Waach (Dokkum)
Waach (Dokkum) | ||
bouwurk | ||
De waach yn 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Dokkum | |
adres | Grutte Breedstrjitte 1 | |
koördinaten | 53° 19' 34" N 5° 59' 58"E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | waach | |
boujier | 1754 | |
arsjitekt | Sjouke Nooteboom | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 13118 [1] | |
kaart | ||
De waach fan Dokkum waard yn 1754 boud as bûterwaach en ferfong in earder bouwurk út 1593.
Yn it gebou siet oan de súdkant ek de militêre wacht. Op de súdgevel stiet it wapen fan Fryslân tusken ta liuwen. Oan de noardgevel (dêr't it Wapen fan Dokkum op stiet) wie oarspronklik in bûterwaach. Op de gevelstien stiet de tekst Weegt en Waakt, dat seit wat oer de oarspronklike dûbelde funksje fan de Waach as waachgebou en en dat it gebou plak bea foar de haadwacht.
De lufel waard yn de 18e iuw taheakke.
Nei't it gebou de funksje fan waach ferlear, hat it ûnder oare tsjinst dien as stalling foar brânwarspuiten, plysjeburo, âldheidskeamer en VVV-kantoar. Sûnt 1998 wurdt it gebou brûkt as restaurant.
-
De Waach (2007)
-
De gevelstien mei de tekst "Weegt en Waakt" (2014)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ronald Stenvert Waach fan Dokkum yn Monumenten in Nederland. Fryslân (2000). Seist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch/Swol: Waanders Utjouwers. |
Waachgebouwen yn Fryslân | ||
---|---|---|
Aldeboarn • Boalsert • Dokkum • Frjentsjer • De Gordyk • Harns • Hylpen • Kollum • Langwar • De Lemmer • Ljouwert • Ljouwert (beurs) • Makkum • Sleat • Warkum | ||
· · |