Kastiel Balmoral

Ut Wikipedy
Kastiel Balmoral
Balmoral Castle
bouwurk
Kastiel Balmoral fanút it súden besjoen
Kastiel Balmoral fanút it súden besjoen
lokaasje
lân Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje
Flagge fan Skotlân, yn Grut-Brittanje Skotlân
Riedsgebiet Coat of arms of Aberdeenshire District Council.svg Aberdeenshire
plak Crathie
bysûnderheden
type bouwurk paleis
boujier 1856
arsjitekt William Smith
boustyl Neogotyk,
Skotske aadlike arsjitektuer
offisjele webside
(in) Offisjele webside

Kastiel Balmoral (Ingelsk: Balmoral Castle) is (nettsjinsteande de namme) in paleis yn Aberdeenshire yn de Skotske Heechlannen, dat oan de rivier de Dee stiet. It paleis is foaral bekend as simmerresidinsje fan 'e Britske keninklike famylje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It lângoed wie fan kening Robert II, dy't der jage. Yn 1390 boude Sir William Drummond der in hûs. Syn erfgenamten ferkochten it bûten yn de 15e iuw oan Alexander Gordon, de tredde greve fan Huntly. Yn 1662 ferkocht de famylje it bûten oan de Farquharsons fan Invery, dy 't it yn 1798 trochferkochten oan de twadde greve fan Fife.

Prins Albert en syn frou keninginne Fiktoaria hierden yn 1848 it bûten en Albert kocht it yn 1852. Fuort nei't it bûten troch de keninklike famylje kocht wie, fûnen se dat it besteande hûs te lyts wie. It hjoeddeistige paleis waard foltôge yn 1856 en it âlde kastiel waard fuort dêrnei ôfbrutsen. It is noch hieltyd famyljebesit. De arsjitekt wie William Smith fan Aberdeen, hoewol't syn ûntwerpen wizige waarden troch prins Albert.

Tagong ta de tunen en paleis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1931 waarden de paleistunen foar it earst iepene foar it publyk en dy binne noch altyd alle dagen iepene fan april oant ein july, de keninklike famylje ferbliuwt dêr yn augustus. De balseal is de iennige keamer yn it paleis, dy't troch it publyk besjoen wurde kin.

Ferstjerren keninginne Elizabeth II[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tiid dat keninginne Elizabeth sûnt begjin augustus op har simmerferbliuw wenne en dêr in moanne bliuwe soe, waard de sûnens fan keninginne Elizabeth II minder. Hja koe begjin septimber 2022 net werom nei Londen om de nije premier Liz Truss te beneamen en har beneaming fûn dêrom op tiisdei 6 septimber plak yn it kastiel Balmoral. Op 8 septimber 2022 waard bekend dat de sûnens fan de keninginne hurd minder waard. Om 19:30 oere lokale tiid waard bekend makke dat keninginne Elizabeth dy middeis nei in regearperioade fan goed 70 jier yn de âldens fan 96 jier op Balmoral Castle ferstoarn wie.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: