Wike Zijlstra

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wike Zijlstra

Wike Louis' Zijlstra (Drachten, 18 maaie 1893De Rottefalle, 22 juny 1964) wie in ûnderwizeresse.

Juffer Zijlstra hat goed 41 jier foar de klasse stien. Tusken 1912 en 1918 hat Wike Zijlstra op in stikmannich plakken yn Grinslân in tydlike oanstelling hân as ûnderwizeres. Se stie oan skoallen op De Grinzer Pein, yn Aldeboarn, op It Amelân en fan 1931 oant 1954 yn De Rottefalle (oan de iepenbiere skoalle).

Sy begûn yn april 1948 mei har sels skreaune Fryske lêsmetoade, en krige yn 1949 "een ernstige berisping voor haar eigenmachtig optreden", mar mocht har metoade brûken bliuwe. Pionierster fan de Fryske skoallen.

Zijlstra wie in leafhawwer fan it wurk fan Douwe Kalma dy't sûnt ein fan de oarloch by har ynwenne. As meiwurker fan de Shakespeare Stifting hat sy in soad war dien foar de útjefte fan Kalma syn Shakespeare-oersetting.

Wike Zijlstra is hommels ferstoarn en kaam te hôf op De Rottefalle.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Opsizferskes (1948)
  • Fan praten ta lêzen en skriuwen. Lytse hantlieding ta it ûnderrjocht mei it lêsrak (1950)
  • O de rop fan de koekút op 't Amelân, Fersen fan Wike Louis' Zijlstra. Boalswert, It Heitelân (1959).
  • Mear publikaasjes

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: