Skorpioen II

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Skorpioen II
Crown linear.svg aadlik persoan en/of hearsker
Farao Skorpioen II op 'e Gnodzeknop fan Skorpioen yn it Ashmolean Museum yn Oxford.
Farao Skorpioen II op 'e Gnodzeknop fan Skorpioen yn it Ashmolean Museum yn Oxford.
echte namme Selk? Weha?
nasjonaliteit Tinitysk
bertedatum 31e iuw f.Kr.
stjerdatum 31e iuw f.Kr.
etnisiteit Egyptysk
kening fan Tinis
regear omtrint 3050 f.Kr.
foargonger Ka?
opfolger Narmer?

Skorpioen II (Egyptysk mooglik Selk of Weha; fl. 3050 f.Kr.) wie in kening of farao dy't yn it Proto-Dynastyk Tiidrek hearske oer Tinis of mooglik oer hiel Opper-Egypte. Oer syn eigentlike namme hawwe egyptologen it omreden fan 'e beheinings fan it hieroglifeskrift oant no ta net iens wurde kind. Hy wurdt ek wol oantsjut as Kening Skorpioen en is de twadde kening dy't sa neamd wurdt. De reden dêrfoar is dat in skorpioen ûnderdiel útmakket fan 'e hieroglifen dy't syn namme foarmje.

Oerlevering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan Skorpioen II is bekend fan fragminten fan in kalkstiennen gnodzeknop, de saneamde Gnodzeknop fan Skorpioen, dy't yn 1897-1898 by opgravings te Hierakonpolis troch James Quibell fûn waard. Op 'e gnodzekop is in ôfbylding te sjen fan in Opperegyptyske kening, dy't werom te kennen is oan 'e hadjet, de wite kroan fan Opper-Egypte. Neitiid binne ferskate oare ynskripsjes fan 'e hieroglifen fan 'e namme fan Skorpioen II oantroffen, wêrûnder op in muorreskildering fan syn oerwinning op in oare proto-dynastike kening, dy't om 2000 hinne troch perfester John Darnell fan 'e Universiteit fan Yale ûntdutsen waard.

De hieroglifen mei de namme fan Skorpioen II.

Identiteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wiere namme en aadlike titel fan Skorpioen II foarmje yn 'e moderne egyptology in kwestje dêr't men it net oer iens wurde kin. Dat hat dermei te krijen dat hieroglifen inkeld begripen werjouwe en gjin klanken. De namme fan Skorpioen II wurdt faak yntrodusearre troch in seis- of sânblêdige rozet wêrfan't men tinkt dat it in blom foarstelle moat. Dat teken komt foar op withoefolle artefakten út it Proto-Dynastyk Tiidrek en de dêropfolgjende Earste Dynasty fan Egypte, wêrnei't it ferdwynt (yn ûnbrûk rekket?) oant de Trêde Dynasty, dêr't it wer ferskynt yn ferbân mei de nammen fan heechpleatste funksjonarissen lykas Chabausokar en A'a-achty (dy't allebeide datearje fan 'e ein fan 'e Trêde Dynasty).

De krekte betsjutting fan it rozetsymboal is ûnbekend, mar egyptologen geane derfan út dat it "nomarch" of "aadlike hear" betsjut. Yn it Proto-Dynastyk Tiidrek en oan it begjin fan it Ier-Dynastyk Tiidrek waard it blykber brûkt as oantsjutting foar keningen, mar meitiid liket it oan devaluaasje bleatstien te hawwen, sadat it letter foar wichtige pommeranten brûkt waard dy't beslist gjin keningen wiene. Yn 't bysûnder waard it doe brûkt foar dejingen dy't as preesters foar de goadinne Sesjat tsjinnen. Sadwaande waard de goudene rozet in offisjeel symboal fan Sesjat. De útspraak fan 'e rozet is ek ûnwis, mar de measte taalkundigen en egyptologen lêze it as neb ("hear") of nesw ("kening").

De ôfbylding fan in skorpioen, dy't diel útmakket fan 'e namme fan Skorpioen II, wurdt oer it algemien yn ferbân brocht mei de goadinne Selket. Mar egyptologen lykas Ludwig David Morenz, Horst Beinlich, Toby Wilkinson en Jan Assmann, hawwe der op wiisd dat dy goadinne pas yn it tiidrek fan it Alde Ryk (dat de Fjirde, Fyfde en Sechsde Dynasty omfiemet) yn it Alde Egypte yntrodusearre waard. Sa besjoen liket it ûnlogysk dat de skorpioen fan Skorpioen II wat út te stean hat mei Selket. Morenz hat fierders opmurken dat yn gefallen dêr't in bist yn 'e namme fan in hearsker opnommen is, dat bist oer it algemien in oare, frijwat kultyske en politike betsjutting hat. Skorpioenen symbolisearren yn it Alde Egypte ornaris gefaarlike dingen, lykas "gif" en "sykte", mar koene ek eat as "stjonkende azem" betsjutte, of yn in militêre kontekst "oanfal" of "bestoarming". Om't ûnbekend is hoe't de hieroglifen, dy't de namme fan dizze hearsker foarmje, útsprutsen wurde moatte, wurdt er yn 'e regel mar 'Skorpioen II' neamd.

Histoarysk figuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer Skorpioen II is frijwol neat bekend. Der binne ferskate teoryen oer syn identiteit en gronologyske posysje mank de proto-dynastike keningen. Guon egyptologen, lykas Bernadette Menu, riddenearje dat, om't de Egyptyske farao's fan 'e Earste Dynasty ferskate nammen hân lykje te hawwen, Skorpioen II deselde persoan west hawwe moat as Narmer, de stifter fan 'e Earste Dynasty. De hieroglifen dy't de namme fan Skorpioen II foarmje, soene yn dy optyk inkeld in alternative namme of mooglik in oanfoljende titel foarmje. In punt dat yn it foardiel fan dizze teory liket te wêzen, wurdt foarme troch de dúdlike oerienkomsten tusken de Gnodzekop fan Skorpioen en de ferneamde Gnodzekop fan Narmer.

Oare saakkundigen, ûnder wa Toby Wilkinson, Renée Friedman en Bruce Trigger, hawwe Skorpioen II identifisearre as in 'tsjinkening', in hearsker dy't tagelyk en yn opposysje mei oare keningen regearre, yn dit gefal Narmer en Ka. Yn 'e tiid fan Skorpioen II wie Egypte ferdield yn ferskate lytsere keninkriken, dy't inoar allegeduerigen beoarloggen. In trêde teory is dêrom dat Narmer de keninkriken fan Ka en Skorpioen II simpelwei ferovere yn syn driuw om Egypte te ferienjen.

Popkultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It personaazje 'de Skorpioenekening', yn 'e Hollywood-films The Mummy Returns (2001) en The Scorpion King (2002), beide kearen spile troch akteur Dwayne Johnson, wie basearre op Skorpioen II. Ofsjoen fan it gebrûk fan dy namme hawwe de beide films lykwols gjin inkele historisiteit.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.