Skipbrek
In skipbrek is it fergean fan in skip wylst it ûnderweis is. It byhearrende tiidwurd is yn it Frysk brekslaan. Lichtere skea, dy't net ta de ûndergong fan it oangeande skip liedt, wurdt averij of haverij neamd. As in skip fergiet yn it ramt fan oarlochfiering wurdt net fan skipbrek sprutsen. Slachtoffers fan skipbrek wurde skipbreklingen neamd. Fan likernôch 1900 ôf wurde yn gefal fan skipbrek fersiken om help ôfjûn ûnder it ynternasjonale needsinjaal S.O.S.
Oarsaken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De meast foarkommende oarsaak fan skipbrek wurdt foarme troch waarsomstannichheden, lykas stoarm of mist. Mar ek ferkearde belading, in fout yn 'e konstruksje, oanfarrings of minne navigaasje kinne ta de ûndergong fan in skip liede. Yn eardere tiden wie de navigaasje folle faker de oarsaak, fanwegen minne of net-besteande kartografy, wylst ek moderne navigaasjemetoaden lykas radar en satellytnavigaasje doe fansels noch net bestiene.
Foarbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bekende gefallen fan skipbrek binne:
- de RMS Titanic. In Britsk passazjiersskip dat yn 1912 yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan op in iisberch fear en sonk, mei 1.517 deaden ta gefolch.
- de MS Herald of Free Enterprise. In Britske fearboat dy't yn 1987 foar de Belgyske kust te sink gie. Dêrby foelen 193 deaden.
- de Exxon Valdez. In Amerikaanske oaljetanker, dy't yn 1989 yn 'e Prince William Sound, foar de kust fan Alaska, op in rif rûn en leksloech. Dêrtroch rûn der 42 miljoen liter rouwe oalje yn 'e see, wêrnei't de fersmoarging him útwreide oer 1.800 km kustline fan Alaska. It wie ien fan 'e grutste miljeurampen út 'e skiednis en de grutste dy't Alaska ea oerkomd is.
- de MS Estonia. In Estyske fearboat dy't yn 1994 yn 'e Eastsee sonk. Dêrby foelen 852 deaden.
- de Costa Concordia. In Italjaansk cruiseskip dat yn 2012 troch de dryste en ûnferantwurdlike aksjes fan kaptein Francesco Schettino foar de kust fan Isola del Giglio, yn de Tyrreenske See, op in rif rûn en kapseisde. Dêrby kamen 32 minsken om.
Rêding en berging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As in passazjiersskip brekslacht, is ornaris de kaptein oanspraaklik foar de passazjiers oer. Mar dy oanspraaklikheid wurdt yn 'e regel oerdroegen oan 'e rederij. Dy sil wer fersekere wêze, al kin mei sa'n fersekering by minder bonafide fersekeringsmaatskippijen in protte mis wêze.
De kaptein hâldt de sizzenskip oer in skip dat sonken is, ek as der bergers oan board geane om it skip boppe wetter te krijen. Sokke bergers binne faak ferbûn oan spesjalisearre bedriuwen, dy't spesjaal en faak grutskalich materieel hawwe om fergiene skippen te bergjen. Harren betelling kin ferskate foarmen oannimme; soms is it burgen skip sels hielendal of foar in part de ôfbetelling.
Skipbreklingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Slachtoffers fan skipbrek binne skipbreklingen. Benammen yn 'e reisliteratuer út 'e tiid fan 'e grutte ûntdekkingsreizen, fan 'e sechstjinde oant en mei de achttjinde iuw, komme in protte ferhalen oer skipbrek foar. It bekendst is yn dat ferbân de roman Robinson Crusoe fan Daniel Defoe, út 1719. It skip fan 'e haadpersoan, Robinson Crusoe, slacht brek en hy spielt oan op in ûnbewenne eilân. Syn reälistysk beskreaune wederwarichheden wiene basearre op it ferslach fan in wierbard eilânferbliuw út frije wil (net feroarsake troch skipbrek) fan Alexander Selkirk. In oar bekend foarbyld fan in skipbrekling is de apostel Paulus, waans skip neffens Hannelingen 27:13-45 breksloech op 'e kust fan Malta wylst er as finzene ûnderweis wie nei Rome.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|