Herfoarme tsjerke (Mildaam)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Herfoarme tsjerke
Eardere herfoarme tsjerke, Mildaam.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Wapen van Heerenveen.svg It Hearrenfean
plak Mildaam wapen.svg Mildaam
adres Skoaterlânskewei 37
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1726
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 21184
webside Side PKN Ketlik-Mildaam

De Herfoarme tsjerke wie foarhinne de tsjerke fan de herfoarme gemeente fan Mildaam. Yn de tsjerke is tsjintwurdich in atelier ûnderbrocht. It tsjerkhôf is eigendom fan de protestanske gemeente fan Mildaam.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ienfâldige gebou datearret fan 1726 en waard al yn 1964 sletten foar de earetsjinst. Foar de tsjerke drige doe ôfbraak, mar it doarp krige it foar inoar om de tsjerke te restaurearjen. De sealtsjerke mei in trijesidich koer is in ryksmonumint.

De preekstoel is noch altiten yn it gebou oanwêzich, de banken binne weihelle. De tsjerke hat gjin oargel.

Noardlik fan de tsjerke stiet op it hôf in klokkestoel, dy't yn 1935 in âldere klokkestoel ferfong. De klok mei in diameter fan 68,9 sintimeter stamt út 1986 en waard getten troch Eijsbouts, Asten. Oarspronklik hong dy klok yn Hoarnstersweach, mar mei de bou fan in nije klokkestoel dêr binne de klokken ruild. De âldere klok fan Petrus Overney ferhûze doe fan Mildaam nei de nije klokkestoel fan Hoarnstersweach.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: