Springe nei ynhâld

Walburgatsjerke (Rie)

Ut Wikipedy
Walburgatsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Rie
adres Tsjerkepaed 1
koördinaten 53° 13' N 5° 35' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Walburga
Arsjitektuer
boujier 1625 (toer); 1653 (skip)
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15865
Webside
PKN Rie-Skingen
Kaart
Walburgatsjerke (Fryslân)
Walburgatsjerke

De Walburgatsjerke is in protestantske tsjerke yn Rie. By de PKN-gemeente hearre ek de doarpen Skingen, Slappeterp, Dongjum, Skalsum, Boer, Peins en Sweins.

De yn de roomske tiid oan de hillige Walburga wijde tsjerke datearret oarspronklik út de 11e of 12e iuw. In stien yn de muorre fan de toer betinkt it ynstoarten fan de âlde toer yn 1625. Op 5 maaie 1625 waard de earste stien lein foar de hjoeddeiske toer. By in weropbou yn 1653 waarden de muorren fan de tsjerkeseal fernijd en gruttere ramen ynbrocht, wylst de noardlike muorre ticht bleau.

Yn 1871 waard de tsjerke bepleistere, tagelyk waarden de ramen útrist mei izeren spitsbôgefinsters. De toer waard yn de jierren 1925-1926 ommitsele en krige doe ek in nije spits. Yn de toer hingje twa klokken, wêrûnder in klok út 1634, getten troch Hans Falck.

Preekstoel

By in restauraasje yn 1914 ferhûze de preekstoel nei it eastlike koer. Yn it ramt dêrfan waard it eastlike finster tichtmitsele.

By de restauraasje fan 1914 folge in weryndieling fan de ynrjochting. De tradisjonele protestantske yndieling waard opjûn en de preekstoel krige in plak yn it koer. Dêrby gyng it doophek ferlern. De kânselbibel datearret fan 1670. De preekstoel út 1727, dy't op it rêchskot de tekst Indien yemand spreeke, hij spreeke de woorden Godts (Jehannes 3:34) draacht, is makke troch Poules Rycles en Cornelis Cornelissoan en mei fykwurk bewurke. De banken binne yn twa rigen oan de lingtemuorren fan de tsjerke opsteld.

It nachtsmielsreau waard yn 1648 skonken troch it neiteam fan dûmny Vitys Ringers. Yn de beker binne de wurden het gekroockte RIET en sal Hij niet verbreken gravearre.

It oargel yn de tsjerke datearret út 1711-1713 en waard boud troch de skoalmaster/oargelmakker Jan Franssen út Sweins. Nei alle gedachten makke hy dêrby gebrûk fan in âlder oargel en der is njonken it piipwurk fan Franssen ek piipwurk oantroffen fan Harmen Jans. Yn 1829 en 1861 brocht Van Dam út Ljouwert feroarings oan it ynstrumint oan. Bakker & Timmenga fersoargen yn de jierren 1970 de lêste restauraasje fan it oargel. De rêchwurkkas is net funksjoneel.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jan Jongepier, Vijf eeuwen Friese orgelbouw, side 15