Springe nei ynhâld

Pothûs

Ut Wikipedy
Grins, Turfsingel 10

In pothûs of puthûs is in lytse út- of oanbou lizzend foar of njonken in steedlik wenhûs. It is in ferdjippe romte dy't diels boppegrûns útstekt. Se wienen al bekend yn de midsiuwen doe't it, krektas it haadgebou, út hout oplutsen wie.

Oarspronklik wie de namme puthûs omdat de bousels oer in reinwettersbak foar it himelwetter boud wienen. Ut it sûterrain of kelder wei koe men sa binnentroch yn it puthûs wetter ophelje. Letter binne de romtes faak fergrutte en feroare fan bestimming. Sa waarden se brûkt as wurkpleats fan ambachtslju, as opslachromte of as keukenpothûs dêr't ek it húske yn siet. Uteinlik joegen se as kelderwenning ek wol ûnderdak oan húshâldings. Pothuzen hienen faak in wat skean ôfrinnend plat dak. Se koenen meastal fan binnenút berikt wurde, mar der binne ek pothuzen mei allinnich in bûtentagong.

Yn Nederlân binne tsientallen ryksmonumintale pothuzen, in grut diel dêrfan yn Amsterdam. Ek yn Dútslân (bygelyks Hamburg en Neurenberg) binne pothuzen gjin ûnbekend ferskynsel.

Yn it Pothûs fan it Makkumer tichelfabryk fan Tichelaar wie yn de 19e iuw en bejin 20e iuw in tegelpakhûs Fan 1960 oant 1984 ward it brûkt as museum en eksposysjeromte fan tichelguod.

De Grinzer beneaming foar sa'n útbou is potkast (Stedsgrinzersk: Potkaaste, provinsjaal Grinslânsk: Pothoes). Yn Grins binne noch trije potkasten te finen; oan de Oude Kijk in 't Jatstraat (hoeke Zwanestraat), it Schuitendiep en oan de Turfsingel.

In âld sprekwurd dat nei in pothûs ferwiist is: Men berget earder tûzen manlju yn in pothûs, as't twa froulju libje kinne yn in grut hûs.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: