Stevenstsjerke (Skingen)
Stevenstsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Skingen | |
adres | Buorren 29 | |
koördinaten | 53° 12' N 5° 37' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Sint-Stefanus | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | F. Foppes Brouwer, Koarnjum | |
boujier | 1877-1878 | |
boustyl | Neoklassisisme, neogotyk | |
Webside | ||
PKN Ried-Skingen | ||
Kaart | ||
De Stevenstsjerke is in protestantske tsjerke yn Skingen. Under de PKN-gemeente fan de tsjerke falle njonken Skingen ek de doarpen Doanjum, Peins, Sweins, Rie, Boer, Skalsum en Slappeterp.
De tsjerke is ferneamd nei Stefanus, de earste martelder fan de kristlike mienskip.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skingen hie al yn de 11e of 12e iuw in oanspronklik romaanske of ier-goatyske tsjerke, dy't yn de rin fan de tiid ferboud waard. In tekening fan P.I. Poitier út 1755 lit in tsjerke mei in sealtektoer sjen. Yn de 19e iuw waard de tsjerke brekfallich. Dêrom mochten de ynwenners fan Skingen yn 1877 kieze foar nijbou of in weropbou fan de âlde tsjerke. De measte stimmen gyngen nei nijbou en yn augustus fan dat jier setten de bruorren Keuning út Ternaard op de âlde fûneminten útein mei de bou fan de hjoeddeiske tsjerke neffens in ûntwerp fan Foppe Brouwer út Koarnjum, De nijbou waard op 20 april 1878 oplevere.
Doe't de tsjerke yn de jierren 1990 wer oan in restauraasje ta wie sloech de Skinger mienskip de hannen gear om it gebou foar de takomst te behâlden. De tsjerke is gjin monumint, mar it doarp slagge der yn om mei help fan de tsjerkfâldij en de gemeente Menameradiel genôch jild yn te sammeljen. De kosten fan de restauraasje bedroegen likernôch € 500.000 en op 21 maaie waard de tsjerke wer op 'e nij iepene.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynterieur fan de tsjerke is 19e-iuwsk. De preekstoel stiet yn it koer; lofts steane de banken dy't oarspronklik foar de manlju ornearre wiene en rjochts dy foar de froulju. By de lêste restauraasje binne tsien âlde grêfsarken ûntdutsen. Ien dêrfan is út 1614 en wie nei alle gedachten it grêf fan gemeentesekretaris Tiete Baerdt. De stiennen binne ûnder de flier lizzen bleaun.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel is troch Bakker & Timmenga yn 1912 boud en yn 2003 restaurearre.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Alter
-
Detail klankboerd
-
Oersjoch ynterieur rjochting oargel
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|