Dionysiustsjerke (Slappeterp)

Ut Wikipedy
Dionysiustsjerke
bouwurk
Dionysiustsjerke, Slappeterp.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Waadhoeke vlag.svg Waadhoeke
plak Slappeterp
adres Menamerdyk 3
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1926
arsjitekt H.H. Kramer
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 508684[1]
offisjele webside
PKN Rie-Skingen

De Dionysiustsjerke (of tsjerke fan Slappeterp) is in tsjerkegebou yn Slappeterp yn de Fryske gemeente Waadhoeke.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rjocht sletten sealtsjerke yn ekspresjonistyske styl waard yn 1926 boud neffens úntwerp fan Hendrik Hendriks Kramer. De eardere herfoarmde en tsjintwurdige PKN-tsjerke ferfong in âldere tsjerke út 1830.[2]

It skip en it pseudotransept binne foarsjoen fan smelle finsters. De net lidde sealtektoer hat in toeroerwurk mei keramyske wizerplaten. De tsjerke is in ryksmonumint.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur fan de tsjerke is noch geef en falt op troch orizjineel materjaalgebrûk. Yn de foarhal hinget in diel fan in grêfstien. It is de stien fan de lêste katolike pastoar fan Slappeterp, Cornelis Jans Borst, dy't yn 'e âldens fan 90 jier op 1 maart 1616 ferstoar en mei de reformaasje oergyng op de nije lear en dus de earste dûmny west hat fan Slappeterp. De brânskildere ramen fan de tsjerke binne dekoratyf en yn de styl fan art deco.

Yn de tsjerke is in soad gebrûk makke fan okerkleurich glazuere tegels, foar en efter de preekstoel ek de kleuren blau, grien en brún. Op de lessener fan de preekstoel is in wynstok fike. It metselwurk efter de preekstoel symbolisearret de fiif boeken fan Mozes (Torah).

De ferwulftribben op konsoles binne fersierd mei ôfbylden fan de fjouwer evangelisten. Dy binne faaks fan de hân fan W.C. Brouwer.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel út 1927 is makke troch Bakker & Timmenga.

Tsjerke en tsjerkhôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Seist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4