Springe nei ynhâld

Klemenskapel (Trechtingshausen)

Ut Wikipedy
Klemenskapel
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Trechtingshausen
koördinaten 50° 00' N 7° 51' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Klemens I
Arsjitektuer
arsjitekt ûnbekend
boujier 13e iuw
boustyl let-romaansk
Kaart
Klemenskapel (Rynlân-Palts)
Klemenskapel

De Klemenskapel (Dútsk: Clemenskapelle) by Trechtingshausen is in letromaansk tsjerkegebou oan 'e igge fan 'e Ryn. De tsjerke is ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Boppe Midden-Ryndelling.

De Klemenskapel yn 'e 19e iuw.

De oan 'e hillige paus Klemens I wijde kapel wie eartiids de parochytsjerke fan Trechtingshausen. De tsjintwurdige tsjerkhôfkapel leit likernôch in kilometer súdlik fan it plak oan 'e igge fan de Ryn en ûnder it kastiel Reichenstein. De tsjerke waard yn it twadde fearn fan 'e 13e iuw boud en is sûnt net in soad feroare. In pear gruttere feroarings wiene it ynbringen fan goatyske maasfinsters yn it dwersskip en de apsis en de tafoeging fan in goatyske pinakel op in hoeke fan 'e toer. Unbekend is de namme fan 'e boumaster en de datum fan wijing. By de lêste renovaasje krige it stúkwurk fan 'e tsjerke de hjoeddeiske kleuren.

De Klemenskapel is in trijeskippige basilyk mei in koart skip, in dwersskip, in healrûne apsis en in asymmetryske westlike toer. It dwersskip en it koer ûnderskiede har fan it skip troch in rikere arsjitektuer, lykas krúsribferwulften en hawwe iergoatyske styleleminten. Boppe de krusing is in achtdielich ribferwulft, itjinge te ferlikenjen is mei dat fan de Sint-Petrustsjerke fan Sinzig. Yn it ferwulft en it noardlike sydskip binne noch fragminten bewarre bleau fan midsiuwske fresko's.

Bûten is de tsjerke fersierd mei lisenen en rûnbôgefriezen. De toer wurdt hegerop achthoekich en hat like smelle finsters as sjitgatten. Yn 'e westlike gevel is in seisdielich roasfinster ynbrocht. Typysk foar de Rynlânske romaanske arsjitektuer binne de klaverblêdfoarmige finsters fan 'e ljochtbeuk.

Fresko's.

It neamen wurdich binne fiif rigen fan in koerstuolte út 'e iere 16e iuw mei fykwurk en miserikorden. De oare banken binne neogoatysk en datearje út de 19eiuw. Yn 'e tsjerke binne tolve epitafen fan 'e 15e oant de 17e iuw, dy't eartiids oer de flier mar no tsjin de muorre opsteld steane.

Súd fan 'e Klemenskapel stiet in ier 16e-iuwske, lytse, letgoatyske kapel. Nei alle gedachten tsjinne de kapel as bientsjekou. Fan bûten waard de kapel yn 'e 19e iuw feroare, mar dêrby waard it twa traveeën tellende krúsribferwulft fan 'e kapel sparre. Eartiids wie de kapel fan binnen hielendal beskildere, mar hjoeddedei is mar in lyts part fan 'e beskildering fan 'e noardlike muorre noch te sjen.

Op it tsjerkhôf binne yn 'e muorre om it hôf iuwenâlde grêfkrusen ynmitsele.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: (dú) Clemenskapelle (Trechtingshausen)