Dee (Aberdeenshire)
Appearance
De rivier Dee (Skotsk-Gaelysk: Uisge Dè) is in 140 km lange rivier, mei in streamgebiet dat 2100 km² beslacht, yn de regio Aberdeenshire yn Skotlân. De Dee ûntspringt yn Cairngorms (in berchgebiet yn de Skotske Heechlannen) en streamt troch Royal Deeside oer ûnder oaren Braemar en Balmoral Castle om lang om let by de stêd Aberdeen yn de Noardsee út te mûnjen.
De namme komt al yn de 2e iuw foar yn it wurk fan de Aleksandryske geograaf Klaudius Ptolemaeus, as Δηοῦα (=Deva), dat 'goadinne' betsjut. De lânseigen befolking beskôge de rivier nammentlik as godlik. Benoarden de Dee rint de Don; dy namme betsjut ek 'goadinne'.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory river Dee fan Wikimedia Commons. |