Harnzer Ierdewurkmuseum
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
It Harnzer Ierdewurkmuseum wie oant 2015 in museum yn de stêd Harns oer ierdewurk dat tusken 1620 en 1910 makke waard yn Harns, Warkum en Boalsert. De kolleksje is ûnderferdield yn tinglazuer- en kerfsneedierdewurk.
It museum siet oan de Sâltsleat yn in hûs mei klokgevel út 1786 dat in ryksmonumint en ûnderdiel fan it beskerme stedsgesicht fan Harns is. Yn 1967 is it pân restaurearre troch de Hein Buismanstichting.
Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Akker, M. van der - Fries aardewerk. Majolica, faience, kerfsnee. Kolleksje Minze van den Akker (2007).
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Harlinger Aardewerk Museum fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|