Waach (Warkum)

Ut Wikipedy
Waach (Warkum)
bouwurk
De Waach fan Warkum
De Waach fan Warkum
lokaasje
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Warkum
adres Merk 4
koördinaten 52° 59' NB 5° 27' EL
bysûnderheden
type bouwurk waach
boujier 1650
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39461
offisjele webside
http://www.warkumserfskip.nl
kaart
Waach (Warkum)
Waach

De waach fan Warkum waard yn 1650 boud. It ferfong in earder ferfallen bouwurk. De lizzing is oan it merkplein de Merk njonken de Gertrudistsjerke. De waach hat oan ien kant in lange luif.

It gebou hat in skylddak mei oan eltse kant in dakkapel mei trepgevel. Op de hoeken fan it dak stean fjouwer liuwen mei in wapenskyld mei dêrûnder in satyr. Yn de gevels sitte ek wapenstiennen, wêrûnder it gemeentewapen mei it jiertal 1650.

Neidat it gebou de funksje fan waach ferlear hat it, lykas de waach fan Dokkum, ferskate oare bestimmingen hân: plysjeburo, VVV-kantoar en museum.

Yn 2007 is it waachgebou prachtich restaurearre, en wurdt brûkt as VVV-kantoar en Museum Warkums Erfskip

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Waachgebouwen yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
AldeboarnBoalsertDokkumFrjentsjerDe GordykHarnsHylpenKollumLangwarDe LemmerLjouwertLjouwert (beurs)MakkumSleatWarkum