Kolomna
Kolomna | |
---|---|
Sicht op it kremlyn fan Kolomna | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Moskou |
Sifers | |
Ynwennertal | 136.778 (2022) |
Oerflak | 65.10 km² |
Befolkingstichtens | 2101,04 ynw./km² |
Hichte | 125 m sintrum |
Oar | |
Stifting | 1177 |
Simmertiid | (UTC+3) |
Koördinaten | 55° 05' N 38° 46' E |
Webside | Side gemeente |
Kolomna is in stêd yn de oblast Moskou yn Ruslân. It is ien fan de âldste stêden fan de oblast, in yndustrieel sintrum en ferkearsknooppunt en in rivierhaven oan de Oka. Neffens resinte stúdzjes waard de stêd tusken de jierren 1140-1160 stifte. De stêd is ryk oan bouwurken dy't it besjen wurdich binne. Dêrûnder it kremlyn fan Kolomna, in seldsum goed bewarre monumint fan de âlde russyske ferdigeningsarsjitektuer.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kolomna leit sintraal yn it Europeeske diel fan Ruslân op it plak dêr't de rivieren de Moskva en de Oka gearrinne, likernôch tusken de stêden Moskou en Rjazan. De ôfstân fan Moskou nei Kolomna is 100 kilometer oer de wei en 117 kilometer oer it spoar.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd waard as grinspost fan it foarstendom Rjazan stifte en hat oan wichtige hannelswegen lein. Dat wie ek de oarsaak dat der yn it ferline fûl fochten waard om stêd, ynearsten troch de foarsten fan Vladimir en dêrnei troch de foarsten fan Moskou. Yn 1301 waard de stêd ûnderdiel fan it grutfoarstendom Moskou. Tusken de 13e iuw en de 16e iuw hie de stêd slim te lijen fan oanfallen fan Tataren. Sadwaande waard de stêd regelmjittich it sammelplak fan russyske troepen foar fjildtochten tsjin de Tataren. Foarst Dmitri Donskoj ynspektearre foar de Slach op it Kûlikovo-fjild yn 1380 de troepen yn de stêd. Hiel ûnferwachts waard de stêd yn 1385 troch Oleg fan Rjazan oermastere, mar in pear jier letter foel de stêd wer oan Moskou ta.
Tusken 1525 en 1531 waard in massyf stiennen kremlyn boud yn Kolomna, it op ien nei grutste kremlyn fan it foarstendom nei dat fan Moskou. Dêrmei naam it strategyske belang fan de stêd ta, dat ûnderdiel waard fan de doedestiidske grins fan it foarstendom Moskou. Yn de Tiid fan Unstjoer yn it begjin fan de 17e iuw folgde de besetting fan de stêd troch Poalske troepen.
Letter lei it belang fan de stêd benammen op it mêd fan de hannel, tanksij de ferbining mei in belangrike transportwei. Katarina de Grutte besocht de stêd yn 1775. Wat letter stjoerde hja de arsjitekt Matvej Kasakov nei Kolomna om de stêd op 'e nij yn te rjochtsjen. Syn plannen waarden yn 1794 oannommen.
Kolomna krige yn 1862 in ferbining oer it spoar mei Moskou doe't it spoar fan Moskou nei Rjazan oanlein waard. It brocht de stêd de yndustriële ûntwikkeling: yn 1863 waard in lokomotivefabryk en in masjinefabryk stifte. Yn itselde jier waard yn Kolomna ek in iepenbier sikehûs iepene. Foar de ferlinging fan it spoar nei Rjazan waard yn 1864 in brêge oer de Oka iepene.
In op 26 augustus 2008 troch it observatoarium Andrûsjivka ûntdutsen asteroïde waard ferneamd nei de stêd, (269251) Kolomna.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan it yn de 16e iuw boude kremlyn fan Kolomna bleaune njonken bakstiennen muorren en tuorren de Uspenski-tsjerke (1672-1682), de klokketoer (1825) en it yn de 18e iuw troch Matvej Kazakov boude biskoplike paleis bewarre. Yn it stedsgebiet steane boppedat de Bogojavlenskaja-tsjerke út it ein fan de 17e iuw, de Vosnessenskajatsjerke (yn 1799 troch Matvej Kazakov boud) en twa kleasters út de 14e en 17e iuw.
Under de net-religieuze gebouwen binne û.o. barokke hûzen fan keaplju en in út it begjin fan de 19e iuw stammende winkelgalerij it besjen wurdich.
Yn Kolomna is in literatuer- en in streekmuseum.
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd hat in troch de Nederlanner Bertus Butter ûntwurpen oerdekte iisbaan. Kolomna ynvestearre 150 miljoen euro yn it oanlizzen fan de iishal, dy't de namme Kometa krige. Yn de yn 2006 iepene iishal waarden yn 2008 de Europeeske kampioenskippen reedriden organisearre.[1][2]
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Ynwennertal |
---|---|
1897 | 20.277 |
1926 | 35.000 |
1939 | 75.112 |
1959 | 99.693 |
1970 | 135.934 |
1979 | 147.295 |
1989 | 161.881 |
2002 | 150.129 |
2010 | 144.589 |
2022 | 136.778 |
-
Kremlyn-tsjerken
-
Monumint foar de yn Kolomna produsearre stoomlokomotyf "L"
-
Betinkingsmonumint en ivige flam
-
Leninmonumint
-
Krúsferheffingskatedraal
-
Jehannes de Dopertsjerke
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kolomna
|