Springe nei ynhâld

Swart readsturtsje

Ut Wikipedy
swart readsturtsje

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai readsturtsjes (Phoenicurus)
soarte
Phoenicurus ochruros
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     stânfûgel
     trekfûgel
     wintergast

It swarte readsturtsje (Phoenicurus ochruros) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae (miggesnappers). It fûgeltsje briedt yn Europa en it west fan Aazje en oerwinteret yn dielen fan Europa en yn Afrika. In lyts diel fan 'e Nederlânske populaasje oerwinteret yn eigen lân, wylst it grutste part nei súdliker streken trekt.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wyfke.

It 14 sm lange fûgeltsje hat in brúnreade sturt. De mantsjes binne fierder swart en griis en ha in wite flek op 'e wjukken. Mantsjes fan eastlike populaasjes hawwe in brúnreade búk. Wyfkes binne brúngriis. Swarte readsturtsjes sitte faak rjochtop en trilje mei de sturt.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik komme swarte readsturtsjes út bercheftige gebieten en rotseftige lânskippen. It fûgeltsje profitearret fan it keunstmjittige lânskip dat mei stienbulten en oar boumateriaal ûntstiet by bouaktiviteiten, lykas de oanlis fan nije wenwiken. Hege sjongposten wurdt troch kranen en antennes bean.[1]

Swarte readsturtsjes komme yn in grut gebiet fan Europa foar, mar minder noardlik as it besibbe gewoane readsturtsje. Ek is it swarte readsturtsje yn grutte dielen fan Ruslân ôfwêzich, wylst syn ferspriedingsgebiet yn ferlikening mei it gewoane readsturtsje súdliker yn Aazje leit. It Afrikaanske oerwinteringsgebiet fan it swarte readsturtsje is dêrfoaroer beheind ta it noarden en noardeasten fan dat kontinint.

Yn ús lân wurdt it tal swarte readsturtsjes op sa'n 14.000-22.000 briedpearkes rûsd. De soarte hat him de lêste desinnia nei it west fan it lân útwreide, mar de grutste konsintraasjes fan 'e fûgel lizze rûchwei yn 'e eastlike helte. Winterdeis bliuwt in lyts, mar groeiend diel efter yn ús lân, de rest trekt nei it waarmere suden fan Europa. Strange winters yn it suden fan Europa kin de Nederlânske briedpopulaasje negatyf beynfloedzje. De fûgel past him maklik oan gebouwen oan en is ek yn 'e stêd sels en op yndustryterreinen te sjen.[2]

Der binne seis ûndersoarten fan de fûgel:[3]

In mantsje út Yndia.
  • P. o. gibraltariensis (Gmelin, 1789): Europa en noardwestlik Afrika.
  • P. o. ochruros (Gmelin, 1774): fan Turkije oant de Kaukasus en noardwestlik Iran.
  • P. o. semirufus (Hemprich & Ehrenberg, 1833): westlik Syrje, Libanon en noardeastlik Israël.
  • P. o. phoenicuroides (Moore, 1854): noardeastlik Iran en Turkmenistan oant noardwestlik Pakistan, súdeastlik Kazachstan, noardwestlik Sina en eastelijk Mongoalje. Wurdt ek wol eastlik swart readsturtsje neamd.
  • P. o. murinus (Fedorenko, 2018): noardeastlik Kazachstan, it súdlike diel fan Sintraal-Sibearje, it noardlike diel fan Sintraal-Sina en westlik Mongoalje.
  • P. o. rufiventris (Vieillot, 1818): fan 'e sintrale Himalaya oant Sintraal-Sina.

Guon ûndersikers ûnderskiede ek in Phoenicurus ochruros xerophilus yn Phoenicurus ochruros rufiventris en in Phoenicurus ochruros aterrimus yn Phoenicurus ochruros gibraltariensis. Dy lêste ûndersoarte soe him pas yn it Weichselyn, de lêste iistiid, ôfsplitst ha.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iten fan 'e swarte readsturt bestiet út ynsekten en beien.

Nêst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nêst yn in holte fan in muorre.

De fûgel boud syn nêst yn holtes fan beammen, rotsen en gebouwen. It nêst bestiet út fiif oant sân wite aaikes, dy't nei twa wiken útkomme. Nei tolve oant sechtjin dagen fleane de jonge fûgels út.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De populaasje wurdt op 32.000.000 oant 57.999.999 folwoeksen fûgels rûsd en oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. It swarte readsturtsje hat boppedat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: