Ierdewurkmuseum De Waach
Ierdewurkmuseum De Waach | ||
bouwurk | ||
De Waach fan Makkum | ||
lokaasje | ||
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Warkum | |
adres | Waachsteech 1 | |
koördinaten | 53° 3' 18" NB 5° 24' 14" EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | waach | |
boujier | 1698 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39419 | |
kaart | ||
Ierdewurkmuseum De Waach of Museum Ald Makkum is in museum oan de Prúkmakkershoeke yn Makkum. It jout in oersjoch fan fjouwer iuwen ierdewurk mei tinglazuer. Dit tinglazuer ierdewurk in De wie foar in grut part it wurk fan de bedriuwen dy't yn Fryslân produsearre hawwe. De pleatslike klaai dy't nei it bakken in giele of readeftige kleur hat, waard omfoarme ta majolika. Sa binne hjir tableaus en majolika.
Stifting Museum Ald Makkum hat mear as 20.000 foto’s en dokuminten oer de histoarje fan Makkum en de gemeente Wûnseradiel. Der binne wikseljende eksposysjes. Keunstners dy’t in bining mei Makkum hawwe kinne hjir eksposearje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebou waard brûkt foar it karren en wagen fan fleis en molkprodukten as bûter en tsiis. De Waach op de hoeke fan de Waachsteech en de Prúkmakkershoeke waard mei byhearrende waachmasterswenning yn de Wachsteech yn 1698 boud. Twa gevelstienen herinnerje oan dizze bou ûnder it bewâld fan grytman Aylva en de fiif kommitearden foar de bou. It fjouwerkante gebou telt trije boulagen mei dêrboppe in tintedak en in toer. De tagongspoarten fan it gebou sitte oan de noard- en oan de westside. Oan beide kanten fan de poarten binne yn totaal acht ovale finsters yn de gevel makke. Op it tintedak stiet in iepenwurke lantearne mei oan elk fan de fjouwer siden in oerwurk. De lantearne wurdt bekroand mei in ynsnuorre spits. Dak en spits waarden yn 18e iuw fernijd. De byhearrende waachmasterswenning is oan de binnenkant hielendal betegele.
De Waach en de waachmasterswenning binne beide erkend as ryksmonumint.
Sûnt 1985 siet yn it gebou it Fries Aardewerk Museum 'De Waag'.[1]De kolleksje 'Van den Akker' is ferpleatst nei it Harnzer Ierdewurkmuseum. Wyls wurdt it gebou brûkt troch it toeristysk ynformaasjepunt fan de stifting Het Friese Hart (de eardere VVV) en de Stichting Ald Makkum.
-
Gevelstien as oantinken oan de bou ûnder grytman Aylva
-
Gevelstien as oantinken oan de kommittearden fan de bou
-
De waachmasterswenning
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Waachgebouwen yn Fryslân | ||
---|---|---|
Aldeboarn • Boalsert • Dokkum • Frjentsjer • De Gordyk • Harns • Hylpen • Kollum • Langwar • De Lemmer • Ljouwert • Ljouwert (beurs) • Makkum • Sleat • Warkum | ||
· · |