foar't resinte bewurkingen yn de sykmasines opdûke). Jin tinke dan: dêr mei noch wol wat jild by, wikipedia.org heart ommers ta de bêst besjoene domeinnammen yn 'e wrâld (kepp) en soe mei sa'n slompe dollars yn 'e bûse domwei nea down wêze meie.
Mar, yndied, in organisaasje kin yn sa'n tiid nea sa grut en ryk wurde sûnder dat burokrasy de kop opstekt - en sa't we witte: dy wol harsels yn stân hâlde, ûnbewust, sûnder kweade wil en nei alle gedachten sels wol goederbêstens, se is gjin selsstannich tinkend organisme, mar dochs. Sa'n klup, dêr't in laach fan bûten yn tsjinst nommen managers en kommunikaasje-spesjalisten hieltyd mear te sizzen kriget allinnich al omdat dy geandewei grutter wurdt, betinkt dus putsjes en dan komme projekten op 'e lappen as in diskusje oer de strategy direction, strategy recommendations en dus ek dat rebranding project. It moat fansels allegear yn it Ingelsk, mar de taal dy't brûkt wurdt, wurdt stadichoan diziger en dêrop wize helpt gjin sprút (fb). De ôfstân tusken de frijwillige workers on the plantation en de WMF-bestjoersbubble wurdt, fansels sûnder opsetsin mar ûnûntkomber, grutter en grutter.
No hawwe we mei dy WMF wol it ien en oar meimakke. Op de Ingelske wikipedy kinne jin dêr wat oer lêze (kepp), mar der is mear bard. Trije foarbylden. Doe't er yn 2010 noch sels oan it roer siet, sloech it Wales yn 'e plasse en begûn er op Wikimedia Commons ynienen tsjin alle belied yn en sûnder konsensus of sels mar diskusje in bult plaatsjes fuort te donderjen dy't er pornografysk fûn, wêrûnder ferneamde ôfbyldingen fan wurk fan keunstners as Klimt. Dêr kaam doe fuortendaliks in dúdlike korreksje fan de WMF-mienskip op (kepp; sels wie ik doe sa poerrazend dat ik my ferlege haw ta dizze reaksje) en dêrnei wie it ek wol sa goed as dien mei de formele macht fan de man. Yn 2014 spile de superprotect-affêre. By de WMF hie immen betocht dat it moai wêze soe en krij de macht om út San Fransisco wei op elk projekt siden sa te skoatteljen, dat sels behearders dêr neat mear oan dwaan kinne. Doe't dy mooglikheid noch deselde dei op 'e Dútske wikipedy brûkt waard om harren de MediaViewer troch de strôte te triuwen, stuts dêr in stoarm op dy't al rillegau oersloech nei oare projekten. Uteinlik moast de WMF wol belies jaan. Ferline jier wie der dan noch de sabeare Fram ban: de WMF ornearre dat it nedich wie om mei in office action yn te gripen yn de autonomy fan en:wiki. Dêr kaam úteinlik dit fan. Dat is noch net lang lyn en dy saak heucht noch hiel wat minsken.
Sa kom ik dan by dat rebranding project. De WMF seach ris wat om har hinne (kepp) en krige doe it idee om alle WMF-projekten ûnder de plu fan de namme Wikipedia te bringen, want dat soe foar fan alles better wêze, sjoch hjir. Dêr kinne jin ynhâldlik fansels fan alles fan tinke, yn it foarste plak al fan de ûnderlizzende premisses, mar de saak is hoe dan ek al nuver oanpakt. Der waard û.o. in ferneamd en nei alle gedachten prizich ynternasjonaal brand design office ynskeakele, Snøhetta (sjoch ek hjir, arg) en der binne oeral wei op kosten fan de WMF minsken nei Oslo en Bangalore flein om it deroer te hawwen. Doe't it beslút oer dy rebranding al nommen wie en oan de mienskippen foarlein waard, wie dat sûnder de opsje om nee te sizzen en boppedat mei nuvere arguminten. De slimste wie wol de wize fan berekkenjen fan de stipe foar harren fynst: yn in earder stadium hawwe 9000 minsken de side oer dit plan besjoen, dêrfan hawwe 57 beswier makke, dus fan de minsken dy't ynformearre binne, is mar 0,6% tsjin (kepp). As jin soks lêze, witte je dat je foar de kroade riden wurde. Mear minsken tochten der sa oer (kepp) en wat letter kaam in soarte fan rektifikaasje, mar de opstân dy't doe al fan ûnderop útbrutsen wie (sjoch dizze RfC, de grutste en langst rinnende út de skiednis fan de WMF) giet noch hieltyd troch en de WMF hat dêr noch gjin antwurd op.
Dy iepen brief oan de WMF, by myn witten de twadde yn har bestean, moat yn dat ramt sjoen wurde. De minsken en chapters dy't al tekene hawwe en dy't tegearre letterlik tûzenen jierren oan wiki-ûnderfining represintearre, meitsje harren allegearre soargen oer de wize wêrmei't de WMF mei dizze saak omgiet: oant no ta sûnder har wurklik wat oan te lûken fan al dy mienskippen. Yntusken wurdt der no ek praat fan in Universal Code of Conduct, wêrmei't de WMF as se dat nedich fynt ek al wer op projekten yngripe kinne wol. Ik wol net sizze dat soks altyd in min idee is, foar projekten sûnder behearders of wêr't tusken behearders slaande deilis is kin dat faaks wol wat wêze (al bestiet foar sokke situaasjes op Meta al jierren de side Requests for comment), mar sjoen it ferline en sûnt by de WMF mear en mear managers en p.r.-minsken ynfloed hawwe, is it dreech en wurdt nettsjinsteande it AGF-begjinsel út en troch dochs net wat erchtinkend as it om guon fan har nije plannen giet.
Oer de fraach hokker gefolgen dy rebranding foar dizze wikipedy hat: as dy trochgiet, sil it plaatsje rjochtsûnder eltse side wol ferfongen wurde troch ien mei de tekst a WIKIPEDIA project. Hjir is dat net sa slim, dit ís ommers ek in wikipedy, mar op al dy hûnderten WMF-projekten dy't no krekt gjín wikipedy binne, komt nei alle gedachten as it oan de WMF leit ek sa'n nije ôfbylding te stean en dan wurdt it - fyn ik - al wat in tizeboel. Ik hoopje hjirbopppe lykwols dúdlik makke te hawwen, dat it probleem foaral sit yn de tinkwrâld fan guon WMF-minsken en dat de fraach dêrom eins wêze moat: wat wol dy WMF no mei ús c.q. hoe sille wy, de frijwilligers sûnder wa't dy hiele WMF net bestean soe, mar dy't sûnder dy WMF likemin harren kennis mei eltsenien diele kinne, as it om dy tinkwrâld giet mei har oan? Wutsje 2 jul 2020, 17.54 (CEST)[beäntwurdzje]
Oanfolling: oant 7 july kinne jo de WMF hjir fertelle wat jo fan dy rebranding fine. De status quo is gjin opsje. Wutsje 2 jul 2020, 19.58 (CEST)[beäntwurdzje]
@Wutsje: Tankjewol foar jo tige yngeande beskriuwing fan 'e sitewaasje. Dêr hat wol in pear oerkes wurk yn sitten, wol ik wedzje. Ik haw it hiele epistel lêzen en hjir en dêr bin ik fia ien fan 'e links yn in soarte fan kninehoale rûgele as wie 'k Alice yn Wûnderlân. Dit is no krekt wêrom't ik my oer it algemien sa min mooglik besykje te bemuoien mei Wikimedia bûten de Fryske Wikipedy. It skeelt jin in bulte argewaasje. Ik besef dat soks strúsfûgelpolityk is, mar je leve der wol langer troch. Ynhâldlik diel ik jo noed oer wêr't it hinne giet mei Wikimedia. Ik haw it iepen brief en RfC ûndertekene, for all the good it will do. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jul 2020, 00.02 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw yndied wol efkes mei dat ferhaal dwaande west, mar dochs haw ik krekt twa dingen ferbetterje moatten: de Superprotect-affêre begûn nei spul oer of de MediaViewer op de:wiki opt out of opt in wurde moast en die saak waard oanlieding foar de earste iepen brief oan de WMF (dy't ik doe sels, straal fergetten, ek ûndertekene haw). Wutsje 3 jul 2020, 01.50 (CEST)[beäntwurdzje]

Annual contest Wikipedia Pages Wanting Photos

Wikipedia Pages Wanting Photos (WPWP)
Wikipedia Pages Wanting Photos (WPWP)

This is to invite you to join the Wikipedia Pages Wanting Photos (WPWP) campaign to help improve Wikipedia articles with photos and win prizes. The campaign starts today 1st July 2020 and closes 31st August 2020.

The campaign primarily aims at using images from Wikimedia Commons on Wikipedia articles that are lacking images. Participants will choose among Wikipedia pages without photo images, then add a suitable file from among the many thousands of photos in the Wikimedia Commons, especially those uploaded from thematic contests (Wiki Loves Africa, Wiki Loves Earth, Wiki Loves Folklore, etc.) over the years.

Please visit the campaign page to learn more about the WPWP Campaign.

With kind regards,

Thank you,

Deborah Schwartz Jacobs, Communities Liaison, On behalf of the Wikipedia Pages Wanting Photos Organizing Team - 1 jul 2020, 10.24 (CEST)

feel free to translate this message to your local language when this helps your community

Feedback on movement names

Hello. Apologies if you are not reading this message in your native language. Please help translate to your language if necessary. Thank you!

There are a lot of conversations happening about the future of our movement names. We hope that you are part of these discussions and that your community is represented.

Since 16 June, the Foundation Brand Team has been running a survey in 7 languages about 3 naming options. There are also community members sharing concerns about renaming in a Community Open Letter.

Our goal in this call for feedback is to hear from across the community, so we encourage you to participate in the survey, the open letter, or both. The survey will go through 7 July in all timezones. Input from the survey and discussions will be analyzed and published on Meta-Wiki.

Thanks for thinking about the future of the movement, --The Brand Project team, 2 jul 2020, 21.44 (CEST)

Note: The survey is conducted via a third-party service, which may subject it to additional terms. For more information on privacy and data-handling, see the survey privacy statement.

Editing news 2020 #3

9 jul 2020, 14.55 (CEST)

Announcing a new wiki project! Welcome, Abstract Wikipedia

Sent by m:User:Elitre (WMF) 9 jul 2020, 22.06 (CEST) - m:Special:MyLanguage/Abstract Wikipedia/July 2020 announcement [beäntwurdzje]


Minsken, lit dit plan dochs efkes ta jimme trochkringe, want al siz ik net dat it sa is, dit kin slim misgean. Sjoch ek hjir. Wutsje 13 jul 2020, 20.24 (CEST)[beäntwurdzje]

Haadside

As ik as ip-er ús Haadside besjoch, stiet dêr op dit stuit dat it hjoed 11 july is, de side fan de wike en it plaatsje fan de wike fan ferline wike en Hjoed, 11 july, yn de skiednis (kepp). Dat klopt fansels net. Ieneach, dit liket jo ôfdieling te wêzen. Wat giet hjir mis? Wutsje 14 jul 2020, 20.35 (CEST)[beäntwurdzje]

@Wutsje: Goeie. Wat giet dêr mis? freegje jo. Koart antwurd: wit ik net. Ik haw wol in pear fermoedens. (Eefkes tuskentroch: ik doch de siden fan 'e wike, mar fan 'e rest fan 'e haadside bleau ik safolle mooglik ôf om't ik der eins gjin ferstân fan haw. Ein desimber set ik it âlde jier even hânmjittich oer nei it nije -- en ik haw ergens opskreaun hoe't dat ek al wer moat -- mar dat is it dan ek.) Mei 'as ip-er' bedoele jo, tink, as net-ynlogde? Dat haw ik yndie ek wolris (en dat is al jierren sa), dat er de âlde foarside fan ferline wike noch sjen lit. Op dit stuit is dat trouwens (ik haw it even checkt yn in oare browser) by my net sa. Ik tink dat it net sasear mei de webside as wol mei de browser cache fan jins kompjûter te krijen hat, dat dêr, sels as je dy leegje (want dat makket by my gjin merkber ferskil) dochs in al ynladen ferzje fan 'e webside yn hingjen bliuwt. En wat ik jo no ferteld haw is mei-iens ek alles wat ik hjirfan wit. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 jul 2020, 20.50 (CEST)[beäntwurdzje]
Soe it mei skrikkeldagen te krijen hawwe en koade dy't yn jierren net oanpast is? In cacheprobleem liket it my yn elts gefal net, ek yn bgl. Lynx bart dit. Wutsje 14 jul 2020, 20.58 (CEST)[beäntwurdzje]
Sjoch, sa lang spilet dit al: Meidogger_oerlis:Drewes/argyf2012-2015#Ferkearde Haadside, en de oare helte fan 'e diskusje: Meidogger_oerlis:Ieneach_fan_'e_Esk/argyf1#Ferkearde_haadside. Dat wie septimber 2013. Ik haw der fierders gjin flau benul oer. Oars moatte jo ris by Kening Aldgilles of Aliter te rie gean. Dy hawwe der faaks mear kijk op. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 jul 2020, 21.07 (CEST)[beäntwurdzje]
Hm. Dat sterket my wol wer yn myn oertsjûging dat ik eins noch nea in orizjinele tinze hân haw, mar hoe dan ek, it stiet sleau en it moat al oars, fyn ik, dy side is dochs ús foardoar. Hjirby ping ik Kening Aldgilles en Aliter, maar faaks is der op 'e Hollânske wiki ek wol immen mei ferstân fan koade dy't der wat op wit. Wutsje 14 jul 2020, 21.30 (CEST)[beäntwurdzje]

@Wutsje: Goeie. Hoe komt it hjirmei, Wutsje? Ik leau net dat Kening Aldgilles en Aliter thús jouwe. Doe't jo it oan 'e oarder stelden hie ik eefkes gjin lêst fan dit... ferskynsel sil 'k it mar neame, mar sûnt haw ik it alwer twaris ferskate dagen hân. As jo op nl: immen kenne dy't hjir ferstân fan hat, dan is dat miskien ús bêste kâns om hjir wat oan te dwaan. Ik sil ek nochris eefkes in berjochtsje op 'e oerlissiden fan Kening Aldgilles en Aliter pleatse. No't ik wit dat it net oan 'e browser cache fan myn kompjûter leit, bin ik it mei jo iens dat it oplost wurde moat. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 aug 2020, 12.13 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie Ieneach, ik ken yndied wol immen op nl:wiki dy't nei alle gedachten dit wol foar ús oplosse kin, dy sil ik hjoed ris freegje. Wutsje 24 aug 2020, 15.49 (CEST)[beäntwurdzje]
Oanfolling: sjoch hjir. Wutsje 24 aug 2020, 19.40 (CEST)[beäntwurdzje]
Noch in oanfolling: it blykt dus eat te wêzen dat al folle langer bestiet en dat net yn ús macht leit, sjoch de keppeling hjirboppe. Wutsje 26 aug 2020, 17.06 (CEST)[beäntwurdzje]
Goeiedei, it probleem is my bekend. Faaks soe in 'refresh' helpe kinne, want de kompjûter of browser hat noch in âldere datum yn syn ûnthâld. Ik tink dat de koade yn de Wiky goed stiet, it probleem soe him dan yn de browser of lokale data fan de kompjûter sitte kinne. Oft wy fanút de Wiky in meganisme betinke kinne dy't de datum fan dyn browser oanpast...? Miskien binne der noch oare minsken mei doel dêroer. --Kening Aldgilles (oerlis) 8 okt 2020, 07.24 (CEST)[beäntwurdzje]

Technical Wishes: FileExporter and FileImporter become default features on all Wikis

Max Klemm (WMDE) 6 aug 2020, 11.13 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik bin benijd hoe't dit beteare sil... Wutsje 7 aug 2020, 00.24 (CEST)[beäntwurdzje]

Tech/Server switch 2020

Dat jimme it no al mar witte: op tiisdei 1 septimber en yn 'e wike dêrnei sil dizze wikipedy fanwegen it útbesykjen fan it secondary data center fan de WMF by riten net te bewurkjen wêze of fleane as in slak. Sjoch foar mear ynformaasje m:Tech/Server switch 2020. Dat dokumint is yn it Ingelsk, mar my liket it net nedich en set it hjir oer. Wutsje 23 aug 2020, 00.58 (CEST)[beäntwurdzje]

Scots Wikipedia

Foar wa't út en troch graach ris yn in kninehoale sjen mei: m:Requests for comment/Large scale language inaccuracies on the Scots Wikipedia. Wutsje 28 aug 2020, 19.39 (CEST)[beäntwurdzje]

Lullich foar de Skotten en harren taal, al begryp ik net wêrom't no ynienen alderhanne bûtensteanders har dermei bemuoie moatte. Ik tocht dat dat no krekt it probleem wie. Benijd hoe't dit útpakke sil. Ik soe alle meidoggers fan 'e Fryske Wikipedia oanriede wolle om hjir yn elts gefal globaal kennis fan te nimmen: se hawwe it no al oer alle lytse Wikipedyen, en dêr hearre wy ek by... Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 aug 2020, 00.21 (CEST)[beäntwurdzje]
Op in RfC op Meta komme altyd wol minsken ôf, seker no't de saak sa yngeand yn de wrâldparse beskreaun is. Ek ik tink dat it baas is en hâld dit wat yn 'e rekken, dêrom haw ik it hjir ek efkes melden. Wutsje 29 aug 2020, 05.05 (CEST)[beäntwurdzje]
Oanfolling: sjoch m:Small wiki audit. Wutsje 3 sep 2020, 01.32 (CEST)[beäntwurdzje]

New Wikipedia Library Collections Now Available (September 2020)


Hello Wikimedians!

The TWL owl says sign up today!

The Wikipedia Library is announcing new free, full-access, accounts to reliable sources as part of our research access program. You can sign up for new accounts and research materials on the Library Card platform:

Many other partnerships are listed on our partners page, including Adam Matthew, EBSCO, Gale and JSTOR.

A significant portion of our collection now no longer requires individual applications to access! Read more in our recent blog post.

Do better research and help expand the use of high quality references across Wikipedia projects!
--The Wikipedia Library Team 3 sep 2020, 11.49 (CEST)

This message was delivered via the Global Mass Message tool to The Wikipedia Library Global Delivery List.

Kans om commentaar te leveren op concept Universele Gedragscode

Ter informatie: een van de aanbevelingen in de Wikimedia Movement Strategy 2030 is het ontwikkelen van een universele gedragscode (Universal Code of Conduct): basisregels voor gedrag op Wikimediaprojecten en online platformen, en tijdens Wikimedia-evenementen en bijeenkomsten. Een redactiecommissie heeft nu een eerste concept ontwikkeld. De wereldwijde gemeenschap kan tot 8 oktober commentaar leveren en suggesties doen voor verandering of verbetering. Een Nederlandse vertaling van de concept gedragscode staat op Meta - daar is ook ruimte voor commentaar en discussieSRientjes (oerlis) 10 sep 2020, 13.32 (CEST)[beäntwurdzje]

Invitation to participate in the conversation

Links nei trochferwiissiden/data

In tiid ferlyn haw ik hjir dwaande west om in tal ferwizings nei trochferwiissiden 'op te lossen' lykas hjirre. It is foar lêzers/besikers ommers ferfelend om op in wurd te klikken en dan op in trochferwiisside te bedarjen. Troch oanpassings fan myn Wikipedia-Ynstellings hjirre ljochtsje sokke trochferwizings op myn skerm grien op, ik hoech der dus net om te sykjen.(it wurker op nl en op fy) Der besteane op de Fryske Wikipedy no noch in hiele protte fan sokke trochferwizings. No bestiet op de Nederlânske Wikipedia in side dêr't al sokke data troch in bot op in listke setten wurde: Sjoch hjirre. Ik los dêr de lêste tiid in soad fan sokke links op.

Omt soks my foar de Fryske Wikipedy wol gaadlik talike ha'k yn july de behearder fan dy bot Edoderoo frege oft it ek te dwaan wie om soks foar de Fryske Wikipedy te meitsjen. Sjoch hjirre op syn oerlisside. (Sels bin ik net sa 'bot' thús yn hoe't soks wurket). De man hat der nei sjoen en hat de bot wat oanpast, dat dy soe hjir ek oan it wurk kinne. Syn fraach is: Wêr moat ik dy side delsette? Tulp8 (oerlis) 27 sep 2020, 09.13 (CEST)[beäntwurdzje]

@Tulp8: Goeie. Ja, liket my wol in goed plan. Ik haw hjir Wikipedy:Links nei betsjuttingssiden/data in side oanmakke. Ik haw der even wat del skreaun om 'e side oan te meitsjen, mar dy tekst kin fansels fuort. Eefkes oer de 'nomenklatuer': jo hawwe it oer trochferwiissiden. Ik haw altyd miend dat dat binne wat yn it Ingelsk redirects neamd wurde. Wat jo trochferwiissiden neame, haw ik altyd betsjuttingssiden neamd. No kin ik mis wêze, want sasear haw ik my nea yn it Wikipedysk jargon ynlibbe, mar ik haw foarearst de foar my bekende oantsjutting dochs mar brûkt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 sep 2020, 22.48 (CEST)[beäntwurdzje]

Wiki of functions naming contest

29 sep 2020, 23.19 (CEST)

Call for feedback about Wikimedia Foundation Bylaws changes and Board candidate rubric

Hello. Apologies if you are not reading this message in your native language. Please help translate to your language.

Today the Wikimedia Foundation Board of Trustees starts two calls for feedback. One is about changes to the Bylaws mainly to increase the Board size from 10 to 16 members. The other one is about a trustee candidate rubric to introduce new, more effective ways to evaluate new Board candidates. The Board welcomes your comments through 26 October. For more details, check the full announcement.

Thank you! Qgil-WMF (talk) 7 okt 2020, 19.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Important: maintenance operation on October 27

-- Trizek (WMF) (talk) 21 okt 2020, 19.10 (CEST)[beäntwurdzje]

Wiki of functions naming contest - Round 2

5 nov 2020, 23.10 (CET)

SGrabarczuk (WMF)

20 nov 2020, 19.09 (CET)

Wikidata descriptions changes to be included more often in Recent Changes and Watchlist

2020 Coolest Tool Award Ceremony on December 11th

Community Wishlist Survey 2021

SGrabarczuk (WMF)

15 des 2020, 01.52 (CET)

Moving Wikimania 2021 to a Virtual Event

Wikimania's logo.

Hello. Apologies if you are not reading this message in your native language. Please help translate to your language. Thank you!

Wikimania will be a virtual event this year, and hosted by a wide group of community members. Whenever the next in-person large gathering is possible again, the ESEAP Core Organizing Team will be in charge of it. Stay tuned for more information about how you can get involved in the planning process and other aspects of the event. Please read the longer version of this announcement on wikimedia-l.

ESEAP Core Organizing Team, Wikimania Steering Committee, Wikimedia Foundation Events Team, 27 jan 2021, 16.15 (CET)

Project Grant Open Call

This is the announcement for the Project Grants program open call that started on January 11, with the submission deadline of February 10, 2021.
This first open call will be focussed on Community Organizing proposals. A second open call focused on research and software proposals is scheduled from February 15 with a submission deadline of March 16, 2021.

For the Round 1 open call, we invite you to propose grant applications that fall under community development and organizing (offline and online) categories. Project Grant funds are available to support individuals, groups, and organizations to implement new experiments and proven ideas, from organizing a better process on your wiki, coordinating a campaign or editathon series to providing other support for community building. We offer the following resources to help you plan your project and complete a grant proposal:

Program officers are also available to offer individualized proposal support upon request. Contact us if you would like feedback or more information.

We are excited to see your grant ideas that will support our community and make an impact on the future of Wikimedia projects. Put your idea into motion, and submit your proposal by February 10, 2021!

Please feel free to get in touch with questions about getting started with your grant application, or about serving on the Project Grants Committee. Contact us at projectgrantsBerjocht:Atwikimedia.org. Please help us translate this message to your local language. MediaWiki message delivery (oerlis) 28 jan 2021, 09.01 (CET)[beäntwurdzje]

New Wikipedia Library Collections Available Now (February 2021)

Hello Wikimedians!

The TWL owl says sign up today!

The Wikipedia Library is announcing new free, full-access, accounts to reliable sources as part of our research access program. You can sign up to access research materials on the Library Card platform:

  • Taxmann – Taxation and law database
  • PNAS – Official journal of the National Academy of Sciences
  • EBSCO – New Arabic and Spanish language databases added

We have a wide array of other collections available, and a significant number now no longer require individual applications to access! Read more in our blog post.

Do better research and help expand the use of high quality references across Wikipedia projects!

This message was delivered via the Global Mass Message tool to The Wikipedia Library Global Delivery List.

--1 feb 2021, 13.57 (CET)

3

Aplauso por los trabajadores de la salud
& Clap for our Carers
& Applaudissements aux fenêtres pendant la pandémie de Covid-19--Dupacifique (oerlis) 5 feb 2021, 19.26 (CET)[beäntwurdzje]

Wiki Loves Folklore 2021 is back!

Please help translate to your language

You are humbly invited to participate in the Wiki Loves Folklore 2021 an international photography contest organized on Wikimedia Commons to document folklore and intangible cultural heritage from different regions, including, folk creative activities and many more. It is held every year from the 1st till the 28th of February.

You can help in enriching the folklore documentation on Commons from your region by taking photos, audios, videos, and submitting them in this commons contest.

Please support us in translating the project page and a banner message to help us spread the word in your native language.

Kind regards,

Wiki loves Folklore International Team

MediaWiki message delivery (oerlis) 6 feb 2021, 14.25 (CET)[beäntwurdzje]

Feminism & Folklore 1 February - 31 March

Please help translate to your language

Greetings!

You are invited to participate in Feminism and Folklore writing contest. This year Feminism and Folklore will focus on feminism, women's biographies and gender-focused topics for the project in league with Wiki Loves Folklore gender gap focus with folk culture theme on Wikipedia. folk activities, folk games, folk cuisine, folk wear, fairy tales, folk plays, folk arts, folk religion, mythology, etc.

You can help us in enriching the folklore documentation on Wikipedia from your region by creating or improving articles centered on folklore around the world, including, but not limited to folk festivals, folk dances, folk music, women and queer personalities in folklore, folk culture (folk artists, folk dancers, folk singers, folk musicians, folk game athletes, women in mythology, women warriors in folklore, witches and witch-hunting, fairy tales and more. You can contribute to new articles or translate from the list of suggested articles here.

You can also support us in translating the project page and help us spread the word in your native language.

Learn more about the contest and prizes from our project page. Thank you.

Feminism and Folklore team,

Joy Agyepong (talk) 16 feb 2021, 03.40 (CET)[beäntwurdzje]

Proposal: Set two-letter project shortcuts as alias to project namespace globally

Please help translate to your language

Hello everyone,

I apologize for posting in English. I would like to inform everyone that I created a new global request for comment (GRFC) at Meta Wiki, which may affect your project: m:Requests for comment/Set short project namespace aliases by default globally.

In this GRFC, I propose that two-project shortcuts for project names will become a default alias for the project namespace. For instance, on all Wikipedias, WP will be an alias to the Wikipedia: namespace (and similar for other projects). Full list is available in the GRFC.

This is already the case for Wikivoyages, and many individual projects asked for this alias to be implemented. I believe this makes it easier to access the materials in the project namespace, as well as creating shortcuts like WP:NPOV, as well as helps new projects to use this feature, without having to figure out how to request site configuration changes first.

As far as I can see, Wikipedy currently does not have such an alias set. This means that such an alias will be set for you, if the GRFC is accepted by the global community.

I would like to ask all community members to participate in the request for comment at Meta-Wiki, see m:Requests for comment/Set short project namespace aliases by default globally.

Please feel free to ask me if you have any questions about this proposal.

Best regards,
--Martin Urbanec (talk) 18 feb 2021, 15.12 (CET)[beäntwurdzje]

Wikifunctions logo contest

2 mrt 2021, 02.47 (CET)

Wikiwurdboek

Goeie lju, ik haw in freachke. Binne der hjor noch aktive meidoggers dy't ek beheardersstatus op it Fryske Wikiwurdboek hawwe? Sa ja, soenen dy dan ris omsjen kinne nei de siden wikt:angelje en wikt:ferearle? Dy binne in dei of wat lyn oanmakke as Ingelsktalige yngongen en moatte dus wiske wurde, of oerset. It earste kin ik net (gjin behearder) en it twadde doar ik net (Frysk te min).
Fierders soe ik it projekt graach wat aktiver sjen, mar dat komt wol wêr as immen it ôm tiid hat. Steinbach (oerlis) 8 mrt 2021, 20.57 (CET)[beäntwurdzje]