Venedikt Jerofejev
Venedikt Jerofejev | ||
skriuwer | ||
Grêf fan Venedikt Jerofejev | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Venedikt Vasiljevitsj Jerofejev | |
nasjonaliteit | Russysk | |
berne | 24 oktober 1938 | |
berteplak | Niva-2/Kandalaksja | |
stoarn | 11 maaie 1990 | |
stjerplak | Moskou | |
etnisiteit | Rus | |
wurk | ||
taal | Russysk | |
sjenre | satire | |
streaming | Postmodernisme | |
bekendste wurk(en) |
Moskou-Petûsjky (Москва — Петушки), |
Venedikt Jerofejev, folút Venedikt Vasiljevitsj Jerofejev (Russysk: Венедикт Васильевич Ерофеев; 24 oktober 1938 - 11 maaie 1990) wie in Russysk skriuwer en dichter.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jerofejev waard berne yn de lytse delsetting Niva-2, in foarstêd fan Kandalaksja, yn de oblast Moermansk. Syn heit waard fêstset yn de tiid fan Stalin syn grutte suveringskampanje, mar hy oerlibbe 16 jier yn de Gûlach.
Jerovjev wenne it grutste part fan syn jeugd yn Kirovsk, oblast Moermansk. Hy besocht om filology te studearjen oan de Universiteit fan Moskou, mar waard nei oardel jier fan dy universiteit stjoerd omdat er net mei die oan de ferplichte militêre treningen. Letter studearre er oan ferskate oare ynstituten, ûnder oaren yn Kolomna en Vladimir, mar hy hat nea in stúdzje ôfmakke. Meast waard er fan skoalle stjoerd fanwege 'ymmoreel hâlden en dragen' (frijtinkerij). Tusken 1958 en 1975 wenne er sûnder propiska yn stêden yn Ruslân, Oekraïne, Wyt-Ruslân, Litouwen en ek in skoftke yn Oezbekistan en Tadzjikistan, dêr’t er ienfâldige en min betelle baantsjes hie; ek in skoft wenne en wurke er yn in datsja yn Moskou.
Hy sette útein mei de skriuwerij doe’t er 17 jier wie. Yn de jierren 60 skreau er artikelen foar ferskate literêre blêden oer Henrik Ibsen and Knut Hamsun , dy’t net in soad wurdearring krigen.
Jerofejev wie bekend om syn ûnbidich alkoholisme. Syn yn ferskate talen oersette epyske 'Moskou op sterk wetter' (1969) (Nederlânsk: Moskou op sterk water; Ingelsk: Moscow to the End of the Line en Moscow Stations) is in ferslach fan in treinreis fan Moskou nei Petûsjky drinze yn alkohol. Underweis bringt de helt him guon fan syn fantastyske eskapades te binnen, ûnder oaren syn oarlochsferklearring oan Noarwegen en it yn detail byhâlden fan de drinkgewoanten fan syn kollegas doe't er sjef wie fan in ploech kabellizzers. Stadichoan wurdt it ferhaal surrealistysker. Dit masterwurk fan Jerofejev is ien lange skerpe satire op it libben yn de Sovjet-Uny mei in filosofysk karakter.
Jerofejev hat sels sein dat er yn 1972 de roman "Sjostakovitsj" oer de ferneamde komponist Dmitri Sjostakovitsj skreaun hat, mar dat it manuskript út in trein stellen wurden is. De roman is lykwols nea fûn.
Yn 1987 liet Jerofejev him ta Roomsk-katolyk dope. Jerofejev is stoarn oan kielkanker. Foar syn dea hat er noch in toanielstik ôfmakke mei de namme "Walpurgisnacht of Stappen fan de Kommodore" ("Вальпургиева ночь или Шаги командора") en wie er noch dwaande mei in stik oer Fanny Kaplan.
Syn deiboeken ferskynden postúm.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Svetlana Gajser-Snitman: Venedikt Erofeev, „Moskva-Petuski“ ili „the rest is silence“. Lang, Bern u.a. 1989, ISBN 3-261-03949-3
- Cynthia Simmons: Their father’s voice. Vassily Aksyonov, Venedikt Erofeev, Eduard Limonov, and Sasha Sokolov. Lang, New York u.a. 1993, ISBN 0-8204-2160-X
- Heinrich Pfandl: Vorwort des Herausgebers. In: Jurij Levin: Kommentar zum Poem Moskva-Petuški von Venedikt Erofeev. Graz 1996, s.7-11 (Übers. von S.13-17).
- Neil Stewart: „Vstan' i vspominaj“. Auferstehung als Collage in Venedikt Erofeevs Moskva-Petuški. Frankfurt am Main 1999, ISBN 3-631-34389-2