Springe nei ynhâld

Nikolaastsjerke (Skalsum)

Ut Wikipedy
Nikolaastsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Skalsum
adres Tsjerkestrjitte
koördinaten 53° 12' N 5° 35' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl Romaanske arsjitektuer; lettere feroarings
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15867 [1]
Webside
PKN Ried-Skingen
Kaart
Nikolaastsjerke (Fryslân)
Nikolaastsjerke

De Nikolaastsjerke is in tsjerkegebou yn Skalsum (gem. Waadhoeke). De oarspronklik romaanske tsjerke is in ryksmonumint. Eigner is de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke stiet oan it Jabikspaad en der kin stimpele wurde. Yn de tsjerke wurde gjin tsjinsten mear holden.

Oargel

Fanwegen de oanwêzigens fan dowestien wurdt oannommen dat de ienskepige tsjerke yn de 12e iuw boud waard. Om 1300 hinne waard de oan Nikolaas fan Myra wijde tsjerke feroare en dêrnei bemitsele mei bakstien. De tsjerke is ôfsluten mei in healrûn koer. Yn de súdlike muorre, mei steunbearen om it gebou op syn plakte hâlden, binne spoaren te sjen fan romaanske yngongen en lytse rûnbôge-finsters. Spitigernôch waard yn de 19e iuw de noardlike muorre ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in nije muorre.

De tsjerke hat in toer út de 14e iuw. De toer is letter foar in part ommitsele, mar oan de noardlike kant is noch it oarspronklike muorrewurk te sjen. De ynsnuorre achthoekige spits datearret út de 19e iuw.

Yn de 16e iuw krige de tsjerke tagelyk mei in nije kapel ek in houten tonferwulft. De iken preekstoel oan de súdlike muorre is fan 1711 en fersierd mei foarstellings fan de evangelisten en it Lêste Jûnsmiel. It doophek waard yn de 19e iuw ferfongen troch it tsjintwurdige doophek. Oer de flier lizzen in tal sarken, wêrfan't de âldste fan reade sânstien is en út 1486 stamt.

De tsjerke besit in oargel fan L. van Dam & Soannen, dat boud waard yn 1862. It is ien fan de lêste oargels sûnder wynmotor en moat noch jimmeroan trape wurde.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: