van Wad tot Stad
van Wad tot Stad | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
taal | Nederlânsk | |
sjenre | streekblêd | |
frekwinsje | 1x yn 'e wike | |
bestean | 1997 – no | |
plak haadred. | Frjentsjer (Fryslân) | |
útjouwer | van Wad tot Stad Media | |
offisjele webside | ||
www.vanwadtotstad.nl |
Van Wad tot Stad (stilearre as van Wad tot Stad, mei de earste letter lyts) is in streekblêd dat fergees hûs oan hûs besoarge wurdt yn 'e noardwesthoeke fan Fryslân. It krantsje waard yn 1997 oprjochte en affisjearret him op 'e foarside ûnder de titel as "de krante fan Frjentsjer, Harns, Sint-Anne, Stiens, Boalsert en omkriten". It blêd hat trochinoar sa'n tritich siden en berjochtet oer nijs, kultuer en sport yn it ferspriedingsgebiet.
Foarhinne beheinde de fersprieding fan van Wad tot Stad him ta de kuststripe fan It Bilt yn it noardeasten oant it noardlike part fan it âlde Wûnseradiel yn it súdwesten. Sûnt de oprjochting fan 'e nije gemeente De Waadhoeke wurde ek it âlde Menameradiel en guon doarpen yn it âlde Littenseradiel meinommen. Neffens van Wad tot Stad sels wie it yn 2018 "al 21 jier it bêst lêzen blêd fan Noardwest-Fryslân!"
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|