Springe nei ynhâld

Wapen fan Ljouwert

Ut Wikipedy
Wapen fan Ljouwert

It wapen fan de gemeente Ljouwert waard yn 1818 yn De Haach fêststeld. De eftergrûn fan it wapen hat de kleur azuer, it wapenbist is in kliuwende liuw fan goud. It wapenskyld is bedutsen mei in goudene kroan. It stedswapen is op ferskillende âlde bouwurken yn Ljouwert werom te kennen.

Der binne ferskate teoryen oer de skiednis fan it wapen. Wierskynlik hat de liuw te krijen mei de hillige Sint Vitus, dêr't in tsjerke foar boud waard op de terp Aldehou. Op it âldst bewarre segel fan de stêd út 1422 stiet de Sint Vitus-tsjerke mei dêrûnder in liuw. Yn it tiidrek 1472 - 1493 wurde yn Ljouwert munten slein mei de kliuwende liuw as wapen. Op it lêst fan de fyftjinde iuw ferskynt it wapen op in sekreetsegel, oerlevere op in oarkonde fan 5 maart 1490. Yn 1584 wurdt it wapen yn kleur ôfbylde. Guon saakkundigen fûnen it wapen fan Ljouwert de suterige kant neist.

Nei't op 1 jannewaris 2018 de gemeente Ljouwerteradiel en it noardeastlike diel fan Littenseradiel yn Ljouwert opgien wiene, krige de gemeente yn 2019 in nij wapen, wat yn prinsipe it âlde wapen wie mei dêroan tafoege in fuotstik fan grien en twa skylddragers: oan 'e lofterkant fan it wapenskyld in reade heraldyske liuw (út it famyljewapen fan 'e Van Burmania's) en oan 'e rjochterkant in read hart (út it famyljewapen fan 'e Van Cammingha's).[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Boers, Erwin, Wapen Leeuwarden krijgt een hert en een leeuw als dragers, yn: de Ljouwerter Krante, 30 maart 2019, s. 18.