Springe nei ynhâld

Hein Buisman Stichting

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hein Buismanstichting)

De Hein Buisman Stichting is in stifting dy't him dwaande hâldt mei it opknappen fan monumintale pannen, benammen yn de stêd Harns.

Yn 1961 waard de monumintewet fan krêft en waarden mear as 500 âlde Harnzer gebouwen op de rykslist fan beskerme monuminten set. Yn 1963 waard de Hein Buisman Stichting oprjochte troch de Ljouwerter sakeman Hein Buisman. De stifting hat yn oparbeidzjen mei de Feriening Ald Harns goed 70 monuminten yn Harns opknapt. Ut en troch pakt de stifting ek gebouwen bûten Harns oan.

De Hein Buisman Stichting hat syn wurk projektmjittich oanpakt, dat wol sizze dat hieltyd yn in part fan de stêd meardere pannen restaurearre binne. Se hawwe har dêrby net rjochte op de eksklusive pannen, mar benammen op buerten dy't yn de 60-er jierren somtiden swier yn ferfal wienen. De pannen wienen meastentiids foar in lyts pryske te besetten en koene faak wer knap ferkocht wurde. De wichtichste projekten fan de stifting binne:

  • Sâltsleat en neiste omkriten
  • Fiverbuert
  • De Lanen
  • De Tsjerkestrjitten en Hilligewei
  • Almenum en neiste omkriten
  • De Heechstrjitte en neiste omkriten

It projekt Sâltsleat en omjouwing levere yn de jierren santich lanlike bekendheid op foar de stifting. It wie in goed foarbyld fan de restauraasje fan in lytse grêft. Yn it projekt binne 19 pannen opknapt. De earste, Sânsleat 43, waard yn 1967 oplevere.

De stifting hat de folgjende doelstellings:

  • Histoaryske of kultuerhistoaryske pannen yn de Gemeente Harns yn eigendom te krijen en mooglik wer te ferkeapjen as foldwaande fêststiet dat dêrtroch it yn stân hâlden fan it karakter fan it opjekt sa folle mooglik befoardere wurdt.
  • Restauraasje fan histoaryske of kultuerhistoaryske pannen, yn eigendom fan de stifting of oaren, te befoarderjen.
  • It bestimmen fan soksoarte pannen ta monumint troch de oerheid as oaren te befoarderjen en it neilibjen dêrfan respektearje te litten.
  • Alle wetlike middels dy't it doel fan de stifting befoarderje.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]