South Park

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer film.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
South Park
film
makkers
regisseur Trey Parker[*]
senario Trey Parker[*]
spilers
haadrollen Mary Kay Bergman[*], Mona Marshall[*], Isaac Hayes[*]
skaaimerken
sjenre Satire, black comedy television program[*], animated sitcom[*], comedy television series[*], swarte humor, surreal humour[*], Komeedzjesearje, adult animation[*]
taal Ingelsk

South Park is in animaasjerige en telefyzjekomeedzje op Comedy Central.

It giet oer de surrealistyke aventoeren fan Cartman, Kyle, Stan en Kenny. Sy wenje in it berchdoarp South Park en sy binne al jierren freonen, faaks útsein Kyle en Cartman dy allegeduerigen rûzje hawwe. De fjouwer berne meitsje yn harren om-en-by fan alles mei, mei fariaasje fan problemen thús en op 'e skoalle oant natuerrampen ta.

South Park is in skepping fan Trey Parker en Matt Stone. Sûnt 1997 wurdt dizze searje yn de Feriene Steaten útstjoerd op Comedy Central, yn Nederlân fan 1997 ôf earst op Canal+ (no Film1), sûnt 1999 op NET 5, dêrnei op Veronica en The Box oant dy yn 2007 de Nederlânske Comedy Central waard, oant no (2013) ta.

Gaststjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geregeldwei komme der fermeamde út de skiednis fan de wrâld del, sa as Jezus, Satan, Saddam Hoessein, Adolf Hitler, Bono, Barbra Streisand, Osama bin Laden, Metallica, Paris Hilton, John Edward, KoЯn, Rob Schneider, Biggie Smalls, Oprah Winfrey, Jennifer Lopez, Ben Affleck, Tom Cruise, Angelina Jolie, Mel Gibson, Hillary Clinton, Barack Obama, John McCain, Sarah Palin, Russell Crowe, Radiohead, Phil Collins, John Travolta, Britney Spears, Ozzy Osbourne, Steve Irwin, Christopher Reeve, Gene Hackman, De Krystman, Will Smith, Rob Reiner, Kanye West, Chris Hansen, Ronnie James Dio, Michelle Obama, Tiger Woods en Michael Jackson, Justin Bieber. Ek Steve Jobs kaam ris del. Soms wurde de gesichten self makke (bygelyks by Jennifer Lopez), somtiden wurdt in ôfbyld fan de wiere holle brûkt.

Trey Parker en Matt Stone, de makkers fan South Park

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]