Springe nei ynhâld

Trechtingshausen

Ut Wikipedy
Trechtingshausen
Emblemen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mainz-Bingen
ferbânsgemeenteRhein-Nahe
Sifers
Ynwennertal1.020 (2022)
Oerflak7,67 km²
Befolkingsticht.133 ynw./km²
Hichte97 m
Oar
Postkoade55413
Koördinaten50° 0' N 7° 50' E
Offisjele webside
www.trechtingshausen.de
Kaart
Trechtingshausen (Rynlân-Palts)
Trechtingshausen

Trechtingshausen is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts yn 'e lânkring Mainz-Bingen.

It plak hat 1020 ynwenners (2022).

Trechtingshausen is in Ortsgemeinde en heart by de ferbânsgemeente Rhein-Nahe.

  • De letromaanske Klemenskapel (Clemenskapelle) út 1220-1230 leit krekt bûten it plak. Ea wie it de parochytsjerke fan Trechtingshausen. By de tsjerke is in bientsjekou, de saneamde Michaelkapel (Michaelskapelle).
  • De nije parochytsjerke Sint-Klemens yn it plak sels waard yn it begjin fan 'e 19e iuw boud en yn 'e jierren 1920 renovearre troch de arsjitekt Ludwig Hofmann.
  • Fan 'e eardere stedsfêsting bleaune noch in pear poarten, stikken muorren en in toer bewarre.
  • Boppe it plak leit it kastiel Reichenstein.
  • In stik de stream op leit noch op 'e himrik fan Trechtingshausen de boarch Rheinstein.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Trechtingshausen fan Wikimedia Commons.