Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Garmerwâlde

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Garmerwâlde
Lokaasje
provinsje Grinslân
plak Garmerwâlde
adres Doarpswei
koördinaten 53° 14' N 6° 38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Sint-Dionysius[1]
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 9780
Webside
PKN Garmerwâlde-Thesinge-Stedum-Ten Post
Kaart
Tsjerke fan Garmerwâlde (Grinslân)
Tsjerke fan Garmerwâlde

De Tsjerke fan Garmerwâlde (Garmerwolde) is in romanogoatysk gebou út de 13e iuw. De tsjerke is sûnt 2003 oerdroegen oan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De PKN-gemeente Garmerwâlde-Thesinge-Stedum-Ten Post hâldt regelmjittich earetsjinsten.

Van Oeckelen-oargel

Ek al liket de tsjerke tsjintwurdich foar in doarp as Garmerwâlde noch in foars gebou, it is noch mar in diel fan 'e 13e-iuwske krústsjerke, dy't der oant de 19e iuw stien hat. De muorren fan 'e noch besteande bou binne tige ryk fersierd mei siermitselwurk, bôgen, friezen en profilearre finsters.

De âlde oan Sint-Dionysius wijde roomske parochytsjerke waard yn 1594 protestantsk. Alles wat die tinken oan de roomske earetsjinst waard ferwidere, útsein de piskina.

Nei't yn 1845 earder noch reparaasjes oan it gebou útfierd wienen, namen de tsjerkfâden yn 1859 it beslút om de brekfallige midsiuwske tsjerke ôf te brekken en te ferfangen troch nijbou. It twa traveeën lange skip fan 'e tsjerke waard dêrnei sloopt, mar de plannen foar de nijbou fan 'e arsjitekt J. Maris pakten te djoer foar de gemeente út en sadwaande bleau de sloop beheind ta allinne it skip. It koer bleau mei it dwersskip stean. Te sjen is wer't eartiids it skip op 'e rest fan it gebou oansleat, mar de wat ruïne-eftige hoeken fan it westlike skip binne mei âlde stien weropboud, om sjen te litten wer't de muorren ea sitten ha.

De frijsteande 13e-iuwske toer wie noch yn 'e jierren 1840 restaurearre en bleau ek foar ôfbraak sparre. De heal ôfbrutsen tsjerke waard op 'e nij ynrjochte, mar it befoel sa net en besletten waard it koer en de eardere krusing mei wanden fan 'e dwersearms ôf te sluten, in sitewaasje dy't duorre oant yn 'e iere jierren 1940. Fan 1941 oant 1943 waard de tsjerke restaurearre.

It ynterieur fan 'e tsjerke waard yn 'e jierren 2013-2014 wer restaurearre. Oanlieding wie de degeneraasje fan de yn 1941-1943 oanbrochte pleisterlaach.

De tsjerke wurdt tsjintwurdich ek brûkt foar edukative aktiviteiten fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Yn 'e tsjerke stiet in preekstoel út 1740. De hearebank yn it noardlik dwersskip mei in ryk fike opsetstik is 17e-iuwsk. De tsjerkebanken krigen by de restauraasje fan 2013 de hjoeddeiske kleur. De restauraasje wie yn 2014 dien.

De 17e-iuwske klokken waarden yn de Twadde Wrâldkriich út de tsjerke helle. Allinne de âldste klok út 1604 kaam nei de befrijing werom.

Muorreskilderings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de restauraasje yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden yn 'e meloenfoarmige ferwulften 16e-iuwske muorreskilderings ûntdutsen, dy't mooglik troch Jan fan Aken oanbrocht binne. Mei stipe fan it ryk slagge it keunstskilder Gerhard Jansen om de skilderings wer foar it ljocht te heljen en te restaurearjen. Te sjen binne foarstellings út it libben fan Kristus, lykas de ferkundiging, de berte, de oanbidding fan 'e Trije Kenings, de dea fan Marije, en it stjerren fan Kristus (de hôf, Jezus foar Pilatus, de Krusiging en de Opstanning). Oannommen wurdt dat it byldprogram yn it tsjerkeskip oanfolle waard mei foarstellings oer de Himelfeart en Pinkster. De muorreskilderings binne sûnt 2013 restaurearre.

It oargel waard yn 1851, noch foar de ôfbraak fan it skip, boud troch Petrus van Oeckelen. De restauraasjes fan 1943 en 1964 brochten feroarings óan it ynstrumint oan, dy't by de fasearre restauraasje tusken 1995 en 2019 weromdraaid binne en werby safolle mooglik autentyk materiaal van Van Oeckelen brûkt waard. Ek de oargelkas krige syn oarspronklike kleuren werom. It oargel hat 20 registers en in oanhongen pedaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Alle Middeleeuwse Kerken, Peter Karstkarel, ISBN 9789033005589
  • Groninger Kerken, útjefte Stifting Alde Grinslânske Tsjerken, july 2015