Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Nijskoat

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Nijeskoat
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak Nijskoat
adres Rotstergaastwei 43
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 15e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21188

De Tsjerke fan Nijskoat is de eardere herfoarme tsjerke fan Nijskoat. De tsjerke stiet yn it sintrum fan it midsiuwske hôf dat troch in beammekrâns omklamme wurdt. Súdlik fan de tsjerke stiet it krematoarium en de tsjerke wurdt brûkt as aula.

Op it plak fan de hjoeddeiske tsjerke stie yn 1315 al in kapel. Eartiids stie de tsjerke tusken de bebouwing oan it Tsjerkepaad, de ferbiningswei tusken Aldskoat en Rotstergaast. Tsjintwurdich leit de letgoatyske tsjerke ôfsidich fan de bebouwing. De sealtsjerke mei in trijesidich koer is oplutsen fan op 'e nij brûkte reade kleastermoppen en hat nea in toer hân. Oannommen wurdt dat de tsjerke yn de 15e iuw fernijd waard, mar it is ek mooglik dat dy fernijing letter plakfûn hat.

Yn de acht rûnbôgefinsters binne yn 1976 kleurde ramen fan Hans Niemeijer set.

De tsjerke wurdt al sûnt 1976 net mear foar sneinske tsjinsten brûkt. Wol binne der routsjinsten en mei Kryst wurdt der in krystfiering holden.

Oan de westlike kant fan de tsjerke stiet in klokkestoel mei in klok út de 15e iuw. De klok waard nei in ferbliuw yn it Museum It Hearrenfean en in restauraasje werom hongen yn de toer. De yn 1986 troch Eijsbouts getten klok ferhûze doe nei de klokkestoel by de herfoarme tsjerke fan Mildaam.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]