Theo Dobbe
Theodorus (Theo) Dobbe[1] (Amsterdam, 19 maart 1901 - Dieren, 5 septimber 1944) wie in liedende Nederlânske fersetstrider yn de Twadde Wrâldoarloch. Yn 1943 waard hy haad fan de saneamde 'oprommingstsjinst' fan de Lanlike Knokploegen.
Groep-Dobbe 1940
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dobbe wie fóar de oarloch haadfertsjintwurdiger fan in linoleumfabryk en leauwich katolyk, en ûntpopke him nei de kapitulaasje ta ien fan de meast rêsteleaze en mearsidige minsken yn it ferset. Al yn de simmer fan 1940 die hy syn earste fersetsdied, troch mei inkele maten, wêrûnder de Bussumske drogist Reeskamp, dy't yn Fryslân nei 1941 foaral de alias 'Harry' of 'dokter Rienstra' brûkte, syn soan Gerard A. Reeskamp, Henry Vroom en Jan van Straelen út de festing Naarden wapens, munysje en eksplosiven te smokkeljen. Ut de aksjegroep Reeskamp is de Groep-Dobbe fuotkomd. Dizze fersetsgroep (yn wikseljende gearstalling) plege spionaazje, sabotaazje, holp Joadske ûnderdûkers en wurke mei oan de fersprieding fan it yllegale blêd Vrij Nederland.
Aksjes Amsterdam 1941
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 14 maaie 1941 waard Amsterdam-Súd opskrikt troch in eksploazje: de groep-Dobbe hie oan de Bernard Zweerskade in filla opblaasd dêr't Dútske offisieren húsfeste wiene. Nei alle gedachten foelen der gjin slachtoffers, mar de skea wie grut. Inkele dagen letter (op 3 juny) waard lykwols in twadde oanslach dien, diskear op de tillefoansintrale fan de Luftwaffe op Schiphol; hjirby foel ien swierferwûne. Oft Dobbe hjirby belutsen wie is net bekend. Mooglik sydlings.
Represailles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De represaille fan de Dútsers foar beide oanslaggen wie lykwols grouwélich. By in razzia waarden trijehûndert Joaden oppakt en streekrjocht nei it konsintraasjekamp Mauthausen stjoerd, dêr't sy al gau omkamen.
Soksoarte represailles yn de ferfolging fan ûnskuldige boargers wiene hast in fêste reaksje fan de besetters op fersetsdieden en soargen foar in geweldige druk op it gewisse fan de yllegaliteit; it kearde de measten net om mei harren striid troch te gean. Sa ek Dobbe en syn maten.
Arrestaasje en ûnderdûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dobbe waard úteinlik troch tadwaan fan Anton van der Waals yn de fal lokke. Hy waard opsluten yn Scheveningen en letter oerbrocht nei in finzenis yn Utert, mar hy wist dêrút te ûntsnappen. Hy moast ûnderdûke en fûn beskûl yn in ferlitten jachthûs by It Oranjewâld, net fier fan It Hearrenfean. Oaren foegen har dêr al gau by him, lykas Gerrit Kleinveld, bekend fan syn ûntsnapping út de bunker fan Kamp Amersfoort.
Oerfal op De Jouwer 1942
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De groep ûntwikkele in nij plan: in oerfal op it distribúsjekantoar op De Jouwer, dêr't bonkaarten foar de regio útjûn waarden. Wittend dat der op it kantoar ûnregelmjittichheden west hiene, stutsen Dobbe en twa meiwurkers op 14 oktober 1942 har yn maresjesee-unifoarm en easken de hiele bonnefoarried plus de byhearrende administrasje op. De 'kreak' slagge wûnderwol, de bonnen (dy't trouwens mar fjouwer wiken jildich wiene) waarden útsetten yn Amsterdam. Uteinlik waard in preemje fan 10.000 gûne útloofd, foar dejinge dy 't de tip jaan koe dy 't liede soe nei de dieders.
By de tariedings hiene lykwols tefolle minsken belutsen west, wêrtroch 't de Sicherheitspolizei op it spoar setten waard en de measten oppakt waarden. Frjemdernôch waarden sy hast allegear gewurde litten, omt it de plysje allinnich te dwaan om Dobbe. Dobbe dûkte ek diskear ûnder by de famylje Burgers oan de Waschweg yn Velp en waard net fûn.
Likwidaasje en eksekúsje 1944
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei in oantal moannen gie er opnij yn it yllegale wurk. Begjin 1944 waard hy benadere troch de lieding fan de Lanlike Knokploegen om in diel fan de organisaasje op him te nimmen, wêrfoar't hy Súd-Nederlân bereizge. Mei syn eigen knokploech wie er benammen dwaande mei de likwidaasje fan ferrieders. Syn lêste aksje op 5 septimber (Dolle Dinsdag) koste him lykwols yn 1944 it libben. Hy besocht de kollaborateur Johnny de Droog te likwidearjen yn opdracht fan syn omkomde freon Jan van Straelen en waard oppakt. Uteinlik waard hy troch de Dútske Sicherheitsdienst dyselde dei op lângoed 't Hof by Dieren (Gelderlân) deasjitten. Dêrmei wie de hiele groep út Bussum útskeakele.
By Keninklik Beslút nr. 21 fan 11 septimber 1951 waard hy postúm byskreaun yn it register fan de Militêre Willems-Oarder, en waard him it Ridderkrús 4e klasse takend foar syn dieden yn de Twadde Wrâldoarloch. Yn Amsterdam is de Theodorus Dobbestrjitte nei him neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|