Springe nei ynhâld

Slot Stolzenfels

Ut Wikipedy
Slot Stolzenfels
Lokaasje
lân Dútslân
regio Rynlân-Palts
plak Koblenz-Stolzenfels
koördinaten 50° 18' N 7° 35' E
Skiednis
stifter Arnold II fan Isenburg
boujier 13e iuw
weropbou 19e iuw
hjoeddeiske steat Yntakt
Oars
type kastiel
boustyl neogotyk
hjoeddeisk gebrûk museum
bysûnderheden UNESCO-wrâlderfgoed
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
Side Slot Stolzenfels
Kaart
Slot Stolzenfels (Rynlân-Palts)
Slot Stolzenfels

It Slot Stolzenfels (Dútsk: Schloss Stolzenfels) is in neogoatysk kastiel oan 'e bopperin fan de Midden-Ryndelling ûnder de stêd Koblenz. It stiet oan de lofter kant fan de Ryn foar de mûning fan de Lahn oer, boppe it nei it kastiel ferneamde stedsdiel Stolzenfels. It kompleks, dat yn 'e 19e iuw útwreide waard troch de Prusyske kroanprins Freark Willem, giet werom op in troch Kar-Trier boud tolkastiel út de 13e iuw, dat yn 1689 ferneatige waard. By Stolzenfels heart ek de Klausenburg yn 'e delling fan de Gründgesbach, dêr't de stâlen, de ûnderkommens fan it personiel en de gasten ûnderbrocht wiene, en in lânskipspark fan 9 hektare. Likernôch 50.000 toeristen bringe alle jierren in besite oan it kastiel.

Yn de jierren 1242 oant 1259 liet de Trierer aartsbiskop Arnold II fan Isenburg it kastiel Stolzenfels bouwe op in helling oan de Ryn. Oan de oare kant fan de Ryn stiet it yn 1232 boude kastiel Lahneck, dat op it grûngebiet fan 'e karfoarsten fan Mainz foel en de noardlikste bûtenpost fan dat karfoarstedom wie. Fan it âlde Stolzenfels datearret noch de fiifhoekige hege toer, dy't yn 1248 boud en letter nochris ferhege waard. Aartsbiskop Boudewyn fan Lúksemboarch liet it kastiel om 1300 hinne ta in tolkastiel fan Kar-Trier útwreidzje en ferbûn it kastiel doe mei muorren oan de delsetting, dy't oan de igge fan de Ryn lei. Yn 'e jierren 1388-1418 wreiden de aartsbiskoppen Kuno en Werner fan Falkenstein Stolzenfels út mei in wentoer en in paleis oan 'e kant fan 'e Ryn. De funksje fan tolkastiel rekke Stolzenfels yn 1412 kwyt doe't it yn 1371 troch Kuno boude kastiel Kunostein by Neuwied dy taak oernaam. Kunostein stie op it plak dêr't tusken 1759 en 1764 it Slot Engers boud waard.

De ruïne yn 1840

Yn de Tritichjierrige Oarloch waard Stolzenfels yn 1632 ynearsten troch Sweedske troepen beset en dêrnei twaris twa jier lang (yn 1634 en 1646) troch de Frânsen. Nei de ferneatiging fan it kastiel yn 1689 troch de Frânsen yn 'e Njoggenjierrige Oarloch rekke de ruïne fan it kastiel de oardel iuw dêrnei jimmeroan mear yn it neagean. Yn de Frânske tiid (1794-1814) waard it eigendom fan de ruïne oerdroegen oan 'e stêd Koblenz, dy't de ruïne op syn beurt yn 1815 oan kroanprins Freark Willem fan Prusen joech, de lettere kening Freark Willem IV. Hy akseptearre de skinking lykwols pas yn 1823, fuort nei syn houlik mei Elisabeth Ludovika fan Beieren. Dat beslút waard oanfitere troch syn entûsjasme foar it romantyske lânskip en it begjin fan 'e weropbou fan kastiel Rheinstein troch syn neef Freark fan Prusen.

De Klausenburg

Yn de jierren 1826-1833 liet Freark Willem IV de klassisistyske parochytsjerke fan Sint-Menas yn Stolzenfels bouwe troch de arsjitekt Johann Clau. Oantrune troch de nije belangstelling foar de midsiuwen dy't suver in kastielenrenêssânse feroarsake, liet er dêrnei it kastiel as in Prusyske simmerresidinsje oan de Ryn wer opbouwe. Fan 1836 oant 1842 wurke Karl Friedrich Schinkel en nei 1841 Friedrich August Stüler oan de weropbou. De kening woe persfoarst dat de ruïne fan it âlde kastiel yn 'e nijbou yntegrearre waard. Yn it ûntwerp binne dúdlik de ynfloeden fan de Ingelske neogotyk en de romantyske styl fan Schinkel te werkennen.

It werboude slot mei de Menastsjerke
Eduard Hein jr. (1854-1918)

De keamers fan 'e simmerferbliuw waarden ynklaaid mei weardefolle midsiuwske of midsiuwsk lykjende meubels, keunstwurken en skilderijen. It wurk wie yn 1842 foltôge en op 14 septimber naam kening Frederik Willem IV mei in yn histoarsyke klean stutsen gefolch en in fakkeloptocht it kastiel feestlik yn gebrûk. De as personielsûnderkommen ornearre Klausenburg waard troch Neumann en Schnitzler yn 1843 foltôge op it plak fan in lytser gebou by de yngong fan it kastiel. De bou fan de protestantske kapel yn neogoatyske styl folge yn de jierren 1843-1847 neffens in ûntwerp fan Friedrich August Stüler en Carl Schnitzler. Yn 1845 brocht de Britske keninginne Fiktoaria in besite oan it kastiel, dy't yn dat jier yn har lân mei de ferbouwing fan Osborne House útein sette en trije jier letter mei de bou fan kastiel Balmoral.

It neogoatyske kastiel is ien fan 'e moaiste gebouwen fan de saneamde Rynromantyk, in keunst- en kulturele beweging fan de Romantyk, weryn't it Rynlânskip mei syn sêgen en myten sintraal stiene en dy't yn dy tiid in grutte ynfloed op de Dútske kultuer útoefene. Sûnt 2002 foarmet it kastiel Stolzenfels in ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Boppe-Middenryndelling.

De protestantske kapel oan de Rynkant foar de wentoer wie yn de jierren 1843-1847 it lêste bouwurk op it útsjochterras. De kapel hat in krúsfoarmich grûnplan en achthoekige, nullefoarmige koertuorren. It koer hat in 5/8 ôfsluting mei spitsbôgefinsters en roasfinsters. It ynterieur hat iere goatyske foarmen mei in kleurryk ribferwulft. De Nazarener Ernst Deger skildere tolve grutte skilderijen yn sprekkende kleuren op in gouden eftergrûn op 'e muorren, dy't de ferlossing fan in minsdom foarstelle. It sweltsjenêstoargel waard yn 1846 troch Johannes Adolph Ibach boud. Under it koer is in achthoekige doopkapel mei achthoekige finsters. It dak fan de kapel is in terras en te berikken oer de lytse ridderseal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Schloss Stolzenfels