Tsjerke fan Oldendorp
Tsjerke fan Oldendorp Oldendorper Kirche | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Nedersaksen | |
lânkring | Lier | |
plak | Oldendorp | |
adres | Tjaddehofstraße | |
koördinaten | 53°18' N 7°17' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Ev.-grifformearde Tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | tsjerke: 13e-14e iuw toer 13e iuw | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | kultuermonumint | |
Webside | ||
Side tsjerklike gemeente | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Oldendorp is in evangelysk-grifformeard tsjerkegebou yn it Eastfryske Reiderlân. De romanogotyske tsjerke waard yn 'e 13e of 14e iuw boud. De tsjerke foarmet ien gemeente mei dy fan Nendorp en dielt de dûmny mei Ditzum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oldendorp falt ûnder de âldste doarpen fan it Reiderlân en hearde foar de reformaasje ta de proasdij Hatzum yn it bisdom Múnster. Yn 'e tiid fan 'e reformaasje gyng de gemeente oer op 'e grifformearde lear. Oer de boutiid fan 'e sealtsjerke bestiet gjin ienriedigens: de tsjerke waard yn 'e 13e of 14e iuw boud. De muorren binne oant 1,2 meter dik en út de 13e iuw stamt de klokketoer, dy't oan 'e noardlike kant fan 'e tsjerke stiet. De âldere klok is út it begjin fan 'e 14e iuw, wylst de jongere klok yn 1609 getten waard.
De tsjerke waard yn 'e rin fan 'e iuwen ferskillende kearen ferboud. It oarspronklike noardlike portaal waard tichtmitsele en in westlik portaal waard nei alle gedachten yn 'e 17e iuw iepene. Yn 'e eastlike muorre binne fjouwer goatyske bline nissen, werfan't de middelste oarspronklik iepen wiene. Fan 'e fiif goatyske finsters fan 'e súdlike muorre binne mooglik trije letter ris fergrutte. Wylst de finsters oan 'e bûtenkant fan 'e dikke muorre spitse bôgen hawwe, binne se yn 'e tsjerke rûnbôgich.
De súdlike muorre waard nei kriichsskea yn 1955 fernijd. Oan 'e westlike muorre binne noch gatten fan it sjitten yn 'e Twadde Wrâldkriich te sjen. De noardlike muorre waard yn 1964 fernijd. De tsjerke krige ek in nij skylddak.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e mei in houten tonferwulft oerkape tsjerke stiet yn it koer in achthoekich doopfont fan ljochte sânstien. It doopfont stiet op in fjouwerhoekige foet en waard yn 'e earste helte fan 'e 16e iuw makke. Oarspronklik stie it doopfont ûnder de wite preekstoel, dy't njonken it jiertal 1645 it opskrift Himmel und Erde werden vergehen, aber Gottes Wort bleibt ewig draacht.
Yn it koer lizze de grêfsarken fan twa Oldendorper dumny's. De âldste is fan 1663 en betinkt Arnoldi Johannis (dy't fan 1638 oant syn dea yn 'e gemeente wurke) en syn frou Margarete Arnoldi Johannis. De grêfsark foar dûmny Rosendal hat in Nederlânsktalich opskrift: HIER ONDER RÜST HET STOFVELYK DEEL VAN DEN WEL EERWAARDEN HEER HARMANNUS POPPEN ROSENDAL. IN LEVEN VEL GEAGT EVANGELIE DIENAAR IN DESE GEMEYNTE. GEBOREN 27. DECEMBER 1727, OVERLEDEN 26. APRIL 1768 IN HET 13DE JAHR SYNER BEDIENING.
Op 'e noardlike muorre is yn brune letters de tekst Selig sind, die Gottes Wort hören und bewahren skildere.
Fan it nachtmielsreau is in beker út 1675 it neamen wurdich.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel stiet op 'e eastlike galery waard 1870 troch de Eastfryske oargelbouwer Arnold Rohlfs boud. It ynstrumint hat sân registers op ien manuaal en oanhongen pedaal. De frontpipen moasten yn 1917 útboud wurde as grûnstof foar de wapenyndustry. Fan 1993 oant 1994 waard it oargel troch oargelbouwer Regina Stegemann restaurearre.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|