Quedlinburg
|
Quedlinburg is in stêd noardlik fan 'e Harz yn 'e lânkring Harz (Saksen-Anhalt). De stêd waard foar it earst yn 922 neamd en krige yn 994 it stedsrjocht. Ek wie Quedlingburg fan 'e 10e oant de 12e iuw mei Peaske de sit fan 'e wrâldske hearskers fan it Hillich Roomske Ryk.
It arsjitektoanyske erfgoed fan 'e stêd stiet sûnt 1994 op 'e UNESCO-list fan it wrâlderfgoed.
Yn 'e histoaryske binnenstêd steane mear as 2.000 fakwurkhûzen út acht ferskillende iuwen. Oan 'e Markt stiet it renêssânse-riedshûs mei it byld fan Roland. Súd dêrfan leit de Slotberch mei de romaanske stiftstsjerke en de tsjerkeskat, dy't tsjûgje fan it eardere stift. Ek de Münzenberg mei de romaanske kleastertsjerke Sinte-Marij (St. Marien) en yn 'e delling dêrtusken de romaanske Sint-Wigberttsjerke (St. Wiperti), de oanbuorjende abdijtún en it Brühlpark hearre ta it wrâlderfgoed.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Untstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Quedlinburg waard foar it earst as villa quae dicitur Quitilingaburg op 22 april 922 neamd. De East-Frankyske kening Hindrik de Fûgelder hie hjir syn palts, dêr't it belangrykste kristlike feest fierd waard, nammenlik Peakse. It wie ek by dy palts dêr't de doetiidske Saksyske hartoch Hinrik op 'e fûgeljacht krige te hearren dat syn konkurrint Koenraad I fan Franken him oanwiisde as opfolger as Dútsk kening. Nei syn kroaning yn 919 waard Quedlinburg de haadstêd en dêrmei feitlik de haadstêd fan it Hillige Roomske Ryk. Nei de dea fan Hindrik yn 936 waard er yn 'e kapel fan syn palts op 'e Schlossberg begroeven. Syn widdo Matilde stifte dêr tegearre mei syn soan Otto I in frouljusabdij om dêr't foar it sieleheil fan 'e kening te bidden. Matilde bleau oant har dea yn dy abdij en waard dêr ek begroeven. Sûnt 944 mocht de ryksfrije abdij eigen munten slaan en sa koe oan 'e foet fan 'e Schlossberg in hannelsstêd ûnstean.
Untwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken twa besteande delsettings, Nördlingen en in doarp wêrfan 't de namme net bekend is, begûnen hannelslju harren nei wenjen te setten. Dat doarp krige yn 994 merkrjochten en groeide fluch. De tolfrijheid fan 'e Quedlinburger keaplju droech by oan 'e wolstân fan 'e groeiende stêd. Yn 'e 12e iuw waard bûten de stedsmuorre in nije stêd oanlein, de Neustadt, dy't in geometrysk strjittepatroan krige.
Quedlinburg foarme sûnt 1326 mei Halberstadt en Aschersleben 150 jier it Halberstâdter Dreistädtebund. Yn 'e fjouwer iuwen dêrnei gie it Quedlinburg ekonomysk foar de wyn. Sûnt 1330 waard de âlde stêd mei de Neustadt ien gehiel binnen deselde stedsmuorren en tenei presintearre de twa dielen harren allinne noch as de stêd Quedlinburg.
De selsbewuste stêd krige jimmeroan mear aspiraasjes en gedroech him ek mear as in frije ryksstêd, itjinge docht bliken út de ynfiering fan 'e ryksearn yn it stedswapen. Mar formeel hearske de abdis oer de stêd. Yn 'e tiid fan abdis Hedwig fan Saksen waard de stêd al te heechmoedich en in plan fan 'e ried om harren fan 'e abdis te befrijen late yn 1477 ta in grut konflikt. De ynwenners besochten Hedwig mei wapens út de stêd te ferdriuwen, mar Hedwig frege help fan har bruorren, Ernst en Albrecht fan Saksen, dy 't troepen stjoerden. De stêd moast belies jaan en Quedlinburg waard twongen om alle stêdebûnen te ferlitten. It stânbyld fan Roland, it symboal fan 'e Merkfrijheid en stedske ûnôfhinklikens, waard delhelle en stikken slein. De stedsried liet de stikken opslaan en yn 1869 waard Roland wer foar it riedshûs opsteld. Yn 2013 folge in restauraasje fan it byld.
Reformaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Boerekriich waarden de fjouwer kleasters yn 'e stêd ferneatige. De reformaasje waard yn 1539 ynfierd en it stift waard sûnt in protestantsk sekulier stift. Sûnt de ôfrin fan 'e Tritichjierrige Kriich libbe de stêd wer op. Ut dy tiid datearje de measte fakwurkhûzen, alhoewol't de twa grutte stedsbrannen fan 1676 en 1797 grutte dielen fan 'e stêd ferneatigen.
18e - 19e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blommetyld en de produksje fan plantesied soarge yn 'e 18e en benammen yn 'e 19e iuw wer foar in nije ekonomyske oplibbing. Der waard goed jild fertsjinne en dy groeiende wolstân soe letter ta útdrukking komme troch de bou fan in rige Jugendstil-filla's. De oprjochting fan in sûkerfabryk yn 1834 wurke as in katelysator foar de ûntwikkeling fan lânbouleveransiers en grutte bedriuwen. De ûntwikkeling fan feredelingsmetoades, it oansluten op it spoar en in iere ruilferkavelning (1834-1858) setten de earste stappen yn 'e rjochting fan in mondiaal ekonomysk belang fan Quedlingburg yn 'e siedferedelingssektor. Sûnt de ein fan 'e 19e iuw naam ek it ekonomysk belang fan 'e grienteferedeling ta.
Mei it Reichsdeputationshauptschluss yn 1803 wie der ek in ein oan it protestantske stift Quedlinburg kommen; de gebouwen op 'e Schlossberg gyngen oer yn Prusyske hannen.
20e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Earste Wrâldkriich lei noardeastlik fan Quedlinburg in kamp foar kriichsfinzenen. Yn 48 barakken en trije bûtenkampen waarden dêr oant 12.000 Russyske, Belgyske en Ingelske kriichsfinzenen finzen holden, dy't fral by de boeren wurkje moasten.
Yn 'e tiid fan it nasjonaalsosjalisme waard de 1000-jierrige betinking (936-1936) fan kening Hindrik I troch de SS-ers in gaadlik barren foar de NS-propaganda beskôge. Heinrich Himmler ûntwikkele sûnt 1936 in kultus om de kening hinne en waard sels as in reïnkarnaasje fan kening Hindrik sjoen, itjinge him neffens syn arts Felix Kersten tige oan stie. Yn Quedlinburg waarden de krypt fan 'e Wigberttsjerke en de Sint-Servaastsjerke yn beslach nommen en ynrjochte as SS-hillichdommen. Alle jierren waarden op 2 july spesjale festiviteiten organisearre dy't Himmler oant 1939 persoanlik bywenne. Yn 1937 waarden de festiviteiten opwurdearre mei it nijs dat it ferlerne bonkerak fan Hindrik I wer fûn wiene. Nei de oarloch waarden dy troch de SS presintearre fynsten ûndersocht en it die bliken dat de bonken swiere ferfalskingen wiene. De festiviteiten waarden foar it lêst yn 1944 organisearre.
Yn 'e wike foardat op 19 april 1945 de Amerikanen de stêd hast sûnder slach ynnamen, waarden dielen fan de V 2, dy't op wagons op it stasjon opslein wiene, bûten de stêd brocht. Dêrmei waarden bombardeminten tefoarren kommen en sa bleau de skea beheind ta it gefolch fan artilleryfjoer.
Nei de oarloch lei Quedlinburg yn 'e DDR. De histoaryske binnenstêd waard yn dy tiid bot ferwaarloazge. Sûnt de Wende is de binnenstêd wer restaurearre.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd bestiet út 7 Ortsteile:
- Quedlingburg
- Münchenhof (4 km noardlik)
- Gernsdorfer Burg (3 km súdeastlik)
- Morgenrot (4 km eastlik)
- Quarmbeck (4 km súdlik)
- Bad Suderode (sûnt 1 jannewaris 2014)
- Gernrode ((sûnt 1 jannewaris 2014)
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de ein fan 'e midsiuwen oant yn 'e 19e iuw skommele it ynwennertal fan 'e stêd oant heechút 10.000 ynwenners. De yndustrialisaasje soarge foar groei en yn 1950 helle de stêd mei 35.426 de heechste stân ea. Sûnt sette wer in delgong fan it ynwennertal yn, fral nei 1990. Wurkleazens en in sakjend bertesifer wiene de wichtichste oarsaken fan dy delgong.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e binnenstêd steane mear as 2.000 fakwurkhûzen. De âldsten datearje noch fan foar de reformaasje. Fan 'e stedsmuorre út 1330 is mei in tsiental tuorren noch in grut part bewarre bleaun. Oarspronklik hie de stêd ek noch fjouwer poarten, mar dy ha it net oerlibbe.
De romaanske Sint-Servaastsjerke is de fjirde tsjerke op it plak nei't Hindrik de Fûgelder yn 936 in paleiskapel bouwe liet en datearret út de ein fan 'e 11e iuw. De krúsbasilyk hat twa westlike tuorren en in dwersskip dat net folle breder is as it skip. It goatyske koer út 1320 leit boppe de krypt, dêr't ek de abdissen fan 'e abdij begroeven waarden.
Yn it oarspronklike kastiel út de 10e iuw stifte Matilde, de widdo fan kening Hindrik de Fûgelder, in abdij. It hjoeddeiske kastiel ûntstie wer út de gebouwen fan 'e abdij en bestiet út in 15e-iuwske kastielpoarte en in slot mei 16e-iuwske gevels yn 'e renêssânsestyl.
Oare tsjerken binne de romaanske Sint-Wigberttsjerke (Wipertikirche) súdwest fan 'e Schlossberg, de letgoatyske Sint-Benediktustsjerke (Benediktikirche of Marktkirche) oan 'e Markt, de Blasiustsjerke (Blasiikirche), de Sint-Nikolaastsjerke (Nikolaikirche) yn Neustadt en de Sint-Egidiustsjerke (Ägidiikirche)
Likernôch 9 km súd fan Quedlinburg leit it Ortsteil Gernrode, dêr't fral de romaanske stiftstsjerke Sint-Syriakus it besjen wurdich is. Súdeast fan Quedlinburg begjint it eastlike ein fan 'e Duvelsmuorre (Teufelsmauer), in markante rotsformaasje yn it lânskip dêr't yn 'e rin fan 'e tiid in soad sages en mytes oer ûntstiene. De Duvelsmuorre is likernôch 20 km lang en leit fan Ballenstedt yn it easten oer Rieder en Weddersleben oant Blankenburg yn it westen. De Duvelsmuorre heart ta de âldste natoerbeskermingsgebieten fan Dútslân.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Klopstockhaus
- Feininger Museum
- Schlossmuseum
- St. Wiperti
- Mitteldeutsches Eisenbahn- & Spielzeugmuseum
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Finkenherd.
-
Fleischhof.
-
Merk.
-
Nikolaasstsjerke.
-
Münzenberg.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Quedlinburg
|