Springe nei ynhâld

Lahnstein

Ut Wikipedy
Lahnstein
Burg Lahneck
Burg Lahneck
Emblemen
               
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
Kreis Rhein-Lahn-Kreis
Sifers
Ynwennertal 18.111 (31 desimber 2021) (gemeente) (2021)
Oerflak 37,62 km²
Befolkingsticht. 481 ynw./km²
Hichte 74 m.
Oar
Postkoade 56112
Koördinaten 50° 21' N 7° 35' E
Offisjele webside
www.lahnstein.de
Kaart
Lahnstein (Rynlân-Palts)
Lahnstein

Lahnstein is in stêd yn 'e Rhein-Lahn-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts en bestiet út de sûnt 7 juny 1969 gearfoege plakken Niederlahnstein en Oberlahnstein. De monuminten fan de stêd hearre sûnt 2002 ta it UNESCO-wrâlderfskip Boppe Middenryndelte.

Yn 369 lieten de Romeinen in fêsting bouwe op it plak dêr’t de rivier de Lahn de Ryn yn rint, it tsjintwurdige stedsdiel Niederlahnstein. Aartsbiskop Siegfried III fan Eppstein boude hjir yn 1226 in kastiel om syn ynfloedsfear feilich te stellen. Yn it jier 1542 ware de pest yn de kontreien fan Lahnstein om. Yn de Tritichjierrige Oarloch waarden de beide stedsdielen ôfwikseljend beset fan keizerlike, Sweedske, Frânske en Hessyske troepen. Tusken 1795 en 1800, yn de tiid fan de fjildtocht fan Napoleon, waarden Oberlahnstein en Niederlahnstein beset troch Frânske, Eastenrykske, Prusyske en Russyske troepen. Nei de Earste Wrâldkriich folge op’e nij in Frânske besetting.

De synagoge fan Lahnstein waard yn 1938 ferwoastge. Yn de Twadde Wrâldkriich wie de stêd it doel fan alliearde bombardeminten.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Burg Lahneck mei in 29 meter hege fiifhoekige toer waard yn 1226 troch de karfoarst Siegfried II fan Eppstein stifte.
  • It Schloss Martinsburg datearret fan 1298 en is oprjochte as part fan de stedsferdigening en as tolboarch. De boarch is ferskate kearen ferboud. Yn de gruttendiels barokke boarch binne wenningen, in praktyk, in munthûs en in museum ûnderbrocht.
  • Fan de stedsmuorre binne op tal fan plakken dielen bewarre bleaun. Yn de Hexenturm út 1324 húsmannet no in museum.
  • It Alte Rathaus is in fakwurkgebou fan trije ferdjippingen út de 15e iuw.
  • De katolike Pfarrkirche Sankt Martin is fan 1190, mar is neitiid faak ferboud en útwreide.
  • De Hospitalkapelle St. Jakobus is in romaanske tsjerke oan it Jabikspaad. Dêr waard by opgravings in bonkerak fan in pylger mei in skelp fûn.
  • De Wenzelkapelle waard yn 1905 boud fan it sloopmateriaal fan in 14e-iuwske tsjerke, dy't fanwegen de útwreiding fan it spoar yn 1903 sloopt wurde moast.
  • Yn it Oberlahnsteiner Stadtwald binnen de spoaren fan in Romeinske wâl tsjin de Germanen te finen.

Niederlahnstein

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Johanniskirche en it Johanniskloster fan de kongregaasje fan it Allerhilligste Hert fan Jezus en Maria. De tsjerke is in romaanske basilyk út 1130.
  • It Wirtshaus an der Lahn (Herberch oan de Lahn) is in fakwurkgebou út 1697 mei in toer út 1348. Johann Wolfgang von Goethe hat hjir op 18 july 1774 op syn reis by de Lahn del west.
  • De Allerheiligenbergkapelle (neogotyk, 1895) en it kleaster (1671) binne in beafeartsplak.
  • De Pfarrkirche St. Barbara waard yn de jierren 1937-1939 troch de arsjitekt Martin Weber boud.
  • Troch de Ruppertsklamm is in kuierrûte oanlein tusken hege rotsen.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lahnstein fan Wikimedia Commons.