Springe nei ynhâld

Pothûs (Makkum)

Ut Wikipedy
De tegels yn it pothûs fan Tichelaar yn Makkum, hjir groepearre wjerjûn

It Pothûs oan de Turfmerk 55 yn de Makkum waard troch de famylje Tichelaar fan de ierdewurk- en tegelfabryk Tichelaar brûkt as pakhûs en fan 1960 oant 1984 as museum en eksposysjeromte.

It Pothûs wie yn de 19e iuw en begjin 20e iuw in tegelpakhûs foar it Makkumer tichelfabryk fan Tichelaar. Yn 1895 joech de doetiidske eigener, Jan Pieters Tichelaar, de opdracht om de gevel fan it by it bedriuw hearrende Pothûs aan de Turfmerk 55 te fernijen. By dizze fernijing liet hy troch de petielskilder Jacobus ten Zweege jr. (1855 - 1917) in trijetal tegels meitsje. De middelste tegel op it pân lit de bedriuwsgebouwen fan Tichelaar oan de Turfmerk yn Makkum sjen. Dat tableau wurdt flankearre troch twa wapens, it wapen fan Makkum mei de seemearmin en it wapen fan de famylje Tichelaar.

Fan 1960 oant 1984 waard it Pothûs brûkt as museum en waarden der tentoanstellings hâlden. Letter waard de kolleksje oerbrocht nei it Waachgebouw fan Makkum. Yn 2001 waard de kolleksje tichelwurk yn brûklien oerdroegen oan it museum Princessehof yn Ljouwert.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tichelaar, Pieter Jan Gebakken schilderijen: Friese keramische platen, 1870-1930, útj. Primavera Pers, Leien, 1998, ISBN 90-74310-46-X

  1. Ljouwerter Krante d.d. 12 desimber 2001 Tichelwurk út Makkum nei Prinsessehof