Springe nei ynhâld

Wapen fan Bartlehiem

Ut Wikipedy
Wapen fan Bartlehiem

It wapen fan Bartlehiem is it wapen fan de buorskip Bartlehiem, yn de Fryske gemeenten Tytsjerksteradiel,Noardeast-Fryslân en Ljouwert. It wapen waard yn 1990 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Fan read, kappe mei sulver, it read belein mei in gouden seispuntige stjer, it sulver rjochts belein mei in grien klaver en lofts mei in griene ikel; in blau skyldhaad belein mei in gouden reed fan boppen beselskippe fan in gouden, mei read fuorre, stêdekroan mei trije bastions.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, goud, sinopel (grien) en azuer (blau).

  • Trijedieling wapen: ferwiist nei de lizzing fan de buorskip yn de gemeenten Tytsjerksteradiel, Noardeast-Fryslân en Ljouwert. Yn 1990 wiene dit de gemeenten Tytsjerksteradiel, Ferwerderadiel en Ljouwerteradiel.
  • Kleurstelling: oernommen út it wapan fan Eastergoa.
  • Seispuntige stjer: oernommen út it wapen fan Ferwerderadiel.
  • Klaverblêd: oernommen út it wapen fan Ljouwerteradiel.
  • Reed mei stêdekroan: symboalen foar de Alvestêdetocht dy't twa kear troch de buorskip hinne komt.