Sint-Wigberttsjerke (Quedlinburg)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Sint-Wigberttsjerke (Dútsk: St. Wiperti) is in oan 'e hillige Wigbert en Jakobus wijde tsjerke yn Quedlinburg, Dútslân. De tsjerke spile sawol sûnt de stifting as yn lettere tiden in belangrike rol yn 'e skiednis fan Quedlinburg.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke mei syn mear as 1000 jier âlde krypt is ien fan 'e trije Ottoanske tsjerken yn Quedlinburg. Foar Hindrik I de Fûgelder (919-936) en syn soan Otto I (936-973) wie Quedlinburg it plak dêr't hja fakentiden it Peaskefeest fierden.

Letter waard op it gebiet by de tsjerke in koarhearenkleaster boud, dat yn 'e 12e iuw yn in premonstratinzersk kleaster feroare. It kleaster waard mei de ynfiering fan 'e reformaasje yn 1539 opheft. De tsjerke bleau oant yn 'e 19e iuw yn gebrûk as protestantske parochytsjerke.
Neidat it protestantske frouljusstift op 'e Schlossberg yn 1803 opheft waard, ferhûze de protestantske gemeente fan 'e Wigberttsjerke nei de Sint-Servatiustsjerke. It wie it doel om de Sint-Wigberttsjerke ôf te brekken, mar in boerefamylje kocht it bouwurk oan en dy brûkte de tsjerke dêrnei as skuorre.
Yn 'e nasjonaalsosjalistyske waard de eardere tsjerke in kultusplak fan 'e SS. Ek de stiftstsjerke Sint-Servatius waard troch de SS yn beslach nommen en yn in nasjonaalsosjalistysk kultusplak feroare.
Yn 'e jierren 1950 waard de tsjerke restaurearre as tsjerke en sûnt wurdt de tsjerke yn 'e simmermoannen brûkt as roomske parochytsjerke. Tusken 1955 en 1959 waard in restauraasje útfierd. Dêrby waard it 13e-iuwske letromaanske timpaan oan it súdportaal fan 'e tsjerke ynboud, dat ôfkomstich is fan it eardere Marijekleaster op Quedlinburger Münzeberg.
Sûnt 1994 is de tsjerke as ûnderdiel fan 'e "Stiftstsjerke, kastiel en âlde binnenstêd fan Quedlinburg" wrâlderfgoed fan UNESCO . De Förderverein St. Wipertikirche Quedlinburg e. V. set him sûnt 1995 yn foar it behâld fan 'e tsjerke.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St.-Wiperti-Kirche Quedlinburg
|
