Sint-Matildetsjerke (Quedlinburg)
Sint-Matildetsjerke St. Mathilde | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Saksen-Anhalt | |
plak | Quedlinburg | |
koördinaten | 51°47' N 11°8' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
bisdom | Magdeburg | |
patroanhillige | Matilde | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Friedrich von Schmidt | |
boujier | 1855-1858 | |
boustyl | neogotyk | |
Webside | ||
sankt-mathilde-quedlinburg.de | ||
Kaart | ||
De Sint-Matildetsjerke (Dútsk: St. Mathilde of St. Mathildis) is in roomske parochytsjerke fan it bisdom Magdeburg yn 'e Dútske stêd Quedlinburg.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ienskippige tsjerkegebou is yn 'e jierren 1855-1858 boud op 'e wâl fan in âlde stedsmuorre. It wie de earste foltôge tsjerke fan 'e arsjitekt Friedrich von Schmidt en is de op ien nei jongste tsjerke fan Quedlinburg. Schmidt wie ien fan 'e meast ferneamde neogoatyske arsjitekten fan Eastenryk. Hy wurke yn Dútslân û.o. mei oan 'e foltôging fan 'e Keulske dom en yn Wenen oan 'e bou fan it stedshûs en de restauraasje fan 'e Stefanusdom. De Matildetsjerke waard yn juny 1858 troch biskop Konrad Martin fan Paderborn konsekrearre en wijd oan 'e hillige Matilde, de frou fan kening Hindrik I en stiftster fan 'e Quedlinburger abdij.
It neogoatyske tsjerkegebou lit him tige goed yn it midsiuwske stedsbyld fan Quedlinburg passe.
Fanwegen brekfalligens moast de stiennen dakruter op 'e eastlike gevel yn 'e jierren 1980 ôfbrutsen wurde. Yn 'e maitiid waard in houten replika wer op 'e gevel set en de klok dy't sûnt 1984 yn 'e tsjerke bewarre waard, hinget hjoed-de dei wer yn 'e dakruter.
Parochy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de ferdriuwing fan Dútsers út de eastgebieten groeide it tal katoliken nei de Twadde Wrâldkriich, sadat de Matildetsjerke fan Quedlinburg te lyts waard. De parochy naam dêrom sûnt 1954 de Sint-Wigberttsjerke yn gebrûk as filiaaltsjerke. Om 't dy tsjerke gjin ferwaarming hat wurdt dy tsjerke allinne simmerdeis brûkt.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It retabel fan 'e tsjerke datearret út de jierren 1950 en waard makke troch Meinolf Splett út Halle. It middelste diel stelt Kristus mei ingelen en hilligen foar, wylst op 'e syddoarren foarstellingen fan Matilde ôfbylde wurde.
De piëta út likernôch 1400 is ôfkomstich út de Sint-Wigberttsjerke.
Yn it koer binne trije brânskildere ramen. Sintraal wurdt de hillige Matilde en de hillige Liboarius, de patroanhillige fan it aartsbisdom Paderborn, ôfbylde. Op it lofter raamt steane Sint-Dionysius en Sint-Servatius, patroanhilligen fan 'e stiftstsjerke fan Quedlinburg en op it rjochter raam Matilde's soan Bruno en har oerbeppesizzer Hindrik de Hillige.
De krúswei is fan sânstien makke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St.-Wiperti-Kirche Quedlinburg
|