Springe nei ynhâld

Skiednis fan It Amelân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skiednis fan it Amelân)

De skiednis fan It Amelân hat it eilân kultureel in mingeling makke fan Hollânske en Fryske eleminten, en hat laat ta in unike eilânkultuer.

It Amelân is yn geologysk opsicht in frij jong eilân. It waard pas drûch lân, krektas in grut part fan de rest fan Nederlân, yn it lêste tiidrek fan 'e geology, it Holoseen. It Amelân wie yn it earstoan in part fan it fêstelân; pas nei't de see om it begjin fan 'e jiertelling hinne troch de dunerige bruts en it feangebiet dêrefter fuortsloech, waard it in eilân.

Wannear't de earste minsken harren op It Amelân nei wenjen setten, is ûndúdlik, mar yn alle gefallen moat it eilân fan likernôch it jier 850 ôf bewenne west hawwe. De earst oerlevere minsklike aktiviteit op It Amelân wie nammentlik de stifting fan it kleaster Foswert yn 889. Dat kleaster hie yn 'e iere Midsiuwen it bestjoer oer hiel It Amelân yn 'e hannen. Om 1109 hinne waard it ferpleatst nei Ferwert, op it Fryske fêstelân, mar ek doe bleau It Amelân dermei ferbûn. Sadwaande wie it dêrnei hast trije iuwen in part fan Ferwerderadiel.

De isolearre posysje fan It Amelân hie yn 'e lettere Midsiuwen it gefolch dat it eilân, doe't de Hollânske greven Fryslân besochten te feroverjen, troch harren maklik ynnaam wurde koe. It Amelân en Skylge wienen maklik te oerweldigjen en it Hollânske gesach wie dêr dan ek it sterkst en bleau der it langst bewarre. Yn 1398 beliende de Hollânske greve Albrecht fan Beieren syn ûnderhearrige Arend fan Egmond, hear fan Iselstein, mei It Amelân en It Bilt. Yn 1405 waard troch in ferdrach tusken Albrecht fan Beieren en de Friezen de offisjele bân tusken It Amelân en Ferwerderadiel, dy't doe noch altyd bestie, ferbrutsen.

Unôfhinklikens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arend fan Egmond, de troch de Hollânske greve oanstelde erflik hear fan It Amelân, beneamde as syn ferfanger Ritske Jelmera, in Amelânsk haadling, en stamheit fan it geslacht Van Cammingha. Al rillegau fierde dy lykwols sa'n eigenmachtich bewâld, dat de hearen fan Egmond op it eilân neat mear yn te bringen hienen. Dêrby spile dy Ritske Jelmera op handige wize al syn tsjinstanners, Hollân, Fryslân en de hearren fan Egmond, tsjininoar út. Yn 1429 krige hy de greve fan Hollân sels safier dat dy yn ruil foar in jierlikse skatting It Amelân yn beskerming naam. Lettere greven fan Hollân waard ûnthjitten dat se as hear fan It Amelân ynhuldige wurde soenen, sadree't se Fryslân ferovere hienen, wat nea barde. Op dy manear wie de hearskippij fan Ritske Jelmera en syn opfolgers lykwols foargoed beskerme tsjin eventuële oanfallen fan it Fryske fêstelân ôf.

Ritske syn pakesizzer, Haye Jelmera, wie de earste fan syn geslacht dy't him de titel hear fan It Amelân taeigene. Haye syn soan Piter Cammingha, dy't syn heit yn 1486 opfolge, krige fan 'e Dútske keizer Maksimiliaan I dien, dat dy It Amelân as in ûnôfhinklik part fan Fryslân erkende. Letter, yn 1498, beleanne dyselde keizer Maksimiliaan I de Dútske aventoerier Albrecht fan Saksen, mei It Amelân, mar de Cammingha's wisten foar te kommen dat dy it eilân yn besit nimme koe.

Yn 'e Tachtichjierrige Oarloch, krige It Amelân te krijen mei de Wettergeuzen, dy't op it eilân raar wurk makken. It wie dan ek net sa frjemd dat de Amelanners ta-inoarkommen mei de Spanjerts sochten, wat late ta in erkenning fan harren neutraliteit troch kening Filips II. Sawol de Steaten fan Hollân as dy fan Fryslân wienen dêr min oer te sprekken, mar trochdat de Hollanners op hege toan in boadskip oan 'e Friezen stjoerden, jagen se dy sa gerdinen, dat dy it foar It Amelân opnamen. Sikke van Cammingha wist yn 1588 de Steaten fan Fryslân sels safier te krijen dat dy, krekt as de Spaanske Kroan, de ûnôfhinklikens en neutraliteit fan It Amelân erkenden.

It wie yn dizze tiid dat de kym lein waard foar de twadieling fan It Amelân, sa't dy hjoed de dei ek noch bestiet. It westen, mei de doarpen Hollum en Ballum, gong nammentlik yn dy tiid stadichoan oer nei it nije, herfoarme leauwe, wylst it easten, mei de doarpen Nes en Bueren, roomsk bleau. Dizze twadieling waard ek befoardere troch de opmars fan 'e see krekt tusken Ballum en Nes yn. Meitiid ûntstienen der sa tusken de beide parten fan It Amelân ferskillen yn taal, libbenswize en brûkmen. Sels yn 'e tweintichste iuw noch kaam it foar dat ynwenners fan Nes en Bueren harren hiele libben net yn Hollum en Ballum kamen en oarsom.

Oan it begjin fan 'e 17e iuw wie de macht fan 'e Van Cammingha's sa tanommen, dat der ûntefredenens ûntstie ûnder de Amelanners. Nei't de rêst troch Steatske troepen werombrocht wie, waard it earste Amelander Wetboek útjûn.

Doe't yn 1652 de Earste Ingelske Oarloch útbruts tusken de Republyk fan 'e Feriene Provinsjes en de Ingelske Republyk, stjoerde Watse van Cammingha in brief oan Oliver Cromwell, om dy derop te wizen dat It Amelân in ûnôfhinklike en neutrale steat wie. Sa bleau It Amelân bûten de Earste Ingelske Oarloch (1652-1654) en ek yn 'e Twadde (1665-1667) en de Trêde Ingelske Oarloch (1672-1674) wie it neutraal.

Yn 1681 kaam de jonge Frâns Doeke van Cammingha hommels te ferstjerren en stoar it geslacht ynienen út. Syn mem, Rixt van Donia, de widdo fan Watse van Cammingha, regearre noch in jier, mar yn 1682 ferstoar sy ek. Dy "Frouwe Rixt" is fanwegen alles dat se foar de Amelânske befolking dien hie, noch lange tiid tige populêr bleaun op it eilân. Nei it útstjerren fan it geslacht Van Cammingha kaam It Amelân troch fererving yn it besit fan it geslacht Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, in fan oarsprong Dútske aadlike famylje dy't har yn 'e sechstjinde iuw yn Fryslân nei wenjen set hie en yn 'e lêste helte fan 'e santjinde iuw al hielendal ynboargere wie. Yn 1704 ferkochten hja It Amelân lykwols foar 170.000 Carolusgûnen oan 'e Fryske steedhâlder Johan Willem Friso, dy't yn 1702 troch it útstjerren fan 'e Hollânske steedhâlders prins fan Oranje wurden wie. Sa komt it, dat kening Willem-Alexander him hjoed de dei noch altyd erf- en frijhear fan It Amelân neame mei.

Amelânske dracht
kapiteinswenning op Amelân

Yn 1795 stiftem de Patriotten de Bataafske Republyk en moast steedhâlder Willem V flechtsje. Nei't yn 1798 It Amelân by de nij-foarme Bataafske Republyk ynliive wie, waarden krekt as op it fêstelân ek op it eilân de Oranjes ferfallen ferklearre fan al harren besittings en weardichheden. Yn 1801 kaam it eilân as in mairie (letterlik boargemasterskip) by it departemint Fryslân. Yn 1814, doe't de Frânsen al wer in jier ferdreaun wienen en Nederlân in keninkryk wurden wie, waard dy bân mei Fryslân nochris befêstige, sadat der foargoed in ein kaam oan 'e útsûnderlike steatkundige posysje fan It Amelân. Wol krige kening Willem I alle besittings en rjochten fan syn geslacht op it eilân werom.

Yn it nije keninkryk fan 'e Nederlannen waard It Amelân in gritenij fan Fryslân, mei in grytman oan it haad. De Gemeentewet fan 1851 feroare dit ta in gemeente mei in boargemaster.

Oant 'e 20e iuw hienen de Amelanners benammen de kost fertsjinne mei fiskjen en buorkjen, hoewol't der yn 'e 17e en 18e iuw ek in protte lju fan it eilân op walfiskfeart gongen. Fan 1945 ôf ûntjoech It Amelân him lykwols stadichoan ta in fakânsje-eilân.

Wrakseljen mei de wetterfloed

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fral sûnt 1400 hat It Amelân in bytiden fûleindige striid mei it wetter leverje moatten om it eigen fuortbestean feilich te stellen. Op 'e eastlike ein fan it eilân lei foarhinne it frij grutte doarp Oerd, dêr't it tsjintwurdige, dêr net fier ôf leine dúngebiet nei neamd is. Troch oanhâldende oerstreamings wienen de bewenners úteinlik needsake om te ferhúzjen nei Bueren. Noardwestlik fan Hollum lei eartiids in oar doarp dat no net mear bestiet, Sier. It doarp moat ûnder mear in grutte fiskershaven hân hawwe, mar ek dêr moasten de bewenners úteinlik belies jaan, al hienen se dêr behalven mei wetter ek fral mei stosân te krijen. Op in kaart út 1731 komt by Hollum ek noch it buorskip De Blike foar. Ek dêr is neat fan oerbleaun.

Yn 'e lêste helte fan 'e 18e iuw en de earste helte fan 'e 19e iuw drige it eilân yn twaen te brekken. Dêr't oan 'e súdkant no noch altyd de Ballumerbocht is, bruts de see doe oan 'e noardkant troch de dunerige, sadat dêr de Slinke ûntstie, dy't by heech wetter folrûn. Dy slinke waard stadichoan breder en der ferdronken sels guon lju yn. Healwei de 19e iuw begûn er lykwols te fersânjen en doe waard mei man en macht in dyk opwurpen, sadat it eilân ien bleau.

Fan 1872 oan 1882 wie It Amelân lânfêst troch de Amelânske Daam. It ûnderhâld wie lykwols te djoer, dat de daam waard oan syn lot oerlitten.

Ek yn 'e 20e iuw hat It Amelân noch genôch mei de see te hâlden en te kearen hân. Noardlik fan Nes strûpten in kampearterrein en in grut part fan in bosk derûnder, wylst by Hollum de fjoertoer yn gefaar kaam. Troch it oanfieren fan grutte hoemannichten sân en it oanbringen fan betonnen damen waard dizze ôfbroazeling tsjinholden, hoewol't guon hotels doe al troch de see ferswolge wienen.

  • Klaas Jansma - Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.
  • Pieter Terpstra - Tweeduizend jaar geschiedenis van Friesland, Ljouwert.