Springe nei ynhâld

Spaansk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Spaanske taal)
Spaansk
algemien
eigen namme español, castellano
lânseigen yn Spanje, Argentynje, Bolivia, Dominikaanske Republyk, Ekwador, El Salvador, Ekwatoriaal-Guinee, Fenezuela, Gûatemala, Hondueras, Kolombia, Kosta Rika, Kuba, Meksiko, Nikaragua, Panama, Paraguay, Perû, Sily en Oerûguay.
tal sprekkers 400 - 500 miljoen
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
dialekten ?
taalstatus
offisjele status Spanje, Argentynje, Bolivia, Dominikaanske Republyk, Ekwador, El Salvador, Ekwatoriaal-Guinee, Fenezuela, Gûatemala, Hondueras, Kolombia, Kosta Rika, Kuba, Meksiko, Nikaragua, Panama, Paraguay, Perû, Sily en Oerûguay. Ek Jeropeeske Uny, Feriene Naasjes en de Feriene Steaten.
taalkoades
ISO 639-1 es
ISO 639-2 spa
ISO 639-3 spa
   De mearderheid seit castellano
   De mearderheid seit español

Spaansk (Spaansk: español) of Kastiliäansk (castellano) is in Romaanske taal en is ien fan de meast sprutsen talen op 'e wrâld. Hjoed-de-dei is it Spaansk de offisjele taal fan Spanje, de measte Súd-Amerikaanske lannen en ekwatoriaal Guinee. Spaansk is ek ien fan de seis offisjele talen fan de Feriene Naasjes.

Meksiko is it grutste Spaansktalige lân en it is de grutste twadde taal yn 'e Feriene Steaten fan Amearika.

Yn it Spaansk binne der twa nammen foar de taal dy’t synonym fan elkoar binne: español (Spaansk) en castellano (Kastiliaansk).

De namme castellano hat syn oarsprong yn de midsiuwen, doe’t it de sprektaal wie fan it Keninkryk Kastylje (skriuwtaal wie it Latyn).

De oare namme, español (Spaansk), soe fan de midsiuwske Latynske oantsjutting Hispaniolus komme. Der besteane ferskate teoryen oer de ûntjouwing fan it wurdsje Hispaniolus troch de iuwen hinne.

Troch histoaryske en sosjaal-ekonomyske ûntwikkelingen koe it Kastiliaansk de grutste taal fan it Ibearysk Skiereilân wurde. Der wurdt grute dat healwei de 16e iuw sa likernôch 80% fan de Spanjerts Kastiliaansk praten. [1]

Hjoeddeistich gebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed-de-dei wurdt de namme español it measte brûkt, yn it foarste plak yn Latynsk-Amearika, mar ek yn Spanje.

Neffens offisjele ynstituten hat de namme español de foarkar.[2] Yn it grutste part fan Súd-Amearika en yn de Spaanske regio’s, dêr’t in regionale taal of minderheidstaal praat wurdt, brûke se de namme castellano faker om it Spaansk mei oan te tsjutten. Dat binne de gebieten Kataloanje, Falensia en de Balearen, dêr’t se Katalaansk prate, it Baskelân dêr’t se Baskysk prate, en Galysje dêr’t se Galisysk prate. Yn de Spaanske Grûnwet fan 1978 wurdt it Spaansk mei castellano ynstee fan español oantsjutten.[3]

Neffens de Real Academia Española fertsjinnet de namme castellano de foarkar om dêrmei de taal fan it midsiuwske Keninkryk Kastylje of it hjoeddeistige dialekt fan Kastylje oan te tsjutten.

Yn it Frysk wurdt de taal ornaris Spaansk neamd. Yn de Fryske bewegersrûnten wurdt út ideologysk motyf it wurdsje Kastiliaansk (of de fariant Kastiljaansk) brûkt, faak ek as teken fan ferbûnens mei de nasjonale minderheden fan Spanje.

It Spaansk is ûntstean út it Fulgêr Latynsk, de taal fan de Romeinen, dy't it Ibearyske skiereilân sa'n 700 jier ûnder har regear hiene. Under ynfloed fan it Keltibearysk, Baskysk, Fisigoatysk en letter troch de Moaren it Arabysk, hat de taal him út it Latynsk wei ûntjûn. Der binne grutte ferskillen lykas by it weifallen fan de Latynske namfallen, sêftere bylûden (vita nei vida) en it diftongearjen fan koarte lûden ("terra nei tierra).

In side fan Cantar de Mio Cid, yn it midsiuwske Spaansk.

It politike bewâld op it Ibearyske skiereilân en ferskillende substraten hawwe laat ta it ûntstean fan besibbe talen lykas it Portegeesk, it Katalaansk en it Galisysk dy't se hjoed-de-dei jit prate, en it Mosarabysk, in taal oan it Spaansk besibbe en dat sprutsen waard troch Spaanske Kristenen dy't yn Islamityske kriten libben. De earste Spaanske teksten komme út 'e 9e iuw. It Cantar de Mio Cid, fan de 12e iuw, is ien fan de âldste lange teksten yn it Spaansk.

It earste wurdboek waard skreaun yn 1492, it jier dat Kristoffel Kolumbus Amearika ûntduts, wie it útein setten fan it Spaansk as wrâldtaal. Sûnt dy tiid binne der twa ûntjouwingen fan wurdskat en útspraak, dy fan Súd-Amearika is wat oars as dy fan Spanje. Yn dat jier waarden ek de Joaden út Spanje wei reage, sadat it Joadske Spaansk, ek bekend as Sefardysk, him as tredde fariant op it aljemint brocht.

Yn de 17e iuw hie de taal in stikmannich klankferskowings dy't foar it meastepart net fan tapassing binne op it Súd-Amerikaanske Spaansk en it Sefardysk. Dêrfandinne stiet it Súd-Amerikaanske Spaansk tichter by it Spaansk fan 1492 as dat fan no. Yn 1713 waard de Real Academia Española stifte, dêr't se binnen Spanje in taalienheid mei besochten te krijen. De grûnslach fan de hjoeddeiske standerttaal is in dialekt út 'e kriten fan Toledo.

Yn Noard-Amearika woeks it Spaansk sûnt de twadde helte fan de 20e iuw. In protte flechtelingen fan Kuba en Meksiko, en fan Porto Riko dat by de Feriene Steaten heart, hawwe har nei wenjen set yn 'e súdlike steaten fan de Feriene Steaten. Yn 'e Feriene Steaten hat it Spaansk yn guon fan de steaten ek politike erkenning.

Spaansktalige lannen en regio's

Spaansk wurdt op it stuit (2015) troch sa'n 330-399 miljoen minsken as memmetaal praat en is dêrmei nei it Ingelsk de 'twadgrutste wrâldtaal'.[4][5][6] De measte Spaansktaligen wenje yn Súd- en Midden-Amearika en yn Spanje. De Feriene Steaten hat 45 miljoen Spaansktaligen en dêrmei mear Spaanskpraters as Spanje en Kolombia. Nei Meksiko hat de Feriene Steaten wrâldwiid alsa it heechste oanpart Spaansktaligen. Hoewol't it Spaansk yn net ien Amerikaanske dielsteat ta amtstaal ferheft is, leit it oanpart Spaansktaligen yn dielsteaten lykas Nij Meksiko en Kalifornje boppe de 30%. Oare lannen mei in protte Spaansktaligen binne Belize (> 40 % yn 't jier 2000)[7], Marokko (21,6 % yn 't jier 2005)[8], Westlike Sahara en Trinidad en Tobago. Neffens in stúdzje út 2015 fan Ethnologue is it Spaansk mei 399 memmetaalsprekkers nei it Mandaryn de twadgrutste taal fan de wrâld.[9] Yn Brazylje wurdt Spaansk fanwegen de lytse taalôfstân ta it Portugeesk goed begrepen, sels wannear't de meastee Brazyljanen de taal sels net prate. In protte Brazyljanen, foaral yn it grinsgebiet tusken Oerûguay en Brazylje, kinne Spaansktaligen ridlik ienfâldich begripe troch it gebrûk fan it Portugeesk-Spaanske mingtaaltsje Portuñol. Yn Portugal is sa'n selde sitewaasje mei in dialektkontinuum.

Ynklusyf de twadde taalsprekkers leit it sprekkerstal (2014) tusken de 450 [10] en 500 miljoen.[11][12] Dêrtroch nimt it Spaansk nei it Ingelsk, Mandaryn en Hindy it fjirde plak fan meast sprutsen talen op 'e wrâld yn. Nei it Ingelsk is Spaansk de meast learde frjemde taal. As supranasjonale amts- en/of wurktaal spilet it Spaansk in rol yn de Europeeske Uny, Afrikaanske Uny, yn de Organisaasje fan Amerikaanske Steaten, yn de mienskip fan Latynamerikaanske en Karibyske steaten en Feriene Naasjes.

It Spaansk is in Romaanske taal, dêr't de West-Ibearyske taalkloft by heart. Dat binne benammen talen dy't op it Yberyske skiereilân praat wurde. Dy talen binne aardich te ferstean foar inoar. It Portugeesk en it Spaansk hawwe wat grammatika en wurdskat in grut tal oerienkomsten. Der wurdt ek wol rûst dat dy talen foar 89% deselde wurdskat hawwe.

It Spaansk is ek besibbe oan Romaanske talen lykas it Frânsk, Italjaansk, Roemeensk en in stikmannich lytse talen.

De ISO 639 taalkoades foar it Spaansk binne "es" en "spa". Om't it Wikipedia-projekt meast, lykas winske op it ynternet, de twaletterige koades brûkt, wurdt de Spaanske Wikipedy oantsjut mei de koade "es:".


Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Spaanske ferzje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Irene Lozano: Lenguas en guerra. Espasa Calpe, 2005, side 92.
  2. (sp) Real Academia Española, Diccionario de dudas, Español
  3. (sp) Spaanske grûnwet fan 1978, sjoch kêst 3, lid 1
  4. It begryp 'wrâldtaal' beheind him net ta sprekkerstal, mar slacht folle mear op de fersprieding bûten it autochtoane taalgebiet. Sineesk, Hindy en Bengaly hawwe mear memmetaalsprekkers, mar binne alsa gjin wrâldtalen.
  5. Statista. Stân 2014
  6. SPANISH: a language of Spain
  7. [1]
  8. Neffens ûndersyk út 2005 fan 'e CIDOB soe 21,6% fan de befolking Spaansk prate kinne (realinstitutoelcano.org, afapredesa.org)
  9. Ethnologue, 2013
  10. www.fundacionblu.org/noticias.htm
  11. http://www.elpais.com/articulo/cultura/espanol/segundo/idioma/estudia/mundo/Instituto/Cervantes/elpepucul/20070426elpepucul_8/Tes El español es el segundo idioma que más se estudia en el mundo, según el Instituto Cervantes
  12. terra.es: „La presencia del español en la Comunidad Europea y la expansión en Asia, retos inmediatos del Instituto Cervantes“