Sint-Martinustsjerke (Lahnstein)
Sint-Martinustsjerke | ||
De Sint-Martinustsjerke yn 2023. | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
plak | Lahnstein | |
adres | Kirchstraße | |
koördinaten | 50° 18' N 7° 36' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Limburch | |
patroanhillige | Martinus fan Tours | |
Arsjitektuer | ||
boujier | Sûnt 1190 | |
boustyl | romaansk, gotysk, barok, neogotyk | |
Webside | ||
Parochy Sint-Martinus en Sint-Damianus | ||
Kaart | ||
De Sint-Martinustsjerke (Dútsk: St.-Martin-Kirche) is in roomske parochytsjerke yn Oberlahnstein, in Ortsteil fan Lahnstein, yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste dielen fan 'e tsjerke binne de om 1190 hinne boude letromaanske tuorren oan wjerskanten fan it koer. Oarspronklik stiene dy tuorren oan in eardere basilyk. Oan 'e de noardlike toer is fierder neat feroare, wylst de súdlike toer yn 'e 14e iuw in goatyske spits krige. It hjoeddeiske goatyske koer mei twa krúsferwulften ferfong yn 1332 it âlde koer.
Yn 1775 waard it romaanske middenskip ôfbrutsen en oant 1777 yn 'e styl fan in halletsjerke ferfongen troch in barok middenskip. Tusken 1895 oant 1899 waarden de sydskippen mei apsiden yn neogoatyske styl tafoege. Krekt wat earder waard yn 1864 de súdlike toer mei in ferdjipping ferhege.
De sokkels fan 'e tuorren waarden yn 1954 oant it plafond ferfongen troch staalkonstruksjes, sadat de tsjerke fan binnen fergrutte wurde koe en it heechalter in plak tusken de tuorren krije koe. Oan it begjin fan 'e jierren 1970 ferhûze it heechalter yn it ramt fan 'e fernijing fan 'e alterromte nei it rjochter sydskip en sûnt is der net mear in soad feroare.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It haadportaal mei dêrboppe in sânstiennen byld fan de patroanhillige mei syn biskopsstêf en in guos leit oan 'e westlike kant fan 'e tsjerke.
Yn 'e tsjerke wurdt in goatysk byld fan in Annatrits (Anna mei Marije en it bern Jezus) en in fesperbyld út it ein fan 'e 15e iuw bewarre, dy't oarspronklik út de fanwegen de útwreiding fan it spoar yn 1903 ôfbrutsen en letter yn 'e Max-Schwarz-Straße weropboude Wenzelkapel stamt. De grutte barokke bylden fan Jehannes de Doper, Jehannes de Evangelist en de Mem Gods stiene oant de sekularisaasje yn it premonstratinzerske kleaster Rommersdorf by Neuwied.
Yn it rjochter sydskip stiet it eardere neogoatyske heechalter út 1905 mei foarstellings út it libben fan Martinus fan Tours. It Sint-Joazefalter yn it lofter sydskip is ek neogoatysk en waard yn 1911 troch P. Tillmanns út Erkelenz boud. By de rjochter tagong is in foarstelling fan 'e hillige Antonius, dy't yn 1919 troch Caspar Weis út Oberlahnstein makke is.
It moderne alterkrús waard yn 1974 yn it ramt fan 'e modernisearing fan it preesterkoer ophongen.
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sint-Martinustsjerke hat fiif klokken mei in totaal gewicht fan 13,6 ton. De swierste klok is de Martinusklok mei in gewicht fan 5,7 ton. It is de grutste klokke oan 'e Middenryn.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boppe de westlike barokke galerij fan it middenskip stiet in belangryk Stumm-oargel út de jierren 1742-1744. It oargel waard boud troch Johann Michael Stumm en hat 21 registers. De firma Johannes Klais Orgelbau út Bonn restaurearre foar it lêst yn 1968 it oargel yngreven.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:St. Martin (Lahnstein)
|