Springe nei ynhâld

Rheinstein

Ut Wikipedy
Rheinstein
  kastiel
Lokaasje
lân Dútslân
regio Rynlân-Palts
plak Trechtingshausen
koördinaten 49° 59' N 7° 51' E
Skiednis
boujier 1316-1317
weropbou 1823-1829
hjoeddeiske steat yntakt
Oars
type kastiel
boustyl neogotyk
hichte 190 m. boppe seenivo
hjoeddeisk gebrûk museum
bysûnderheden UNESCO-wrâlderfgoed
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
Side kastiel Rheinstein
Kaart
Rheinstein (Rynlân-Palts)
Rheinstein

Kastiel Rheinstein (Dútsk: Burg Rheinstein) is in kastiel oan de lofter kant fan 'e Ryn by Trechtingshausen yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Sûnt 2002 is it kastiel in ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed fan de Boppe Midden-Ryndelling.

Yn 'e iere 14e iuw waard it kastiel ûnder de namme Vaitzburg of Fautsburg boud. Oare nammen wiene Voi(g)tsberg of Fatzberg mei in grut ûnderskied yn de skriuwwize. De namme is in fariaasje op Vogtsburg of Burg Vogtsberg (Vogdfâld). Neffens oare boarnen, dy't de bou yn it begjin fan 'e 13e iuw datearje, soe it kastiel ea de namme fan Bonifatius droegen ha, de patroanhillige fan it aartsstift Mainz, in namme dy't letter dan ferbastere ta Faitsberg.

Rheinstein yn 1636

Dendrogronologysk ûndersyk fan hout oan de súdlike muorre wiisd op in boubegjin yn 'e jierren 1316-1317. Dêrmei kaam in ein oan de eardere rûzings fan guon oer in boubegjin yn 900 of 1000. Yn 1323 waard it kastiel foar it earst as besit fan Mainz neamd. De opdrachtjouwer moat dêrom de aartsbiskop fan Mainz west ha, Peter van Aspelt (1306-1320). Syn doel mei de bou wie om tefoarren te kommen dat de ruïne Reichenstein werboud waard. Reichenstein, dat krekt wat mear de stream ôf yn it sicht fan Rheinfels leit, wie nammentlik in earder rôfriddersnêst, dat troch kening Rudolf fan Habsburg yn 1286 ferneatige wie. Nei't de eardere besitters de ruïne yn 1290 oan it karfoarstedom Palts ferkochten, wie it foar Kar-Mainz nedich om harren gebiet better te beweitsjen. Rheinfels waard yn 1330 grutter makke en tsjin it ein fan de 15e iuw nochris, alhoewol't it kastiel syn strategyske belang doe al kwyt wie om't Kar-Palts yn 1344 Reichenstein opjoech en oan Kar-Mainz oerliet.

Oan it ein fan de 16e iuw rekke it kastiel fanwegen brek oan jild fan de lêste bewenners jimmeroan mear yn 't neigean. Al yn de Njoggenjierrige Oarloch wie de boel al safier hinne ferinnewearre, dat de Frânsen it net mear nedich fûnen om it kastiel op te blazen, lykas hja dat wol diene by hast alle oare kastielen yn de delling fan de Ryn.

Rheinstein 1890-1905

Yn 1816 makke de Prusyske arsjitekt Karl Friedrich Schinkel plannen foar in romantyske weropbou fan it kastiel en nei't prins Freark fan Prusen (1794-1863) yn 1823 de ruïne oankocht waard syn ûntwerp foar it kastiel troch Johann Claudius von Lassaulx yn 1825 en dêrnei troch Wilhelm Kuhn yn 1827 neffens de winsken fan de prins oanpast en útfierd. Rheinfels wie it earste kastiel yn in rige fan ferneatige kastielen oan 'e Ryn dy't wer opboud waard. Doe't it kastiel yn 1829 foltôge wie krige it kastiel de namme Rheinstein. Yn 'e jierren 1839-1844 waarden de neogoatyske slotkapel en in gasteferbliuw tafoege.

Kapel

Schinkel hie by it meitsjen fan syn ûntwerpen in soad omtinken foar it behâld fan de midsiuwske struktuer, dy't foar in part noch fan de nijbou is te ûnderskieden. De soan fan Freark, Georg fan Prusen (1826-1902) beërve it kastiel yn 1863. Yn dat jier waard prins Freark fan Prusen yn de krypte fan de kapel te rêste lein. Letter waarden ek syn frou prinsesse Louise (1882) en harren soan prins Georg (1902) yn de krypte begroeven.

De lêste eigner fan de Dútske heechadel wie prinsesse Barbara Irene von Preußen. Hja ferkocht it kastiel yn 1973 en wenne yn 'e omkriten fan Kiel. Hja ferkocht it kastiel yn 1975 oan de operasjonger Hermann Hecher. Earder wiene al in hiel soad saken fan it oarspronklike ynterieur ferkocht.[1] Mei help fan de oerheid en in feriening liet dy it kastiel yn 'e rin fan de tiid restaurearje.

Nei 30 jier wurk wie it kastiel yn 2015 wer yn 'e âlde gloarje restaurearre en foar it meast yn de oarspronklike steat werom brocht. It kastiel is noch jimmeroan partikulier besit, mar wurdt regelmjittich iepensteld foar it publyk. Bysûnder binne de rekonstruearre muorreskilderijen en de restaurearre ramen út de 14e oant de 17e iuw. Yn it kastiel is in horekabedriuw en it is mooglik romten as fekânsjewente te hieren. Ek is it mooglik om yn 'e tún of de histoarsyke romten fan it kastiel houliken te sluten (sawol boargerlik as tsjerklik).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Regionalgeschichte.net, oproppen 2 juny 2023

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: (dú) Burg Rheinstein