Springe nei ynhâld

Oezbekistan

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Uzbekistan)
O‘zbekiston Respublikasi
Flagge fan Oezbekistan Wapen fan Oezbekistan
Flagge Wapen
Lokaasje fan Oezbekistan
Offisjele taal Oezbeeksk
Haadstêd Tasjkent
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
447.400 km²
3,6­%
Ynwenners (2002) 25.563.441
Munt Sum (UKS)
Tiidsône UTC +5
Nasjonale feestdei 1 septimber
Lânkoade UZB
Ynternet .uz
Tillefoan 998

Oezbekistan is in lân yn Sintraal-Aazje. De haadstêd is Tasjkent en de presidint fan de republyk is sûnt 2016 Shavkat Mirziyoyev.

Oezbekistan wurdt begrinzge troch:

It gebiet fan Oezbekistan omfiemet it sintrum fan it Turan-bekken en is súdwestlik part fan de Kysyl Kum woastyn. Oan de súdwestlike grins mei Turkmenistan rint troch de woastyn de Amu-Darja dy't yn it Aralmar útmûnet. Yn it easten wurdt it lân begrinzge troch de útrinners fan de Tiansan. It kontinintale klimaat soarget foar hjitte simmers.

Oezbekistan is in foar it grutste part skrok lân. Amper 10% fan har oerflak is yn kultuer brocht en bestiet út yntinsyf yrrigearde rivierfalleiën en oazes. De rest bestiet út woastinen (Kyzyl Kum) en bergen. De heechste pyk fan it lân leit op 4,643 meter hichte, yn it súdlike part fan de Gissar Range yn de provinsje Surkhandarya, op de grins mei Tadzjikistan, just te noardwesten fan Dushanbe (en eartiids bekend as Pyk fan de 22e Kongres fan de Kommunistyske Parij, yn distiid sûnder namme).

De grutte stêden fan it lân binne Bukara, Samarkand, Namangan en de haadstêd Tasjkent.

Yn de 19e iuw waarden de islamityske kanaten troch de Russen anneksearre en ûnderbrocht yn it tige grutte gûvernemint-generaal Turkestan fan it Russyske Ryk. Tidens de Russyske Burgeroarloch wie Sintraal-Aazje ien fan de gebieten dêr't de kriich it langs oanhâlde soe, benammen troch it ferset fan de Basmatsjys, dy't in islamitysk steat hawwe woenen. Yn 1924 waard de Oezbeekse sosjalistyske sowjetrepublyk foarmeare.

Under it Sowjetrezjym waard de lânbou grut opsetten en yntinsyf katoen en nôt ferboud. Troch te folle gebrûk fan agrogemikalyen en yrrigaasje is in part fan it lân swier fersmoarge rekke en it Aralmar en in oantal rivieren (benammen Amu Darja) heal ferdrûge. Oezbekistan waard yn 1991 ûnôfhinklik en besiket tsjintwurdich har ôfhinklikens fan de lânbou te ferminderjen troch mear gebrûk te meitsjen fan har mineralen– en ierdoaljereserves.

Yn distiid hat it lân te krijen mei moslimterrorisme en de dêrmei gearhingjende beheining fan de godstsjinstfrijheid, minskerjochten en demokrasy.

Oesbekistan hat in lânklimaat mei dêr't net folle delslach falt (jierliks 100–200 millimeters). De temperatuer is yn de simmer trochstrings sa'n 40 °C en yn de winter om-ende-by -23 °C.

Bern posearje foar in foto yn Registan. Goed in tredde fan Oezbekistaanske befolking is ûnder de 14 jier âld.

De Oezbeken foarmje mei 76% de grutste befolkingsgroep. Oare etnyske groepen yn it lân binne de Russen mei 6%, Tadzjiken 4,8%, Kazachen 4%, Kirgezen 1%, Tataren 1.6%, oars 6,6% (folkstelling 1998).

De befolking is mei 88% haadsaaklik Moslim (meastepart Soennitysk, mei in 5% Shi'a minderheid). Om-ende-by 9% is in oanhinger fan de East-Ortodokse Tsjerke en 3% hawwe in oar leauwen. Foar it útinoar fallen fan de Sowjet-Uny wie yn Oezbekistan ek in grutte Joadske minderheid, de Bukarian Joaden. Meastepart hawwe it lân ferlitten en binne nei de Feriene Steaten en Israel emigrearre.