Vladimir (stêd)

Ut Wikipedy
Vladimir (stêd)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Vladimir
Sifers
Ynwennertal 348.663 (gemeente) (2022)
Oerflak 137,14 km²
Befolkingstichtens 2.545 ynw. /km²
Hichte 150 m boppe seenivo (sintrum)
Oar
Stifting 990 of 1108
Tiidsône UTC +3
Koördinaten 56° 08' N 40° 25' E
Webside www.vladimir-city.ru

Vladimir (Russysk: Влади́мир; IPA: vlɐˈdʲimʲɪr) is in stêd yn Ruslân oan de rivier Kljazma, 200 km beëasten Moskou oan de sneldyk M7. It is de haadstêd fan de oblast Vladimir. Vladimir wie yn de midsiuwen ien fan de haadstêden fan Ruslân. Twa fan de katedralen yn Vladimir stean op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO. De stêd hat in lofthaven en yn it tiidrek fan de Kâlde Kriich wie dêr de fleanbasis Dobrynskoje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stifting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste fernijing fan Vladimir yn de Nestorkronyk is fan 1108, it jier wat yn it generaal as stiftingsjier fan de stêd beskôge wurdt. Der wurdt oannaam dat Vladimir Monomach de stifter en nammejouwer fan de stêd west hat. Vladimir Monomach soe de regio erfd hawwe as part fan it foarstedom Rostov-Sûzdal en de soe de stêd stifte hawwe om him los te meitsjen fan de ynfloed fan de bojaren. Yn 1958 waard de 850e jierdei fan Vladimir fierd.

Yn de jierren 1990 fan de 20e iuw makke in oare teory opgong, dy't de stifting fan de stêd taskriuwt oan Vladimir I de Hillige, dy't Ruslân kristene hat. Neffens dy ferzje soe Vladimir om 990 hinne ûntstien wêze. Oer dy teory is strideraasje om't se Vladimir âlder meitsje soe as it yn 1024 stifte Sûzdal, wylst ferskate 12e- en 13e-iuwske boarnen fernije dat Vladimir fergelike mei Sûzdal en Rostov in jonge stêd wie.

Gouden Iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dmitrikatedraal

Begjin 12e iuw wie Vladimir mar in ferdigeningspost fan it foarstedom Rostov-Sûzdal. Nei 1157 ferhûze de soan fan Vladimir Monomach, Joeri Dolgorûki ('Joeri mei de lange earms'), de haadstêd nei Vladimir en begjint in Gouden Iuw dy't duorje soe oant de ynfallen fan de Tataren yn Ruslân.

Yn dy perioade wie Vladimir ien fan de moaiste stêden fan Europa, dêr't tal fan katedralen út wite stien boud waarden. Hjoed-de-dei binne dêr noch mar trije fan oerbleaun: de Untsliepeniskatedraal, de Dmitrikatedraal, en de Gouden Poarte.

Delgong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 8 febrewaris 1238 waard Vladimir oermastere troch de Gouden Horde fan Batu Khan. Pakesizzer fan Joeri Dolgorûki, prins Joeri II, en syn famylje komme op de earste dei fan de de belegering om, doe't al 32 gebouwen troch brân ferwoastge waarden.

Dy klap is Vladimir nea wer oerhinne kaam; hoewol't it oant mids 14e iuw de haadstêd fan Ruslân bleau, ferskode it politike sintrum stadichoan nei de nijere stêden Moskou en Nizjni Novgorod.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Gouden Poarte fan Vladimier
Untjouwing ynwennertal
1811 1840 1863 1897 1914 1926
5 700 12 000 14 700 28 500 32 700 40 000
1939 1956 1959 1962 1970 1976
66 800 121 000 154 000 174 000 234 000 276 000
1979 1986 1989 1996 2002 2008
296 400 336 000 349 700 339 700 315 954 339 494

De befolking is foar 85% ortodoks. Der is ek in katolike gemeente mei de Rosairetsjerke as gebedshûs.

Modern Vladimir[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lenina Avenue yn Vladimir

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Vladimir binne ferskate elektrisiteitssintrales en gemyske fabriken festige; teffens fiedselferwurkjende fabriken en it is it haadkertier fan it 27e raketleger fan de Strategyske Raketstriidkrêft. It toerisme hâldt ferbân mei de histoaryske plakken yn de stêd en foarmet in wichtige boarne fan ynkommen.

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vladimir hat de folgjende ynstellingen foar heger ûnderwiis:

  • Steatsuniversiteit Vladimir
  • Steatsuniversiteit foar the Humanioara Vladimir (klassike talen en letterkunde)
  • Judysjeel Ynstitút Vladimir fan it ministearje fan Justysje
  • Sake-ynstitút Vladimir

Yn Vladimir is ek it "Federaal Sintrum foar Sûnens en Wolwêzen fan Bisten.

Transport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vladimir is ferbûn mei Moskou en Nizjni Novgorod oer it spoar en de M7. Lokaal ferkear wurdt fersoarge mei bussen, trolleybussen, persoanebuskes en taksy's. De lêste twa binne it hiele etmaal ta jin foldwaan.

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

FC Torpedo Vladimir is de fuotbalklup fan de stêd, sy spylje yn de Russyske Twadde Difyzje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]