Springe nei ynhâld

Skotske clans

Ut Wikipedy
In lânkaart mei dêrop oanjûn de grutste clans fan Skotlân (it griene diel binne de Skotske Heechlannen).

Skotske clans binne sibskipsgroepen dy't diel útmeitsje fan it Skotske folk. It wurdt "clan" of yn it Ingelsk clan komt fan it Gaelyske clann, dat "neiteam" betsjut. Skotske clans jouwe harren leden it gefoel dat se in mienskiplike identiteit en komôf hawwe, en dat gefoel wurdt utere mei de clansymboalen, lykas in eigen tartan, dat û.m. brûkt wurdt foar de makkelei fan kilts en plaids. Yn it ferline wiene de clans gauris ûnderling oan it oarlogjen en teffens spilen se in wichtige rol by de jakobityske opstannen yn Skotlân oan 'e ein fan 'e santjinde en yn 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw. Tsjintwurdich hawwe clans in formeel karakter dat erkend wurdt troch it Hof fan de Lord Lyon, de heechste autoriteit op it mêd fan 'e Skotske heraldyk. Der besteane twa soarten clans: guon mei in eigen haadman, en guon dy't in haadman misse en oantsjut wurde as wapenfierende clans (armigerous clans).

Hoewol't it clansysteem oer it algemien mei de Heechlannen assosjearre wurdt, binne der yn hiel Skotlân clans te finen, ek yn it leechlân. In Skotske wet, dy't yn 1597 opsteld waard troch it Skotske parlemint, sprekt fan "chiftanis and chieffs of all clannis [...] in the hielands or bordouris." Dat bewiist dus dat doedestiden de termen "clans" (clannis) en "haadlju" (chiftanis en chieffs) sawol fan tapassing wiene op 'e clans fan 'e Heechlannen (hielands) as dy oan 'e Ingelske grins (bordouris). Tsjintwurdich wurdt faak tocht dat inkeld de Heechlannen clans hawwe, wylst sokke mienskipswêzens yn 'e rest fan Skotlân famyljes neamd wurde moatte, mar dat is in njoggentjinde-iuwsk fabeltsje. It iennichste part fan Skotlân dêr't gjin clans foarkomme binne dy gebieten dêr't earder (oant yn 'e njoggentjinde iuw) Norn sprutsen waard, in taal dy't fuortkommen wie út it Noarsk, wat der dus op wiist dat de befolking fan dy gebieten yn grutte mearderheid ôfstammet fan 'e Wytsingen, dy't it clansysteem net koene. Dy gebieten binne de Sjetlân- en Orkney-eilannen en it uterste noardeastlikste puntsje fan it Skotske fêstelân, it gebiet om Thurso en John O'Groates hinne.

In protte clans hawwe ûntsteansleginden wêryn't beweard wurdt dat se stifte binne troch mytologyske figueren, en dy't optocht binne om harren status fuort te sterkjen en harren oarsprong te romantisearjen. Sa makke de Clan MacDonald oanspraak op in ôfstamming fan Cú Chulainn, de mytyske held fan Ulster, wylst de Clan Campbell beweart stifte te wêzen troch in oar figuer út 'e Keltyske mytology, Diarmaid it Swyn. De Clans Mackinnon en MacGregor hjitte allebeide ôf te stammen fan Alpín mac Echdach, de heit fan Kenneth MacAlpin, de earste kening fan 'e Skotlân, dy't yn 843 op 'e troan kaam. Yn wurklikheid kin de ûntsteansskiednis fan Skotske clans hast nea fierder weromtrasearre wurde as oant de alfde iuw, wylst de rjochte line fan 'e clanhaden yn 'e measte gefallen net fierder weromgiet as oant de trettjinde of de fjirtjinde iuw. Inkeld in konfederaasje fan clans besteande út 'e Clans Lamont, MacLea, MacLachlan en MacNeil en de Ierske Clan Sweeney kin syn ôfstamming tebekfolgje nei Niall fan de Njoggen Gizelders, in fyfde-iuwske hege kening fan Ierlân.

It ûntstean fan 'e clans hie mear te krijen mei politike ûnstjoer as mei etnisiteit. Troch ferskate rebûljes yn it noarden fan 'e Skotlân yn 'e tolfde en trettjinde iuw, folge troch de pasifikaasje fan 'e provinsje Moray troch de Skotske Kroan en dêrnei it ferdriuwen fan 'e Noaren út Argyll en de Bûtenste Hebriden, soarge foar sa'n oanhâldende opskuor yn 'e Heechlannen dat in ferskaat oan kriichshearen syn kâns skoan seach om syn macht oer in beskaat gebiet te fêstigjen. Under dy iere clanhaden wiene behalven in protte Gaelen ek Brytoanen en lju fan ming Noarsk-Gaelysk komôf en letter teffens Normandiërs, Anglo-Normandiërs en Flamingen.

Under de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen (1290-1330) waard troch kening Robert de Bruce in feodaal stelsel ynfierd dat de posysje fan 'e clanhaden formalisearre en harren ta fazallen fan 'e Skotske Kroan makke. Dêrmei wûn er harren stipe yn 'e striid tsjin 'e Ingelsen, en dat wie wêr't it him om te dwaan wie. Sa feroare it clanstelsel fan in pleatslik mienskipswêzen yn in pylder fan it Skotske steatsbestel, en it is dy feodale komponint dy't de Skotske clans ûnderskiedt fan lânseigen stammen yn 'e Amearika's, Afrika en Australaazje.

Dêrby foarmen de clans trouwens in twasnedich swurd, want yn 'e roerige Midsiuwen wiene der ek gauris opstannen tsjin 'e Kroan, en boppedat wiene de clans geregeldwei ûnderling deilis, faak mei tige destruktive gefolgen dy't in negative ynfloed hiene op 'e hoemannichte belesting dy't it Skotske regear heffe koe. Uteinlik naam it útfjochtsjen fan ûnderlinge fetes nei de Restauraasje fan it Hûs Stuart, yn 1660, sterk ôf. De lêste kears dat in skeel tusken clans ûnderinoar ta in fjildslach late, wie by de Slach by Mulroy, dy't yn augustus 1688 plakfûn.

Ek de dieverij fan fee fan oanbuorjende clans, dy't bekendstie as reiving of creach, en dy't troch jonge clanleden faak as in soarte fan sport beskôge waard, naam geandewei de santjinde iuw almar fierder ôf. Dêr moat by oantekene wurde dat dêrfoar yn 't plak doe sprèidh yn 'e moade kaam; dat wie it stellen fan fee fan boeren út it leechlân troch Heechlânske clanleden. Guon clans, wêrûnder de Clan MacFarlane en de Clan Farquharson beaen de leechlanners doe tsjin betelling beskerming oan tsjin sokke oerfallen, mar dat kaam eins del op in foarm fan sjantaazje.

De jakobityske opstannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ôfsetting fan 'e rjochtlike kening Jakobus VII (Jakobus II fan Ingelân) by de Glorieuze Revolúsje fan 1688-1689, fanwegen roomske sympatyen, sette by in protte Skotten in kwea bloed. Jakobus syn oanhingers, de jakobiten, besochten neitiid ferskate kearen him en letter syn erfgenamten wer op 'e troan te krijen. Dy jakobityske opstannen, dy't oan 'e ein fan 'e santjinde en yn 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw plakfûnen, ferdielden de clans. Guon, lykas de Clan Campbell en de Clan Sutherland, wiene wisberette oanhingers fan it nije bewâld, en kamen ek fanwegen om dêrfoar te fjochtsjen. Oaren, lykas de Clans MacDonald, Cameron, Gordon en Stewart fan Appin wiene like fûleindige tsjinstanners fan it nije rezjym, en griepen eltse kâns oan om te besykjen en draai de besteande sitewaasje werom.

Yn dizze kwestje wie godstsjinst yn 'e regel de beslissende faktor, mei't de clans ferdield wiene yn roomske, presbyteriaanske en episkopaalske groepen. De roomsen en guon presbyterianen stipen de Stuarts, wylst de episkopaalsen en de measte presbyterianen it nije regear bystiene. De oanhing ûnder grutte klibers folk dy't op in klútsje wennen, de flugge mobilisaasje dy't mooglik makke waard troch de clanorganisaasje, en de ôfhandichheid fan 'e Heechlannen yn in úthoeke fan Grut-Brittanje makke de Skotske klens ta it natuerlike begjinpunt fan eltse jakobityske opstân. Likegoed holden in protte haadlju fan tradisjoneel jakobityske clans by de Jakobityske Opstân fan 1745 tsjin dat harren clans har by de opstân joegen, út eangst dat neitiid har grûnbesit ûnteigene wurde soe. Sokken wiene bgl. de haden fan 'e Clan Mackenzie en de Clan MacDonald fan Sleat.

Nei de úteinlike jakobityske nederlaach yn 'e Slach by Culloden waard it clansysteem fierhinne ferrinnewearre troch de Ingelske besettingsmacht. Prins Willem, de hartoch fan Kumberlân en de soan fan kening George II fan Grut-Brittanje, fierde yn 'e Heechlannen in wier skrikbewâld, mei dieden dy't tsjintwurdich sûnder mis foar etnyske suverings oanmurken wurde soene. Hiele clans waarden fan har foarâlderlik grûngebiet ferdreaun, en der waarden ferskate slachings oanrjochte ûnder de boargerbefolking, wêrby't ek froulju en bern net ûntsjoen waarden. Yn in besykjen om 'e eigenste identiteit fan 'e clan út te rûgjen, waard it Heechlanners nei 1745 sels ferbean om harren kilts en tartan te dragen, dat tenei útslutend oan 'e leden fan Skotske rezjiminten fan it Britske leger foarbeholden wie. Pas yn 1782 slagge it James Graham, 3e hartoch fan Montrose, om dat ferbod ûngedien makke te krijen.

In skilderij fan 'e Britske kening George IV yn in kilt, út 1829, troch David Wilkie, mei bleate knibbels (hoewol't de monarch yn it echt in pear rôze leggings ûnder de kilt droech).

Al sûnt likernôch 1725 ferfearen in protte clanleden nei Amearika, dêr't se in nij bestean opbouden ûnder harren clanadel yn Jamaika, Georgia, New York, Noard-Karolina of Nij-Skotlân. Nei 1745 krigen dizze iere lânferhuzers selskip fan tûzenen ballingen. Yn 'e njoggentjinde iuw soargen de saneamde Heechlânske Frijmakkings (Highland Clearances) foar in nije úttocht fan clanleden út Skotlân wei. Dêrby waarden tsientûzenen lytse pachtboeren ûnmeilydsum fan 'e grûn ferdreaun dy't harren famyljes faak al iuwenlang bewenne en bewurke hiene, inkeld en allinnich sadat dy omset wurde koe yn winstjaander weidlân foar skiep.

Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw wie de measte anty-clanwetjouwing dy't nei 1745 trochfierd wie, wer ôfskaft. De literatuer fan 'e Romantyk, benammen it wurk fan James Macpherson en sir Walter Scott, soarge foar in nij elan op it mêd fan 'e Skotske kultuer, wêrby't de wisânsjes fan 'e clans ta nasjonale tradysjes makke waarden. Sa makke de Skotske elite him yn 'e 1820-er jierren it drage fan 'e kilt en it tartan eigen. Yn 1822 droech sels kening George IV by in besyk oan Skotlân in kilt, sa't op in skilderij fan David Wilkie ferivige is. Letter keas keninginne Fiktoaria, dy't alles dat mei de clans te krijen hie tige nijsgjirrich fûn, it Heechlânske Balmoral út as ien fan har residinsjes. Sûnt dy tiid binne de clansymboalen foargoed wichtige dragers fan 'e hiele Skotske identiteit wurden.

De organisaasje fan clans

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurd clan is besibbe oan it Skotsk-Gaelyske wurd clanna, dat "bern" betsjut. It is lykwols in grutte (sij it frij algemiene) misfetting dat alle leden fan in clan ôfstamje fan ien foarfaar. De clans ûntstiene earder trochdat de minsken yn in beskaat diel fan it lân foar harren eigen beskerming en stipe gearkloften om ien lieder hinne, ûnder waans gesach alle leden fan 'e sa ûntstiene clan har deljoegen. De measte clans kinne opdield wurde yn saneamde septs, oftewol famyljes fan in beskate namme (net deselde as dy fan 'e clan sels), dy't allegear it clanhaad as har lieder beskôgje. Oars as fan 'e clans bestiet der gjin offisjele list fan sept-nammen, en betiizjendernôch kinne ferskillende clans in sept mei deselde namme hawwe.

Neffens de eardere Lord Lyon, sir Thomas Innes of Learney, is in clan in mienskip dy't heraldysk ûnderskaat wurdt fan 'e rest fan 'e befolking en dy't erkenning genietet fan 'e soeverein troch it Hof fan de Lord Lyon. Clans binne neffens dy opfetting in soarte fan adel, mei't it wapen dat troch de haadman fierd wurdt, ferliend of op in oare wize erkend is troch de Lord Lyon yn opdracht fan 'e Kroan, wat in keninklike erkenning fan 'e clan as gehiel ynhâldt.

Clans mei in erkende haadman (chief) wurde sadwaande ûnder de Skotske wetjouwing beskôge as in aadlike mienskip, mei beskate offisjele rjochten en plichten (krekt as oare rjochtspersoanen, lykas ferienings en stiftings). Wapenfierende clans (armigerous clans), dy't gjin (erkende) haadman hawwe, genietsje gjin erkenning foar de Skotske wet. Lju dy't oanspraak meitsje op 'e titel fan haadman en as sadanich erkend wurde troch de Lord Lyon, meie as iennichsten it ûndifferinsjearre wapen fan 'e oprjochter fan 'e clan fiere. In clan wurdt dan ek beskôge as it oererfber goed fan in haadman, dat er trochjaan kin oan syn erfgenamt of tainistear. Sa'n erfgenamt wie foarhinne yn 'e regel in âldste soan, mar soms waard de soan oan 'e kant set yn it foardiel fan in ambisjeuzer famyljelid. Tsjintwurdich is de erfgenamt it neiste manlike famyljelid yn 'e rjochte line. Under de Skotske wet genietet in haadman, ynsafier't dy mei goedkarring fan 'e Lord Lyon yn syn posysje ynstallearre is, erkenning as de rjochtlike fertsjintwurdiger fan in clanmienskip.

Histoarysk sjoen bestiene clans út in elk dy't op it grûngebiet fan 'e haadman libbe, of op it grûngebiet fan lju dy't trou sward hiene oan 'e haadman. Meitiid kaam dat troch it oanhâldende skowen mei grinzen, troch migraasje en troch feroarings fan liederskip te betsjutten dat in clan opmakke wie út in protte lju dy't yn 'e fierste fierte gjin famylje faninoar wiene, en dy't in soad ferskillende efternammen hiene. Nei ferrin fan tiid namen in protte clanleden mei oare nammen de efternamme fan 'e haadman oan. Ek koe in haadman syn clan fergrutsje troch bûtensteande famyljes te "adoptearjen" (yn 'e clan op te nimmen), wylst er oan 'e oare kant it rjocht hie om elts clanlid, sels syn eigen neiste famylje, út 'e clan te ferbaljen as dêr oanlieding ta wie. Hjoed oan 'e dei wurdt fan eltsenien dy't deselde efternamme draacht as de haadman fan in clan, ûndersteld dat hy of sy lid is fan dy beskate clan. Ek lju fan oare efternammen kinne lid wurde fan in clan troch trou te swarren oan 'e haadman, of it moat wêze dat dyselde de eed fan trou fan in spesifike persoan ôfstegeret.

In romantisearre ôfbyld fan twa clanhaadlju, datearjend út 1831.

Mei't Skotlân in patriargale maatskippij hat, wurde bern út it houlik fan in man en in frou dy't ta ferskillende clans hearre, ta de clan fan 'e heit rekkene, of it moat wêze dat se de efternamme fan 'e mem oannimme. It is lykwols ek mooglik dat immen dy't yn 'e froulike line fan in beskate clan ôfstammet, lid of sels haadman wurdt fan dy clan. Sa waard in eardere haadman fan 'e Clan Macleod berne as John Wolridge-Gordon, en dus as lid fan Clan Gordon. Doe't it haadmanskip fan Clan Macleod fakant rekke, naam er lykwols de famkesnamme fan syn beppe oan memmekant oan om oanspraak meitsje te kinnen op it haadmanskip fan 'e Macleods.

De clanmaatskippij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De clans wiene iuwenlang tige wichtich foar de gearhing fan 'e Skotske maatskippij. Clanleden dy't ûnderling spul krigen, brochten harren saak foar in groep útkarde notabelen fan 'e clan, in soartemint sjuery, dy't dan ûnder tafersjoch fan 'e haadman in binende útspraak die. Ferskate oare sosjale brûkmen holden de clan byinoar, lykas fosterage, wêrby't de bern fan 'e haadman as pleechbern grutbrocht waarden troch in foaroansteand clanlid, dy't dêrtroch noch foaroansteander waard. Fierders waarden de bannen tusken de famyljes fan in clan ûnderling, mar ek tusken ferskillende clans gauris oanhelle troch it úthylkjen fan dochters. Sokke houliken wiene ek kommersjele kontrakten dêr't net inkeld in frou mar faak ek fee, jild of lân by útwiksele waard.

As de oighreachd (it lân dat de clanadel yn besit hie) net oerienkaam mei de dùthchas (it mienskiplike territoarium fan 'e clan), dan late dat faak ta skelen mei oare clans dy't net selden op oarloch útrûnen. Yn 'e 1590-er jierren naam de fete tusken de Clan Macleod en de Clan MacDonald op 'e Hebriden sokke foarmen oan dat de leden fan 'e beide clans op it eilân Skye op 't lêst hûnen en katten ite moasten om it libben derôf te rêden. Guon clans stiene der trouwens histoarysk om bekend dat se mei opsetsin sokke skelen útlokken om swakkere clans grûngebiet te ûntnaderjen, bgl. de Clan Campbell en de Clan Mackenzie.

Manrent (letterlik "manhier") wie in kontrakt dat mei de haadman sletten waard troch de haden fan septs of legere famyljes, wêrby't se harsels yn ruil foar beskerming troch de haadman ta dy syn fazallen makken. Sokke bannen waarden yn 'e regel fuortsterke troch saneamde calps, in soarte fan deadebelesting dy't troch in famylje by it stjerren fan it famyljehaad oan 'e clanlieder betelle wurde moast. Dêrby gie it ornaris om in ko of in hynder. Hoewol't it Skotske parlemint it beteljen fan calps yn 1617 ferbea, gie de praktyk temûk noch iuwen troch. It ynjen fan 'e calps wie in saak fan 'e tacksman, de mindere clanadel, dy't de haadman tsjinne as rintmasters fan 'e ferskate lânerijen. Sokken hiene ek in wichtich oanpart yn it mobilisearjen fan it clanleger, soms foar oarloch, mar faker foar brulloften, begraffenissen en de simmerfestiviteiten dêr't úteinlik de Highland games út fuortkommen binne.

It tartan fan 'e Clan MacArthur.

Hoewol't de ûnderskate tartans fan 'e clans nei it ferbod op it brûken dêrfan, dat fan 1745 oant 1782 duorre, hast yn it ferjit rekke wiene, waarden se troch de Fiktoriaanske gekte oangeande alles dat mei de clans te krijen hie, wer nij libben ynblaasd. Frijwol alle Skotske clans hawwe ferskate tartans op har namme stean (der binne bygelyks in protte jachttartans, mei timpere kleuren), mar der kin mar ien offisjeel tartan wêze. En hoewol't elkenien in eigen tartan ûntwerpe kin en it neame mei sa't men wol, kin inkeld de haadman fan in clan in tartan in offisjele status jaan. Soms lit men it dêrnei fêstlizze troch de Lord Lyon.

Oarspronklik liket der lykwols gjin assosjaasje west te hawwe fan tartans mei spesifike clans. Ynstee ûntwurpen pleatslike wevers har eigen tartan, dat basearre wie op 'e kleurstoffen dy't foarhâns wiene, en dat hong der wer fanôf hokker planten oft der yn dy beskate krite groeiden dêr't sokke kleurstoffen út wûn wurde koene. Dêrtroch waard dan in beskaat kleurpatroan de noarm yn in beskate krite, en meitiid begûn men dat mei de pleatslike clan te assosjearjen. Pas om 1800 hinne begûn men sokke bannen te formalisearjen troch clanspesifike tartans te registrearjen. In protte hjoeddeiske clantartans binne basearre op in boekwurk mei as titel it Vestiarium Scoticum, dat hiet in oerâld manuskript te wêzen, mar wêrfan't ûnderwilens oantoand is dat it eins in njoggentjinde-iuwske ferfalsking is. Nettsjinsteande dat steane de ûntwerpen út dat boek noch altyd heech yn oansjen en wurde se noch rûnom brûkt.

In crest badge (embleem mei it helmteken), sa't dat droegen wurde mei troch gewoane clanleden (yn dit gefal dy fan 'e Clan Fleming).

Helmtekenembleem

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In teken fan trou oan 'e haadman fan jins clan is it dragen fan in helmtekenembleem (crest badge), dat bestiet út it helmteken fan it wapen fan 'e haadman omsirkele troch in rym en gasp mei dêrop it biedwurd fan 'e haadman. Hoewol't men it yn it Ingelsk ornaris hat oer in clan crest (it helmteken fan 'e clan, dus), is dat in misse oantsjutting, mei't yn it Feriene Keninkryk inkeld persoanen in heraldysk wapen fiere meie (wêrfan't in helmteken in ûnderdiel is), en in clan dus nea in helmteken hawwe kin.

In helmtekenembleem wurdt yn 'e regel troch manlju droegen op 'e baret, en troch froulju op 'e klean, bgl. op it skouder of by wize fan brosje by de kiel. Hoewol't it foar elts lid fan 'e clan tastien is om in helmtekenembleem te keapjen en te dragen, bliuwe it embleem en it biedwurd altyd en útslutend eigendom fan 'e haadman. Yn prinsipe kinne sokke helmtekenemblemen dan ek inkeld brûkt wurde mei tastimming fan 'e haadman, en der hawwe gefallen west dat it Hof fan 'e Lord Lyon yngrepen hat as dy tastimming net jûn waard. It helmtekenembleem is in frij resinte ynnovaasje, dy't syn bestean tanket oan 'e njoggentjinde-iuwske Romantyk.

In jeneverbeitûke, it clanembleem (clan badge) fan 'e clans Gunn, Macleod, Murray, Nicolson fan Skye en Ross.

It dragen fan in clanembleem of clanteken (clan badge) is in algemienere manear om 'e trou oan jins clan blike te litten. Dit soarte embleem bestiet út in twiichje fan in beskate plant, dat yn 'e regel troch manlju op 'e baret efter it helmtekenembleem fêstmakke wurdt, wylst froulju it op harren tartansjerp fêstsette. Ek kin in gruttere twiich oan in stôk fêstmakke wurde en as in soarte fan clanbanier brûkt wurde. In probleem hjirby is wol dat clans dy't histoarysk út deselde krite komme, faak deselde plant as clanembleem fiere. Boppedat hat men foar it brûken fan clanemblemen om clans te identifisearjen wol ferlet fan in yngeande kennis fan 'e Skotske plantewrâld.

Neffens anekdoatyske kennis soene clanemblemen foarhinne troch Skotske clans yn 'e striid brûkt wêze as in wize fan identifikaasje fan 'e striders. Dat wol histoarisy lykwols mar min oan, mei't sokke plante-ynsinjes sels foar moderne clangearkomsten folslein ûngeskikt wêze kinne. Dat hoewol't gauris sein wurdt dat clanemblemen de oarspronklike wize wiene om 'e leden fan 'e ferskillende clans faninoar te ûnderskieden, leauwe saakkundigen dat soks earder dien waard mei de heraldyske baniers fan 'e haadlju. Wol is it sa dat it clanembleem in oanwiisber âlder ferskynsel is as it helmtekenembleem, en mooglik ek as it clantartan.

List fan Skotske clans

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn totaal binne der 150 clans mei in haadman, en dêropta 198 wapenfierende clans.

Clans mei haadlju

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Clan Agnew
  • Clan Anstruther
  • Clan Arbuthnott
  • Clan Arthur (MacArthur)
  • Clan Bannerman
  • Clan Barclay
  • Clan Borthwick
  • Clan Boyd
  • Clan Boyle
  • Clan Brodie
  • Clan Broun
  • Clan Bruce
  • Clan Buchan
  • Clan Burnett
  • Clan Cameron
  • Clan Campbell
  • Clan Carmichael
  • Clan Carnegie
  • Clan Cathcart
  • Clan Charteris
  • Clan Chattan
  • Clan Chisholm
  • Clan Cochrane
  • Clan Colquhoun
  • Clan Colville
  • Clan Cranstoun
  • Clan Crichton
  • Clan Cumming (Comyn)
  • Clan Cunningham
  • Clan Darroch
  • Clan Davidson
  • Clan Dewar
  • Clan Donald (MacDonald)
  • Clan Drummond
  • Clan Dunbar
  • Clan Dundas
  • Clan Durie
  • Clan Elliot
  • Clan Elphinstone
  • Clan Erskine
  • Clan Farquharson
  • Clan Fergusson
  • Clan Forbes
  • Clan Forsyth
  • Clan Fraser
  • Clan Fraser fan Lovat
  • Clan Gordon
  • Clan Graham
  • Clan Grant
  • Clan Gregor (MacGregor)
  • Clan Grierson
  • Clan Guthrie
  • Clan Haig
  • Clan Haldane
  • Clan Hamilton
  • Clan Hannay
  • Clan Hay
  • Clan Henderson
  • Clan Home
  • Clan Hope
  • Clan Hunter
  • Clan Irvine
  • Clan Jardine
  • Clan Johnstone
  • Clan Keith
  • Clan Kennedy
  • Clan Kerr
  • Clan Kincaid
  • Clan Lamont
  • Clan Leask
  • Clan Lennox
  • Clan Leslie
  • Clan Lindsay
  • Clan Lockhart
  • Clan Lumsden
  • Clan Lyon
  • Clan MacAlister
  • Clan MacBean
  • Clan Macdonald fan Clanranald
  • Clan MacDonald fan Keppoch
  • Clan Macdonald fan Sleat
  • Clan MacDonell fan Glengarry
  • Clan MacDougall
  • Clan Macdowall
  • Clan MacIntyre
  • Clan Mackay
  • Clan Mackenzie
  • Clan Mackinnon
  • Clan Mackintosh
  • Clan Maclachlan
  • Clan Maclaine fan Lochbuie
  • Clan MacLaren
  • Clan MacLea (Livingstone)
  • Clan Maclean
  • Clan MacLennan
  • Clan MacLeod
  • Clan MacLeod fan Lewis
  • Clan MacMillan
  • Clan Macnab
  • Clan Macnaghten
  • Clan MacNeacail
  • Clan MacNeil
  • Clan Macpherson
  • Clan MacTavish
  • Clan MacThomas
  • Clan Maitland
  • Clan Makgill
  • Clan Malcolm (MacCallum)
  • Clan Mar
  • Clan Marjoribanks
  • Clan Matheson
  • Clan Menzies
  • Clan Moffat
  • Clan Moncreiffe
  • Clan Montgomery
  • Clan Morrison
  • Clan Munro
  • Clan Murray
  • Clan Napier
  • Clan Nesbitt
  • Clan Nicolson
  • Clan Ogilvy
  • Clan Oliphant
  • Clan Primrose
  • Clan Ramsay
  • Clan Rattray
  • Clan Riddell
  • Clan Robertson
  • Clan Rollo
  • Clan Rose
  • Clan Ross
  • Clan Ruthven
  • Clan Sandilands
  • Clan Scott
  • Clan Scrymgeour
  • Clan Sempill
  • Clan Shaw fan Tordarroch
  • Clan Sinclair
  • Clan Skene
  • Clan Stirling
  • Clan Strange
  • Clan Stuart fan Bute
  • Clan Sutherland
  • Clan Swinton
  • Clan Trotter
  • Clan Urquhart
  • Clan Wallace
  • Clan Wedderburn
  • Clan Wemyss
  • Clan Wood


Wapenfierende clans (sûnder haadlju)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Clan Abercromby
  • Clan Abernethy
  • Clan Adair
  • Clan Adam
  • Clan Aikenhead
  • Clan Ainslie
  • Clan Aiton
  • Clan Allardice
  • Clan Anderson
  • Clan Armstrong
  • Clan Arnott
  • Clan Auchinleck
  • Clan Baillie
  • Clan Baird
  • Clan Balfour
  • Clan Bannatyne
  • Clan Baxter
  • Clan Bell
  • Clan Belshes
  • Clan Bethune
  • Clan Beveridge
  • Clan Binning
  • Clan Bissett
  • Clan Blackadder
  • Clan Blackstock
  • Clan Blair
  • Clan Blane
  • Clan Blyth
  • Clan Boswell
  • Clan Brisbane
  • Clan Buchanan
  • Clan Butter
  • Clan Byres
  • Clan Cairns
  • Clan Calder
  • Clan Caldwell
  • Clan Callender
  • Clan Campbell fan Breadalbane
  • Clan Campbell fan Cawdor
  • Clan Carruthers
  • Clan Cheyne
  • Clan Chalmers
  • Clan Clelland
  • Clan Clephane
  • Clan Cockburn
  • Clan Congilton
  • Clan Craig
  • Clan Crawford
  • Clan Crosbie
  • Clan Dalmahoy
  • Clan Dalrymple
  • Clan Dalzell
  • Clan Dennistoun
  • Clan Don
  • Clan Douglas
  • Clan Duncan
  • Clan Dunlop
  • Clan Edmonstone
  • Clan Fairlie
  • Clan Falconer
  • Clan Fenton
  • Clan Fleming
  • Clan Fletcher
  • Clan Forrester
  • Clan Fotheringham
  • Clan Fullarton
  • Clan Galbraith
  • Clan Galloway
  • Clan Gardyne
  • Clan Gartshore
  • Clan Gayre
  • Clan Ged
  • Clan Gibsone
  • Clan Gladstains
  • Clan Glas
  • Clan Glen
  • Clan Glendinning
  • Clan Gray
  • Clan Gunn
  • Clan Haliburton
  • Clan Halkerston
  • Clan Halket
  • Clan Hepburn
  • Clan Heron
  • Clan Herries
  • Clan Hogg
  • Clan Hopkirk
  • Clan Horsburgh
  • Clan Houston
  • Clan Hutton
  • Clan Inglis
  • Clan Innes
  • Clan Kelly
  • Clan Kinloch
  • Clan Kinnaird
  • Clan Kinnear
  • Clan Kinninmont
  • Clan Kirkcaldy
  • Clan Kirkpatrick
  • Clan Laing
  • Clan Lammie
  • Clan Langlands
  • Clan Learmonth
  • Clan Little
  • Clan Logan
  • Clan Logie
  • Clan Lundin
  • Clan Lyle
  • Clan MacAulay
  • Clan Macbrayne
  • Clan MacDuff
  • Clan MacEwen
  • Clan MacFarlane
  • Clan Macfie
  • Clan Macgillivray
  • Clan MacInnes
  • Clan MacIver
  • Clan Mackie
  • Clan MacLellan
  • Clan Macquarrie
  • Clan Macqueen
  • Clan Macrae
  • Clan Masterton
  • Clan Maule
  • Clan Maxton
  • Clan Maxwell
  • Clan McCorquodale
  • Clan McCulloch
  • Clan McKerrell
  • Clan Meldrum
  • Clan Melville
  • Clan Mercer
  • Clan Middleton
  • Clan Moncur
  • Clan Monteith
  • Clan Monypenny
  • Clan Mouat
  • Clan Moubray
  • Clan Mow
  • Clan Muir
  • Clan Nairn
  • Clan Nevoy
  • Clan Newlands
  • Clan Newton
  • Clan Norvel
  • Clan Ochterlony
  • Clan Orrock
  • Clan Paisley
  • Clan Paterson
  • Clan Pennycook
  • Clan Pentland
  • Clan Peter
  • Clan Pitblado
  • Clan Pitcairn
  • Clan Pollock
  • Clan Polwarth
  • Clan Porterfield
  • Clan Preston
  • Clan Pringle
  • Clan Purves
  • Clan Rait
  • Clan Ralston
  • Clan Renton
  • Clan Roberton
  • Clan Rossie
  • Clan Russell
  • Clan Rutherford
  • Clan Schaw
  • Clan Seton
  • Clan Skirving
  • Clan Somerville
  • Clan Spalding
  • Clan Spens
  • Clan Spottiswood
  • Clan Stewart
  • Clan Stewart fan Appin
  • Clan Stirling
  • Clan Strachan
  • Clan Straiton
  • Clan Sydserf
  • Clan Symmers
  • Clan Tailyour
  • Clan Tait
  • Clan Tennant
  • Clan Troup
  • Clan Turnbull
  • Clan Tweedie
  • Clan Udny
  • Clan Vans
  • Clan Walkinshaw
  • Clan Wardlaw
  • Clan Watson
  • Clan Wauchope
  • Clan Weir
  • Clan Whitefoord
  • Clan Whitelaw
  • Clan Wishart
  • Clan Young


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.