Demetriuskatedraal (Vladimir)

Ut Wikipedy
Demetriuskatedraal

Дми́триевский собо́р

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Vladimir
plak Vladimir
koördinaten 56° 07' N 40° 23' E
Arsjitektuer
boujier 1194-1197 (1188-1191)
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 331411342760006
Webside
Side katedraal
Kaart
Demetriuskatedraal (Jeropeesk Ruslân)
Demetriuskatedraal

De Demetriuskatedraal yn 'e Russyske stêd Vladimir is in tsjerke dy't boud waard troch Vsevolod III. De as hûskapel foar de grutfoarst boude katedraal waard wijd oan 'e grutte martler Demetrius fan Tessaloniki. It bouwurk is in typysk foarbyld fan 'e wite tsjerken fan 'e arsjitekturale skoalle Vladimir-Sûzdal. De Demetriuskatedraal is ferneamd om de tige rike dekoraasjes mei bas-reliëfs oan 'e bûtenmuorren. Sûnt 1992 foarmet de katedraal ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed "Wite Monuminten fan Vladimir en Sûzdal".

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard troch Russyske masters boud yn 'e heechtijdagen fan it foarstedom Vladimir. Opdrachtjouwer wie grutfoarst Vsevolod III, dy't de tsjerke wijde liet oan Demetrius, de doopnamme fan 'e grutfoarst. Neffens Nikolaj Voronin waard de tsjerke boud yn 'e jierren 1194-1197. Neffens yn 'e jierren 1990 ûntdutsen kroniken troch Tatjana Timofejeva lei it boubegjin fan 'e Demetriuskatedraal om 1188 hinne en soe de tsjerke foltôge wêze yn 1191. Yn ferskillende oare kroniken wurdt lykwols noch jimmeroan ferhelle dat de ikoan fan Demetrius pas yn 1197 út Byzantium brocht waard en dat dat it jier fan 'e foltôging fan 'e katedraal west ha moat.

12e-iuwsk fresko fan it Jongste Gerjocht.

Yn 1237 dielde de katedraal yn it lot fan 'e haadstêd fan it foarstedom Vladimir. De tsjerke waard yn brân stutsen en plondere troch de Mongoalske Tataren. It soe net de lêste kear wêze dat de tsjerke ôfbaarnde. Ek yn 'e jierren 1536, 1719 en 1760 waard de tsjerke troch brân troffen. By ferbouwings yn 'e 16e en 17e iuw waarden feroarings útfierd, wêrby't dekorative eleminten ferlern gyngen.

Om 'e tsjerke hinne wiene galerijen en tuorren mei treppen boud. De galerijen leine oan 'e noardlike, súdlike en westlike kant fan 'e katedraal en der bestiet gjin twifel oer dat se ferbûn wiene mei it paleis. Argeologyske stúdzjes jouwe tsjintwurdich mear en mear ynformaasje oer de gebouwen fan it paleis.

As in gefolch fan in restauraasje yn 'e jierren 1837-1839 krige de katedraal yn opdracht fan tsaar Nikolaas I in "mear histoarysk oansjen"; de tsjerke ferlear doe de tuorren mei de treppen en de galerijen.

Yn 'e Sovjet-tiid bleau de Demetriuskatedraal it lot fan ôfbraak besparre om't it bouwurk as in monumint fan âlde Russyske keunst beskôge waard. In kommisje foar it behâld fan keunstwurken ûnder lieding fan Igor Grabar makke gebrûk fan 'e katedraal. Yn 1919 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst. In restauraasje begûn yn 1937 en waard nettsjinsteande de Twadde Wrâldkriich fuortset. Oant yn 'e jierren 1970 waard der noch jimmeroan restaurearre.

De katedraal hat in museale funksje, earetsjinsten fine der net mear plak.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grûnplan fan de katedraal.

De ienkoepelige katedraal is trijeskippich. It dak wurdt droegen troch fjouwer pylders. Oarspronklik wie de katedraal omfieme fan galerijen mei treptuorren, dy't de tsjerke ferbûnen mei it paleis.

De gevel is horizontaal te verdielen in trije lagen. De ûnderste laach is ienfâldich en sûnder dekoraasje. Alline de profilearre portalen binne fersierd. De twadde laach wurdt foarme troch in rige pylderkes mei ornaminten en byldhouwurk. It muorrewurk fan 'e boppelaach wurdt trochbrutsen fan smelle finsters en is fierder folslein mei wite bas-reliëfs. By de 19e iuwske restauraasje ferfongen in tal rekonstruksjes de âlde reliëfs, mar it grutste part fan 'e bas-reliëfs binne orizjineel. It binne der mear as 600. Ek de tamboer is tusken de smelle rûnbôgige finsters mei bas-reliëfs dekorearre. De tamboer wurdt ôfsletten mei in helmfoarmige koepel en dêrop in fan ferguld koper krús. Oan 'e súdlike gevel is in grutskalich wurk te sjen fan 'e himelfeart fan Aleksander de Grutte. It ferhaal dat útbylde wurdt is net neffens de otterdokse lear, mar wie yn 'e 12e iuw in populêre oerlevering. Yn 'e hannen hâldt Aleksander twa liuwen, dy't griffioenen ferliede. In sittende kening David mei dowen yn syn hannen nimt op alle gevels in sintraal plak yn.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur is ienfâldich om't de measte fresko's net bewarre binne. Yn it ferwulft bleau in diel fan in grutskalich fresko bewarre fan it Jongste Gerjocht. Ek de oanbuorjende Untsliepeniskatedraal hat in fresko fan it Jongste Gerjocht, mar it fresko fan de Demtriuskatedraal is âlder en datearret út de 12e iuw.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Дмитриевский собор (Владимир)