Springe nei ynhâld

Utah Film Studios

Ut Wikipedy
Utah Film Studios
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Park City (Utah)
oprjochte 2015
eigner Crandall Capital
offisjele webside
www.utahfilmstudios.com
kaart
Utah Film Studios (Utah)
Utah Film Studios
Lokaasje yn Utah.

De Utah Film Studios binne in studiokompleks yn Park City, in foarstêd fan Salt Lake City yn 'e Amerikaanske steat Utah. It bedriuw waard yn 2017 oprjochte. De Utah Film Studios binne eigendom fan Crandall Capital, in projektûnwikkelingsbedriuw dat grutte plannen mei it kompleks hat.

De Utah Film Studios waarden yn 2017 oprjochte oan Kearns Boulevard 4001 yn Park City, op itselde perseel dêr't earder sûnt 2015 de mar koart besteande Park City Film Studios fêstige west hiene. De earste produksje dy't yn 2015 yn it doe nijboude kompleks opnommen waard, wie de dramasearje Blood and Oil, fan tillefyzjenetwurk ABC, mei Don Johnson yn 'e haadrol. Sûnt binne yn it kompleks útienrinnende media filme, wêrûnder spylfilms, tillefyzjesearjes, reklamespotsjes en fideoclips (fan Lynyrd Skynyrd en Imagine Dragons).

De Utah Film Studios binne eigendom fan 'e projektûnwikkelingsfirma Crandall Capital. Dat is in famyljebedriuw dat fan doel is om it studiokompleks sterk út te wreidzjen mei û.m. in apart kantoargebou, in hotel mei hûndert keamers en in konvinsjesintrum, in sportstadion en in winkelsintrum. De Utah Film Studios ûnderhâlde bannen mei it Sundance Filmfestival foar ûnôfhinklike films, dat elts jier yn Park City holden wurdt.

De Utah Film Studios binne in hypermodern film- en tillefyzjestudiokompleks dat trije soundstages omfettet, elts mei in oerflak fan 1.400 , en teffens in backlot fan 12 ha foar it dwaan fan bûtendoaropnamen. Fierders is der ek 950 m² oan wurkplakken foar it meitsjen fan dekôrstikken en mear as 2.300 m² oan kantoarromte, ferdield yn 4 aparte suites fan elts 9 fertrekken. Dêropta beskikt it kompleks oer 3 klaaikeamers, 4 kofjekeamers, 2 gearkomstesealen, in romte foar fisazjy en hierstilearring, in eigen waskerette foar kostúms en fasilititeiten foar postproduksjewurk lykas filmmontaazje.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Utah Film Studios opnommen binne:

In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e Utah Film Studios opnommen binne:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: